De 1ste edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 1 oant en mei 19 july 1903.

Op 19 jannewaris, waard de earste Omgong fan Frankryk oan de parse foarsteld. Dit foarstel waard lykwols net fuortendaliks entûsjast ûnthelle, sadat de inisjatyfnimmers bang wiene dat de Omgong der nea komme soe. In wike foar it sluten fan de ynskriuwingen hiene mar 15 hurdfytsers harren ynskreaun. Dat wie op 6 maaie. De earste Omgong soe begjinne op 1 juny en duorje oant 5 july.

Fan needs moast Desgrange al in tal dingen tajaan. De earste Omgong soe pas op 1 july 1903 úteinsette en it startjild waard troch de helte dien. Uteinlik skreaune 108 hurdfytsers harren yn, en 60 dêrfan ferskynden op 1 july ek echt oan de startline. De Omgong bestie út seis etappes. Om nei te gean oft de hurdfytsers it foarsjoene parkoers ôfleine, wiene ûnderweis kontrôleposten ynstallearre. Uteinlik rieden fan de 60 mar 21 hurdfytsers de wedstriid út. Maurice Garin wûn mei in foarsprong fan hast trije oeren op de nûmer twa, al wie it, de perikels yn de omgong fan it dêropfolgjende jier yn acht nommen, wol de fraach oft er echt de hiele omgong op de fyts folbrocht hie.

Etappe-oersjoch Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder 1 july 1ste Parys - Lyon 467 km Maurice Garin Maurice Garin 5 july 2e Lyon - Marseille 374 km Hippolyte Aucouturier 8 july 3e Marseille - Toulouse 423 km Hippolyte Aucouturier 12 july 4e Toulouse -Bordeaux268 km Charles Laeser 13 july 5e Bordeaux - Nantes425 km Maurice Garin 18 july 6e Nantes - Parys (Ville d'Avray)471 km Maurice Garin Datum Etappe Start –Finish Ofstân(yn km) Type Winner 20px|Giele trui Klassemintslieder

1903 Kategory:Barren yn 1903