El Cid is in Amerikaansk-Italjaansk-Spaanske histoaryske biografyske romantyske oarlochs- en dramafilm út 1961 ûnder rezjy fan Anthony Mann. De film waard opnommen yn Technicolor, mei Charlton Heston en Sophia Loren yn 'e haadrollen. De titel ferwiist nei El Cid (±1043-1099), wiere namme: Rodrigo Díaz fan Vivar, in ferneamde histoaryske kriichshear út it Keninkryk Kastylje dy't yn Spanje noch altyd de status fan folksheld hat. De bynamme komt fan it Arabyske al-Sajid, dat "de Hear" betsjut. De plot fan 'e film folget El Cid by syn stoarmeftige romantyske relaasje mei de tsjeppe frouwe Ximena, syn belutsenens by de politike yntriizjes tusken de bern fan kening Ferdinand I fan Kastylje en Leön, en syn striid yn it selskip fan sawol kristlike Spanjerts as islamityske Moaren tsjin 'e ynvaazje troch Berberske bedoeïnen fan 'e Almoravidyske Dynasty út Noard-Afrika. El Cid krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 3 Oscars en 3 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.
Plot Yn 'e alfde iuw is it Ibearysk Skiereilân ferdield yn in stikmannich kristlike keninkriken yn it noarden en in stikmannich islamityske emiraten yn it suden. De moslims op it skiereilân wurde Moaren neamd en de kristenen Spanjerts. De foarâlden fan 'e Moaren hawwe yn 'e achtste iuw it hiele Ibearysk Skiereilân hast ferovere, útstein Astuerje, Kantaabrje en it Baskelân oan 'e noardkust. Yn letter iuwen binne de Spanjerts begûn oan 'e Reconquista, wêrby't se de Moaren stadichoan nei it suden ta weromdriuwe. Tsjin 'e alfde iuw binne de grinzen tusken de kristlike en islamityske riken fierhinne fêst kommen te lizzen en hoewol't der noch wol frij geregeldwei fochten wurdt, boekt gjinien fan beide partijen mear in protte foarútgong.
It is dan, dat ibn Jûsûf, de oanfierder fan 'e Berberske bedoeïnen fan 'e Almoravidyske Dynasty yn Noard-Afrika, dy't in ekstremistyske foarm fan 'e islaam oanhingje, de Strjitte fan Gibraltar oerstekt. Hy ropt de Moarske emirs by him en beskrobbet harren om't se har leaver oerjouwe oan poëzij en lânbou as oan it tsjinjen fan 'e islaam en it fieren fan 'e hillige oarloch. Hy hjit harren om har ta te rieden op striid, want hy is fan doel om mei syn leger út Noard-Afrika oer te kommen en regaad te meitsjen op it Ibearysk Skiereilân troch de Spaanske keninkriken ûnder fuotten te heljen en de kristenen út te rûgjen. Dêrnei wol er de Pyreneeën oerstekke om 'e rest fan Jeropa te feroverjen.
Net folle letter is don Rodrigo Díaz fan Vivar, in jonge ealman yn it kristlike Keninkryk Kastylje, mei in gefolch oan ridders ûnderweis nei syn brulloft as it selskip op in Kastyljaansk doarp stjit dat noch mar krekt plondere en yn 'e brân stutsen is troch in Moarsk leger. Rodrigo-en-dy sette de oanfallers efternei en witte twa fan 'e Moarske lieders, de emirs Al-Mû'tamiin fan Zaragoza en Al-Kadir fan Falinsia, kriichsfinzen te nimmen. Mei't er de sinleaze syklus fan oarlochfiering omreden fan wraak en wjerwraak trochbrekke wol, beslút Rodrigo de beide Moarske foarsten frij te litten op it betingst dat se in plechtige eed swarre om nea wer de lannen fan 'e kening fan Kastylje oan te fallen. Dat dogge se, en Al-Mû'tamiin neamt don Rodrigo dan al-Sajid, Arabysk foar "de Hear" of "Mynhear". Yn 'e Spaansktalige ferbastering El Cid wurdt dat Rodrigo syn bynamme.
Om't de heechpleatste kriichsfinzenen al foàr harren frijlitting opeaske wiene út namme fan kening Ferdinand I fan Kastylje en Leön, wurdt Rodrigo neitiid oan it hof fan Kastylje troch greve García Ordóñez beskuldige fan lânferrie. Dy beskuldiging wurdt stipe troch greve Gormaz fan Oviedo, de foarfjochter fan 'e kening en de heit fan doña Ximena (útspr.: "sjimenna"), mei wa't Rodrigo trouwe soe. De trouwerij kin no net trochgean, ek al binne Rodrigo en Ximena smoarfereale op inoar. Gormaz wol dat Ximena ynstee mei García trout, mar dat wegeret se. Sterker noch, se beävensearret in geheime moeting mei Rodrigo as har heit syn beskuldiging foar de kening bringt. Dêr wurdt Rodrigo ferdigene troch syn eigen heit, don Diego Díaz, in ealman op jierren, dy't in duël útlokket troch Gormaz in liger te hjitten.
Letter siket Rodrigo Gormaz yn syn fertrekken op. Hy freget neat foar himsels, mar smeekt Gormaz om him te ûntskuldigjen foar syn heit oer, mei't it foar eltsenien dúdlik is dat de âldman yn in duël net tsjin Gormaz opwoeksen is. Gormaz wegeret dat lykwols, wêrnei't Rodrigo op slach syn swurd lûkt om daliks yn it plak fan syn heit it duël út te fjochtsjen. Nei't hy as earste syn tsjinstanner in wûne tabrocht hat, stelt Rodrigo foar om dêrmei it duël foar beslist te ferklearjen, mar Gormaz wol fan gjin wiken witte. Hy wit Rodrigo ferskate kearen op in hier nei te deadzjen, mar úteinlik it is Rodrigo dy't oan it langste ein lûkt en Gormaz deadlik ferwûnet. Krekt op dat stuit komt fouwe Ximena deryn. Gormaz stjert yn 'e earms fan syn ienlingsdochter, mar net foar't er har oplein hat om him te wreekjen. Neitiid slacht de leafde fan Ximena foar Rodrigo om yn haat en swart se dat se net rêste sil foar't er dea is.
As kening Ramiro I fan Aragon heart dat de foarfjochter fan Ferdinand fan Kastylje dea is, riidt er nei it Kastyljaanske hof ta en easket er de grinsstêd Calahorra op, dêr't Kastylje en Aragon allebeide oanspraak op meitsje. Ferdinand wegeret de stêd op te jaan, wêrnei't Ramiro driget mei oarloch, mar as alternatyf foarstelt en lit it besit fan 'e stêd foargoed besljochtsje troch in duël fan harren respektivelike foarfjochters. Rodrigo freget kening Ferdinand om it plak fan Gormaz ynnimme te meien, sadat it duël mei-iens ek in godsgerjocht wurdt: as Rodrigo ferliest, hiene Gormaz en García Ordóñez gelyk en wied er skuldich oan lânferrie; as er wint, is er lykwols fan ferrie frijsprutsen troch God sels. Ferdinand stimt dêrmei yn. Rodrigo wit it duël tsjin 'e Aragoneeske foarfjochter don Martín te winnen, en dêrtroch wurdt eltse besmodzging fan syn namme útwiske.
Neitiid is Rodrigo de nije foarfjochter fan 'e kening fan Kastylje. Yn dy hoedanichheid wurdt er der mei in legermacht op út stjoerd om skatting te ynjen fan 'e ûnwillige Moarske fazallen fan 'e kening. Ximena spant gear mei García Ordóñez, dy't fereale op har is, en ûnthjit him dat se mei him trouwe sil as er Rodrigo út 'e wei rommet. It plan giet lykwols fan García út, dy't mei Rodrigo op reis sil om 'e skatting op te heljen en al prikken yn it wurk steld hat om mei Rodrigo ôf te weven. Ear't er ôfset, freget Rodrigo lykwols fan Ferdinand in beleanning as er syn taak ta in goede ein bringt: om mei Ximena trouwe te meien, sadat er foar har soargje kin no't er har mei de dea fan har heit har hiele famylje ôfnommen hat. Kening Ferdinand liket dat skoan ta.
García lokket Rodrigo yn in mûklaach fan 'e troepen fan emir Al-Kadir fan Falinsia, dy't dêrmei de eed brekt dy't er oan Rodrigo sward hie. Rodrigo wurdt lykwols rêden troch de tuskenkomst fan Al-Mû'tamiin fan Zaragoza en syn mannen, dy't Al-Kadir-en-dy ûnferwachts oanfalle en op 'e flecht jeie. Kroanprins Sancho, dy't ek mei is, wol de ferrieder García fuortendaliks eksekutearje, mar Rodrigo leit dêr it near op en lit García frij, mei't er, sa seit er, syn houlik net mei noch mear bloed besmodzgje wol. Nei syn weromkear oan it hof kriget Rodrigo frouwe Ximena ta frou. Sy wurket lykwols inkeld mei oan it houlik, sa fertelt se him letter, om't it him opfrette sil om har wol ta frou te hawwen, mar nea har leafde te krijen. Rodrigo wegeret har lykwols oan te reitsjen as se harsels net út leafde oan him jout. Ximena siket in hinnekommen yn in kleaster.
As kening Ferdinand komt te ferstjerren, beoarderet er op syn stjerbêd, ynskúnd troch syn dochter Urraca, dat syn keninkryk opspjalten wurde moat: kroanprins Sancho sil kening wurde oer Kastylje, syn twadde soan, prins Alfûns, sil kening wurde oer Leön en Astuerje, en Urraca sels komt te regearjen oer de stêd Calahorra. Sancho, dy't op dat stuit net oanwêzich is, kriget dit fan Alfûns te hearren as er weromkomt. Hy wegeret lykwols in ferdield ryk te akseptearjen. De bruorren krije spul dat sa út 'e hân rint dat se slaande deilis reitsje en inoar úteinlik sels mei de dagge te liif geane. Sancho kin syn jongere broer wol oer, en inkeld it yngripen fan Urraca komt foar dat er Alfûns deadocht. Ynstee lit er Alfûns dan yn 'e boeiens slaan en ôffiere nei Zamora, om dêr yn 'e tsjerker smiten te wurden. Underweis wurdt it selskip lykwols opwachte troch Rodrigo, dy't kening Ferdinand in eed sward hat om al syn bern yn gelikense mjitte te tsjinjen. Hy nimt it allinnich op tsjin 'e trettjin soldaten dy't prins Alfûns bewekje en ferslacht harren mei de help fan 'e prins. Neitiid bringt er Alfûns nei Calahorra, dêr't er ûnder beskerming fan prinsesse Urraca stean sil.
As kening Sancho heart wat der bard is, slacht er mei in leger belis foar Calahorra en easket fan Urraca dat se Alfûns oan him útleveret. Hja wegeret en freget Rodrigo om help. Hy antwurdet lykwols dat er har net helpe kin, om't syn eed net talit dat er ien fan 'e bern fan kening Ferdinand tsjin in oarenien bystiet. Underwilens docht ibn Jûsûf de stêd Falinsia oan, dy't it strân behearsket dêr't er syn bedoeïnetroepen út Noard-Afrika oan lân sette wol. Hy spant Al-Kadir, de ferriedlike emir fan Falinsia, heal ûnwillich foar syn karke, en lit in garnizoen efter om derop ta te sjen dat Al-Kadir gjin healwize dingen docht, lykas oerrinne. Om 'e kristlike fijân te ferswakjen, hiert ibn Jûsûf in Spaanske kriichsman yn, in Dolfos, dy't foarhinne in fertrouling fan kening Ferdinand fan Kastylje wie. Dyselde betellet er om Sancho te fermoardzjen en it lykje te litten as sit Alfûns efter de moard. Alfûns sil dêrtroch kening fan Kastylje wurde, mar syn eallju sille him net mear fertrouwe om't se him as bruorremoardner sjogge.
Dolfos reizget nei Calahorra, dêr't er him ek noch troch Urraca betelje lit om Sancho út 'e wei te romjen. Alfûns is lykwols alhiel net yn 'e saak behelle. Dolfos lokket Sancho út syn legerkamp wei en stekt him op in ôfhandich plak fan efteren del. Rodrigo, dy't de beide mannen folge is om't er it spul net rjocht stiet, sjocht wat der bart, mar is te fierôf om it tsjin te kearen. Wol deadet er Dolfos en is er by Sancho as dy ferstjert. By de kroaning fan Alfûns as kening fan Kastylje is Rodrigo de iennichste fan 'e oanwêzige eallju, dy't wegeret foar him te knibbeljen. Troch syn status as foarfjochter en syn eardere rêding fan Alfûns is er by steat om 'e nije kening te twingen om mei syn hân op 'e Bibel trije eden te dwaan: dat er Sancho net fermoarde hat, dat er gjin opdracht ta de moard op Sancho jûn hat en dat er gjin plannen foar de moard op Sancho makke hat. Dêrmei dwerseidet Rodrigo folslein it plan fan ibn Jûsûf om twaspjalt te siedzjen tusken kening en adel.