Stasjon Bunnik (Bnk), iepene op 20 maaie 1884, is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bunnik yn de provinsje Utert. It stasjon leit oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten).
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Bunnik waard iepene yn 1884, yn 1901 krige it stasjon in stasjonsgebou, in lyts stasjonsgebouke njonken in loket mei kantoarke hie it asymmetryske gebouke twa wachtromten. It stasjon waard sletten yn 1938, it gebou waard yn 1958 ôfbrutsen. It stasjon waard yn 1972 weriepene, sa'n 800 meter westliker fan it oarspronklike plak. Der kaam by de weriepening gjin nij gebou, it stasjon krige in abry, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, in pear parkearplakken. Yn 2016 binne der twa liften by it stasjon boud om it stasjon tagonklik te meitsjen foar reizgers mei in rolstoel.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster7300Sprinter (NS)Breukelen – Bunnik – Utert-Sintraal – Driebergen-Zeist – Veenendaal Sintrum – Rhenen7400Sprinter (NS)Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Bunnik – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist
Kategory:Bouwurk yn Bunnik Bunnik Kategory:Bouwurk út 1901 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1958