Jack the Giant Slayer is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2013 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrollen Nicholas Hoult, Eleanor Tomlinson en Ewan McGregor. De titel betsjut "Jack de Reuzedeader". De film is basearre op 'e mearkes Jaap en de Beanstôk en Jaap de Reuzedeader. It ferhaal giet oer de boerefeint Jack, dy't by fersin in tagong iepenet tusken de wrâld fan 'e minsken en it lân fan 'e minskeslinende reuzen yn 'e loft. As prinsesse Isabelle troch de reuzen finzen nommen wurdt, weaget Jack, dy't fereale op har rekke is, syn libben om har te rêden. Fan 'e filmkritisy krige Jack the Giant Slayer mingde resinsjes en yn 'e bioskopen rûn it mei de film út op in flop.

Plot Yn it Keninkryk Cloister reitsje sawol prinsesse Isabelle, de ienlingsdochter fan kening Brahmwell, as Jack, de soan fan in earme komelker, al op jonge jierren fassinearre troch de leginde fan Earik de Grutte. Dat is in kening dy't lang ferlyn in leger fan minskeslinende reuzen ferslein hawwe soe troch de wêzens syn wil op te lizzen mei in magyske kroan dy't makke wie fan deselde stiensoarte as harren hurde herten. Sa slagge it him om 'e reuzen op te sluten yn in lân heech yn 'e loft, dêr't se foar ivich finzen sieten.

Tsien jier letter wurdt Jack, no in weesjonge dy't by syn omke ynwennet, nei stêd stjoerd om syn hynder te ferkeapjen, sadat it boerespultsje fan syn omke net oer de kop gean sil. Op 'e merk yn 'e haadstêd sjocht Jack in tsjeppe jongfaam dy't troch in stikmannich ferfelende keardels lestich fallen wurdt. It is sawol foar himsels as foar it fanke leafde op it earste gesicht. Jack springt dertuskenyn en ferdigenet de jongfaam oant sy beiden ûntset wurde troch in stikmannich leden fan 'e Keninklike Wacht ûnder lieding fan kaptein Elmont. Pas dan kriget Jack foar it ferstân dat er fereale rekke is op 'e prinsesse.

Underwilens ûntdekt hear Roderick, de rykskonstabel fan Cloister, dy't de machtichste man fan it ryk is nei kening Brahmwell sels, dat er bestellen is troch in mûnts. Dyselde hat de magyske beantsjes weinommen dêr't Roderick ferlet fan hat om 'e macht yn it keninkryk oer te nimmen. Op 'e merk wurdt Jack oansprutsen troch in mûnts, dy't him in stikmannich magyske beantsjes as ûnderpân foar syn hynder oanbiedt. Mei't de man in geastlike is, fertrout Jack him as er seit dat er syn skuld letter ynlosse sil.

Yn it keninklik kastiel redendielt prinsesse Isabelle wilens mei har heit, de kening. Sy wol derop út om it keninkryk te ferkennen, mar kening Brahmwell wegeret dêr tastimming foar te jaan. Ynstee wol er dat syn dochter risselwearret foar har oansteande houlik mei de folle âldere hear Roderick, oan wa't Isabelle in hekel hat. Neitiid glûpt de prinsesse temûk it kastiel út en riidt fuort, op 'e siik nei aventoer. As Jack thúskomt fan 'e merk mei inkeld in pear "magyske" beantsjes, is syn omke poerrazen. Hy beskrobbet Jack danich, smyt it iene beantsje fuort dat Jack him yn 'e hân drukt hat om it te besjen, en ferlit opsternaat it hûs.

Wannear't it begjint te stjalpreinen hinget Jack in baarnende lantearne bûtendoar om syn omke it paad werom nei hûs te wizen yn dit hûnewaar, mar ynstee is it Isabelle dy't op it ljocht ôfkomt. Jack lit har deryn, wylst it troch syn omke fuortsmiten beantsje ûnder de flierplanken fan it hûs, dêr't it hinne saaid is, woartelsjit troch de rein. It beantsje blykt yndie magysk te wêzen, want der waakst yn mar inkele mominten in ûnbidige beanstôk út, dy't sa grut wurdt as in iuwenâlde beam en heech de loft yn sjit. Dêrby wurdt it hiele hûs meisleept de loft yn. Prinsesse Isabelle komt yn it hûs fêst te sitten en wurdt troch de beanstôk meifierd omheech, wylst Jack, nettsjinsteande syn krewearjen om har te rêden, weromfalt nei de grûn en út 'e tiid rekket.

De oare deis, as Jack wer by sûpe en stút komt, wurdt er konfrontearre mei in lulke kening Brahmwell en syn gefolch, dy't it spoar fan 'e prinsesse nei it boerespultsje fan Jack en syn omke folge binne. As Jack ferteld hat wat der bard is, beslút de kening om kaptein Elmont mei syn bêste mannen omheech te stjoeren om 'e prinsesse te sykjen. Hear Roderick en syn feint Wicke jouwe har by de groep, en Jack biedt him ek as frijwilliger oan. Se klimme by de beanstôk op omheech, mar as it tsjuster wurdt sabotearret Wicke yn opdracht fan hear Roderick de misje troch it tou troch te snijen dêr't de fjouwer man ûnder harren oan hingje, dat dy te pletter falle. Sadwaande berikke de oare moarns mar seis man de top fan 'e beanstôk: Jack, Elmont mei twa fan syn mannen: Crawe en Bald, en Roderick en Wicke.

Oan 'e top fan 'e beanstôk ûntdekke se in wielderich begroeid lân dat yn 'e loft sweeft. In fuotprint yn 'e drek makket dúdlik dat prinsesse Isabelle dêr op ferkenning útgien is. Om by de syktocht flugger mear terrein bestrike te kinnen, spjalt Elmont de groep op. Hysels, Crawe en Jack geane ien kant út, wylst hear Roderick mei Wicke en Bald in oare kant út giet. Ear't dat syn beslach kriget, twingt Roderick Jack om ûnder driging mei geweld tsjin him en syn omke de oerbleaune magyske beantsjes op te jaan. Jack hâldt der lykwols ien efter. By de syktocht ûntdogge Roderick en Wicke har al rillegau fan Bald, dy't se oer de râne fan in heech klif triuwe. Underwilens ûntdekke Elmont, Crawe en Jack dat it lân yn 'e loft bewenne wurdt troch reuzen.

Elmont en Crawe wurde finzen nommen en by Fallon brocht, de lieder fan 'e reuzen, dat in misfoarme, twakoppich meunster is. Dêr ûntdekke se dat ek prinsesse Isabelle troch de reuzen finzen nommen is. Fallon wol fan 'e minsken witte hoe't se yn it lân fan 'e reuzen bedarre binne, dat troch de reuzen as in finzenis beskôge wurdt. Om syn fragen krêft by te setten, fret er Crawe op. Elmont en de prinsesse begripe lykwols dat de reuzen fia de beanstôk nei de minskewrâld klimme kinne, en wegerje in wurd te sizzen. Underwilens binne ek hear Roderick en Wicke troch de reuzen ûntdutsen. Wicke wurdt daliks ferslynd, mar Roderick hellet de magyske kroan fan Earik de Grutte foar it ljocht, dy't er út 'e grêftombe ûnder it keninklik kastiel rôve hat. Troch dy op te setten, moatte de reuzen him hearrich wêze. Roderick nimt alsa de macht yn it reuzelân oer fan Fallon. Hy hjit de reuzen om te risselwearjen foar oarloch. De oare moarns ier sil er harren by de beanstôk del liede om 'e macht yn Cloister oer te nimmen, en dêrnei de macht yn 'e buorlannen, en dan yn 'e hiele wide wrâld.

Elmont en prinsesse Isabelle, fan wa't Roderick gjin ferlet mear hat, wurde oan 'e kok fan 'e reuzen oerdroegen, mei't er de reuzen tastimming jout om harren op te iten. De kok besprinzget Elmont mei moal, rôlet him yn in broadsje en wol him yn 'e ûne dwaan. Jack, dy't it spoar fan 'e oaren folge is, arrivearret krekt op 'e tiid om Elmont en de prinsesse te rêden troch mei help fan 'e swiertekrêft de kok dea te dwaan. Trijeresom ûntkomme se oan 'e reuzen. Roderick stelt in wachtpost op by de beanstôk, mar Jack is de ûnnoazele reus te fluch ôf troch him in bijenêst yn 'e helm te stopjen wylst er sliept, sadat er, pinige troch de bijen, oer de râne fan it reuzelân hinne trûdelet. Neitiid klimme Jack en Isabelle by de beanstôk del, mar Elmont bliuwt efter om mei de ferrieder Roderick ôf te weven. As de ûnfertúnlike wachtpost oan 'e basis fan 'e beanstôk te pletter falt, beseft kening Brahmwell dat de leginden wier binne en dat de beanstôk in wei is foar de reuzen om 'e minskewrâld wer binnen te kringen. Ek al betsjut it de dea fan syn dochter, dochs jout er opdracht om 'e beanstôk om te kapjen. Fanwegen de ûnbidige omfang fan it ding binne syn soldaten dêr de hiele nacht mei besteld.

De oare moarns liedt Roderick syn leger fan reuzen nei de top fan 'e beanstôk, mar Elmont, dy't dêr op 'e loer leit, oerfalt en deadet him. Fallon wit lykwols de magyske kroan te bemachtigjen ear't Elmont it ding pakke kin. De reus draacht de kroan as in ring om 'e finger en nimt it befel oer de reuzen wer werom. Underwilens is it de soldaten fan kening Brahmwell einlings slagge en kapje de beanstôk om. Jack en Isabelle, dy't op dat stuit hast ûnder binne, oerlibje de fal as se yn in opper hea telâne komme. As Elmont de beanstôk fallen sjocht, springt er nei de top om foar te kommen dat er yn it reuzelân fêst komt te sitten. De ûnbidige beanstôk falt oer in ôfstân fan milen om, dêrby grutte ferwoastging yn it Keninkryk Cloister oanrjochtsjend. De top slacht in bres yn 'e muorre fan it keninklik kastiel. Elmont rêdt himsels troch yn it wetter fan 'e slotgrêft te springen. Yn it reuzelân binne de reuzen tige teloarsteld oer dizze draai yn 'e ûntjouwings, mar dan wurdt Fallon it pûdsje mei de magyske beantsjes gewaar dy't Roderick Jack ôfnommen hie. De reuzen kinne dan har eigen beanstokken út it reuzelân omleech nei de minskewrâld groeie litte.

Jack is de earste dy't de kommende ynvaazje fan 'e reuzen gewaar wurdt en alaarm slacht. Elmont, dy't it lieden fan 'e alaarmklokken heart, bringt it keninklik kastiel yn steat fan ferdigening, û.m. troch oalje op it wetter fan 'e slotgrêft te jitten en dat yn 'e brân te stekken. Kening Brahmwell, prinsesse Isabelle en Jack witte krekt op 'e tiid it kastiel te berikken. De reuzen sette útein mei in belegering, wêrby't se it kastiel bekûgelje mei baarnende beammen dy't se út 'e grûn skuord hawwe, wylst se teffens mei grutte heakken de ophelbrêge del besykje te krijen. Fallon knoffelet yn 'e slotgrêft en wurdt wei ûnder de brânende oalje, wêrnei't syn rivaal Fumm it befel oer de reuzen oernimt. De kening stjoert Isabelle, ûnder beskerming fan Jack, nei de heechste toer fan it kastiel om in warskôgingsbeaken te ûntstekken foar de omlizzende lannen.

Op har paad troch it kastiel komme se Fallon tsjin, dy't ûnder de baarnende oalje troch swommen is en it kastiel fia de grêfkelders binnenkrongen is. De reus wit Jack en Isabelle te pakken, mar as er risselwearret om harren op te fretten, smyt Jack him it iene oerbleaune magyske beantsje troch de strôt, dat ûntkymt yn syn mage. Fallon wurdt troch de razenfluch groeiende beanstôk alhielendal útinoar skuord, en itselde bart mei it binnenste fan it keninklik kastiel. Ien grouwe finger, mei de magyske kroan fan Earik de Grutte deromhinne, komt deunby de op 'e grûn fallen Jack en Isabelle telâne.

Mei harren ynoarme krêft kinne de reuzen lang om let de minsken oer. De ophelbrêge wurdt delskuord en it falstek fansiden raamd. As Fumm en de oare reuzen dan op it binnenplak fan it kastiel oer Elmont, de kening en de soldaten gear sille, falle se ynienen op 'e knibbels. It docht bliken dat Jack mei de kroan fan Earik de Grutte op ta it kastiel útkommen is en mei it magyske foarwerp harren hearrigens ôftwingt. Neitiid stjoert er de reuzen werom nei harren lân yn 'e loft en twingt er harren alle beanstokken om te kapjen, sadat se de minskewrâld nea wer berikke kinne. Hoewol't in boeresoan nea mei in prinsesse trouwe kin, wurdt foar Jack in útsûndering makke: hy wurdt yn 'e adelstân ferheft en wurdt meitiid kening foar syn skoanheit Brahmwell yn it plak, mei Isabelle as syn keninginne.

It ferhaal fan 'e reuzen fertelle Jack en Isabelle oan harren bern, en as dy witte wolle wêr't de magyske kroan bedarre is, antwurdzje se inkeld dat dy op in feilich plak bewarre wurdt. Bygeande bylden meitsje dúdlik dat de kroan yn it iepen sicht ferburgen is troch him yn goud te dompeljen en der alderhanne fersierings oan ta te foegjen: it is gewoan de keningskroan fan Cloister wurden. Troch de iuwen hinne wurdt der noch mear oan feroare, oant it Sint Edwerts Kroan wurden is, de keningskroan fan Ingelân, dy't yn 'e ienentweintichste iuw bewarre wurdt yn 'e Toer fan Londen, wylst yn 'e loft boppe Londen de reuzen noch altyd suchtsje yn harren ivige finzenskip.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise                     Jack Nicholas Hoult prinsesse Isabelle fan Cloister Eleanor Tomlinson Elmont, kaptein fan 'e Keninklike Wacht Ewan McGregor

byrollen