Wall Street is in Amerikaanske dramafilm út 1987 ûnder rezjy fan Oliver Stone, mei yn 'e haadrollen Charlie Sheen en Michael Douglas. De titel ferwiist nei Wall Street, de strjitte yn New York dy't it hert fan 'e Amerikaanske finansjele sektor is. It ferhaal folget de ambisjeuze jonge effektemakeler Bud Fox dy't hoe dan ek hegerop wol. Hy rekket belutsen by Gordon Gekko, in rike en ûnmeilydsume sakeman, dy't bedriuwen opkeapet fia fijannige oernames, wêrnei't er it personiel ûntslacht en de besittings fan it bedriuw mei winst ferkeapet. Oliver Stone makke Wall Street as earbetoan oan syn heit Lou Stone, dy't in effekemakeler wie yn 'e Grutte Depresje. Fan 'e filmkritisy krige Wall Street oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses. Michael Douglas wûn mei syn rol as Gordon Gekko sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e kategory bêste akteur. Stone en Douglas makken mear as tweintich jier letter in ferfolch, dat yn 2010 útkaam ûnder de titel Wall Street: Money Never Sleeps.
Plot Yn 1985 is Bud Fox in jonge, ambisjeuze effektemakelder by de firma Jackson Steinem, dy't fêstige is oan Wall Street yn New York. Hy hat it him yn 'e holle helle om op te arbeidzjen mei syn idoal Gordon Gekko, in legindaryske sakeman dy't oer liken giet, mar dêrby wol foar tsientallen miljoenen dollars yn ien kear fertsjinnet. Dat rêdt de man op troch bedriuwen dy't yn finansjeel swier waar rekke binne, oan te skaffen fia in fijannige oername wêrby't er in mearderheid fan 'e oandielen opkeapet. Nei't Bud it kantoar fan Gekko 59 wurkdagen efterinoar opskille hat, slagget it him einlings en te'n lêsten om in ôfspraak mei de man te krijen troch der op Gekko syn jierdei hinne te gean mei in doaske fan Gekko syn favorite (mar yn 'e Feriene Steaten yllegale) Kubaanske sigaren.
Gekko is ûnder de yndruk fan Bud syn fêsthâldendheid en syn drystens, dat hy lit him fierder komme. Yn it folgjende petear besiket Bud Gekko safier te krijen dat dy him as effektemakelder ynhiert, troch ferskate bedriuwen foar te stellen dêr't er foar Gekko oandielen fan keapje kinne soe. Gekko hat dêr lykwols gjin belangstelling foar. Yn wanhoop jout Bud dan oan Gekko in stikje foarkennis troch oer de loftfeartmaatskippij Bluestar Airlines. Dy ynformaasje hat er opdien yn in praatsje mei syn heit Carl, dy't monteur by Bluestar is en as fakbûnslieder weet hat fan it ynterne belied fan it bedriuw. Gekko is yntrigearre en seit dat er deroer neitinke sil. In telider sleine Bud keart werom nei syn kantoar, mar koarte tiid letter wurdt er opskille troch Gekko, dy't him opdracht jout om in blok oandielen fan Bluestar te keapjen. Sa wurdt Gekko in klant fan Bud.
Gekko jout Bud wat jild yn 'e hannen om foar him te behearen, mar de oandielen fan 'e oare bedriuwen dy't Bud útsiket, ferliest er allinne mar op. Gekko fertelt him dat it sa net takin. As er it meitsje wol op Wall Street, moat er better syn bêst dwaan en him minder oan 'e regeltsjes gelegen lizze litte. Hy jout Bud in nije kâns, diskear om 'e Britske ynvestearder sir Lawrence Wildman foar him te bespionearjen en út te sykjen wat Wildman fan doel is. Bud ûntdekt dat Wildman de oername tariedt fan stielfabrikant Anacott Steel. Gekko, dy't in âlde sakerivaal is fan Wildman, keapet dan halje-trawalje in bêste soad oandielen fan Anacott, net inkeld om jild te fertsjinjen, mar fral om Wildman dwers te sitten. Dyselde is neitiid nammentlik twongen om Gekko syn oandielen tsjin in hege priis op te keapjen, om't oars syn oername fan it bedriuw op 'e non rint.
Under it mentorskip fan Gekko wurdt Bud ryk, sadat er nei in penthouse oan 'e East Side fan Manhattan ferhúzje kin. Hy genietet ek fan oare foardieltsjes, lykas feesten dêr't er de elite fan New York treft, en seks mei djoere callgirls dy't Gekko him stjoert. Op in feestje by Gekko thús, yn syn filla oan see op Long Island, moetet Bud de binnendoararsjitekte Darien Taylor. Sy is in eardere mêtresse fan Gekko, hoewol't Bud dat net wit. Mei har kriget Bud in relaasje dy't al rillegau liedt ta gearwenjen yn syn penthouse. Omreden fan syn saaklike súksessen, dy't allegear te tankjen binne oan syn skimige relaasje mei Gekko, makket Bud by Jackson Steinem promoasje, sadat er net mear yn 'e kantoartún sit mei de rest fan 'e sljochtwei effektemakelders, mar in eigen kantoar kriget. Hy giet troch mei it byinoar sykjen fan foarkennis en brûkt striemannen, lykas de abbekaat Roger Barnes, om foar him oandielen oan te keapjen, sadat hy en Gekko noch mear fertsjinje kinne. Syn súkses stiget him nei de holle, en ferskaten fan syn eardere freonen reitsje fan him ferfrjemde. Sûnder dat er it wit, lûke guon fan syn tige súksesfolle oankeapen de oandacht fan 'e Securities and Exchange Commission (SEC), de ynstelling fan 'e Amerikaanske oerheid dy't hannel mei foarkennis foarkomme moat.
As Bud fan syn heit Carl heart dat it min giet mei Bluestar Airlines, leit er Gekko in nij plan foar: om Bluestar te keapjen en der wer in sûn bedriuw fan te meitsjen. Dat soe kinne troch mei de fakbûnen in koarting op 'e salarissen fan alle wurknimmers ôf te praten en it jild dat sa útsparre wurdt, yn 'e mande mei it oerskot út it oerfinansearre pinsjoenfûns wer yn 'e loftfeartmaatskippij te stekken. Gekko beart dat er dat gjin gek plan fynt, dat Bud beleit in ynformele gearkomste mei de foaroanlju fan 'e fakbûnen, ûnder wa syn heit Carl. Hoewol't er de oaren wit te bepraten, set krekt Carl Fox it tsjin Gekko yn 'e kant. Hy fertrout Gekko net en rint út 'e gearkomste wei, wat ta in lulke konfrontaasje tusken him en Bud op 'e strjitte foar it gebou liedt.
By tafal ûntdekt Bud in pear dagen letter, fia Roger Barnes, dat Gekko net fan doel is om Bluestar te rêden, mar om alle wurknimmers te ûntslaan, it bedriuw op te doeken en alle besittings te ferkeapjen, sadat er sels de tsientallen miljoenen dollars út it pinsjoenfûns opstrike kin. Bud is poerrazen oer dat bedroch en stapt nei Gekko ta, mar dy leit him út dat dizze oplossing no ienris finansjeel it bêste foar himsels is, en ek foar Bud, dy't no in tige ryk man wurde sil. Bud liket him dêr by del te lizzen en Gekko mient dat er alle ronfels yn harren relaasje glêd strutsen hat. Temûk is Bud lykwols noch like lulk as earst, en wurdt er boppedat tramtearre troch skuldgefoelens, om't hy ferantwurdlik is foar it wurkleas wurden fan syn heit en syn heite kollega's, mannen dy't er al syn hiele libben ken. Dat boazet noch oan as Carl in hertoanfal kriget en yn it sikehûs bedarret. Bud nimt him foar en lit de plannen fan Gekko ûntspoare. As Darien foar it ferstân kriget dat er it yn 'e kant sette wol tsjin Gekko, makket se de relaasje út.
Bud betinkt in plan om 'e priis fan oandielen Bluestar op te driuwen, sadat de oername Gekko te djoer wurde sil, om de koers dêrnei wer omleech te bringen. Hy freget en kriget syn heite tastimming om foar syn heit te sprekken en nimt de oare fakbûnslieders mei nei in geheime moeting mei sir Lawrence Wildman. Oan him leit Bud fierhinne itselde plan foar as dat er oan Gekko foarlein hie, mei dêropta de kâns om 'e oandielen dy't er nedich is tsjin in sêft pryske oan te skaffen, en, wichtiger noch, Gekko werom te pakken foar de streek dy't er Wildman levere hie mei Anacott Steel. Bud set al syn freonen yn om oandielen Bluestar te keapjen as Gekko dat ek docht, mei as gefolch dat de koers as in raket omheech giet. Mei't Bud de effektemakelder is dy't it keapjen en ferkeapjen foar Gekko docht, kin er Gekko mei syn advizen manipulearje. Sa't er al foarsein hie, beslút Gekko fan 'e oername ôf te sjen as it him te prizich wurdt. Wannear't Gekko de oandielen dy't er al oanskaft hat, begjint te ferkeapjen, jout Bud oan al syn freonen troch dat no it momint is om ek te ferkeapjen, wat de priis fan 'e oandielen Bluestar kelderje lit krekt op it stuit dat Gekko se mei winst ferkeapje wol. Fan gefolgen wurdt er twongen om ynstee mei ferlies te ferkeapjen, wylst Bud alle frijkommen oandielen yn opdracht fan Wildman spotgoedkeap opkeapet.
Pas dy jûns, nei it sluten fan 'e effektebeurzen, sjocht Gekko op it nijs dat Wildman no sa goed as de nije eigner fan Bluestar is. Dan begjint him einlings en te'n lêsten te daagjen dat er troch Bud besoademitere is. De oare moarns giet Bud triomfantlik wer nei syn wurk by Jackson Steinem, mar ta syn skok wurdt er dêr opwachte troch de plysje en funksjonarissen fan 'e SEC, dy't him arrestearje foar hannel mei foarkennis. In ûnbeskaat skoft letter moetsje Bud en Gekko inoar yn Central Park. Gekko jout Bud ferskate opstoppers en feecht him de mantel út foar syn ûntrou nei't hy, Gekko, him sa ryk makke hie mei ferskate klandestine oandielehandeltsjes. Nei de konfrontaasje bejout Bud him nei it húske fan in kafee, dêr't er in kontaktpersoan treft. It docht bliken dat er by de moeting in mikrofoantsje droech foar de SEC, en dat alles wat Gekko sein hat, opnommen is om tsjin him brûkt te wurden yn in takomstige rjochtsaak.
Letter riidt Bud mei syn âldelju nei de rjochtbank ta foar syn eigen berjochting. Carl Fox seit tsjin syn soan dat de wurknimmers fan Bluestar nea ferjitte sille wat er foar harren dien hat, en hy rikkemandearret oan om 'e baan oan te nimmen dy't Wildman him by de loftfeartmaatskippij oanbean hat. Bud antwurdet dat syn heit likegoed as hysels wit dat er it tichthûs yn draaie sil. Carl reägearret dêrop troch te sizzen dat in finzenisstraf op in ferwrongen manear miskien wol it bêste is dat Bud oerkomme koe.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Bud Fox Charlie Sheen Gordon Gekko Michael Douglas
byrollen personaazje akteur/aktrise Carl Fox Martin Sheen Darien Taylor Daryl Hannah Marvin John C. McGinley Roger Barnes James Spader sir Lawrence Wildman Terence Stamp Lou Mannheim Hal Holbrook Harry Lynch James Karen Kate Gekko Sean Young Harold Salt Saul Rubinek Dan Franklin Cover Dolores de makelster Sylvia Miles frou Fox Millie Perkins Ollie Josh Mostel Stone Livingstone Paul Guilfoyle
Produksje en distribúsje Produksje Wall Street waard regissearre troch Oliver Stone nei in senario fan himsels en syn skoalfreon, profesjoneel senarioskriuwer Stanley Weiser. De film wie bedoeld as earbetoan oan Stone syn heit Lou Stone, dy't yn 'e Grutte Depresje effektemakelder op Wall Street wie. Stone en Weiser brochten by wize fan research nei it ûnderwerp fan 'e film trije wiken troch mei it ôflizzen fan besiken oan effektehannelsûndernimmings en it hâlden fan fraachpetearen mei ynvestearders. Stone omskreau it resultearjende filmsenario as "yn prinsipe in Pilgrim's Progress fan in jonge dy't ferlaat en korrumpearre wurdt troch de ferlokkings fan it maklike jild. En yn 'e trêde akte besiket om syn misdieden goed te meitsjen."
As produsint wie Edward R. Pressman by it projekt belutsen foar de filmstudio's American Entertainment Partners en Amercent Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $16,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Stewart Copeland.
Casting Foar de rol fan Bud Fox waard Matthew Modine frege, mar dy sloech it oanbod ôf. Tom Cruise liet witte belangstelling te hawwen, mar tsjin dy tiid hie regisseur Oliver Stone al in kontrakt tekene mei Charlie Sheen. De earste kar foar de rol fan Gordon Gekko fan 20th Century Fox, de studio dy't de film finansierde, wie Warren Beatty, mar dy hie der gjin belangstelling foar. De earste kar fan Stone, Richard Gere, betanke ek foar de ear. Michael Douglas hie krekt de romantyske aventoerefilm Romancing the Stone makke, en socht in folslein oare rol, dûnker en ûnsympatyk. Gordon Gekko wie krekt wat er socht.