Stasjon Hilfertsom Media Park (hvsm) is in stasjon yn de Nederlânske plak Hilfertsom yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1974 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).
Gebou It stasjon hie ynearsten gjin stasjonsgebou. It stasjon krijt twa perrons mei in ienfâldige oerkaping en twa abry's. Beide perronnen binne ferbûn mei in ienfâldige brêge. It standertûntwerp is ek yn Bussum Súd en Putten delset. Healwei de jierren ’80 krijt de oant dan ta ûnbemanne halte in keet foar de ferkeap fan treinkaarten. In pear jier letter is der in ienfâldige permaninte foarsjenning as boud. Yn 2011 wurdt in nije opfallende brêge tusken de perrons en it njonkenlizzende Mediapark , yn gebrûk nommen. De nije brêge is ek fan liften foarsjoen. De brêge krijt de tapaslike namme De Kijkbuis.
Namme Oant 1989 hjitte it stasjon Hilfertsom NOS, neamd nei it tichteby lizzende studiokompleks fan de NOS. Yn 1989 wiziget NS de namme fan it stasjon yn Hilfertsom Noard. Yn desimber 2013 kriget it stasjon op 'e nij in nije namme. Diskear ferneamd nei it njonkenlizzende Mediapark.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5700Sprinter (NS)Utert-Sintraal – Hilfertsom – Hilfertsom Media Park – Weesp – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Hoofddorp5800Sprinter (NS) Amersfoart Vathorst – Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom – Hilfertsom Media Park – Weesp – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – HoofddorpRyd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
Kategory:Bouwurk yn Hilfertsom Hilfertsom Media Park Hilfertsom Media Park