Stasjon Amsterdam Science Park (Assp) is in stasjon oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen) en is ien fan de stasjons yn Amsterdam yn de provinsje Noard-Hollân.
Gebou It fiaduktstasjon waard yn gebrûk naam op 14 desimber 2009. It stasjon is in ûntwerp fan arsjitekt KCAP Architects&Planners. By beide perrons stiet in C-foarmige konstruksje dy't tsjinnet as oerkaping boppe in part fan it perron, de trep en de wachtromten. It is in typyske foarstedshalte mei in iepen fytsestalling mei fytsklûzen en in pear parkearplakken. It stasjon leit njonken it ranzjearterrein Watergraafsmeer.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster4600Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Amsterdam Science Park – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – SwolRyd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.5800Sprinter (NS) Amersfoart Vathorst – Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom– Weesp – Amsterdam Science Park – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – HoofddorpRyd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.
Kategory:Bouwurk yn Amsterdam Amsterdam Science Park Amsterdam Muiderpoarte