Mary Poppins is in Amerikaanske histoaryske fantasykomeedzjefilm, filmmusical en famyljefilm yn Technicolor út 1964. De film stie ûnder rezjy fan Robert Stevenson en hie yn 'e haadrollen Julie Andrews en Dick Van Dyke. De titel ferwiist nei de haadpersoan. De film waard basearre op 'e romansearje mei deselde namme fan skriuwster P.L. Travers. It ferhaal giet oer in rike, mar net-funksjonearjende Ingelske húshâlding mei twa jonge bern yn it Londen fan 1910, dêr't regaad makke wurdt troch Mary Poppins, in gûvernante dy't tsjoene kin. Mei har magyske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it gesin, om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is.

Mary Poppins waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses as de meast opbringende film fan 1964. De film waard bekroane mei 5 Oscars, in Golden Globe, twa Grammy Awards en in BAFTA. Julie Andrews wûn mei har aktearprestaasje yn 'e titelrol in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2013 waard Mary Poppins foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. Datselde jiers waard de film Saving Mr. Banks útbrocht, in biografysk drama oer de tastânkomming fan Mary Poppins. In ferfolchfilm, Mary Poppins Returns, kaam út yn 2018.

Plot Yn Londen yn 'e maityd fan 1910 keart bankmeiwurker George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn frou Winifred, dy't aktyf is by de suffrazjettes, heart er dat de gûvernante fan harren bern Jane en Michael ûntslach nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in wike dat se útnaaid binne. As Banks de plysje skillet om 'e bern as fermist op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch plysje Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it park oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it draakjefleanen efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat.

Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde fakatuere foar in sympatikere, leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e iepen hurd (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in advertinsje yn The Times foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke wynfleach de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de skoarstien, wêrnei't se fuortdwarrelje troch de loft.

De oare moarns stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op sollisitaasjepetear. Ear't Banks lykwols ree is om oan húshâldster Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it hûntsje fan juffer Lark, de buorfrou fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, tsjeppe frou komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har paraplu, en lânet lichtfuottich op 'e stoepe fan 'e filla fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze Mary Poppins George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e feralterearre Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie.

Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e bernekeamer op te romjen troch dêrfoar tsjoenderij yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje kuierjen yn it park, dêr't se Mary har freon Bert treffe. Dat is in Cockney-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e arbeidersklasse, dy't dy deis wurket as trottoirskilder. Mary brûkt har magy om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn tekenings. Wylst de bern op in draaimole ride, kuierje Mary en Bert in stikje, sjonge in ferske en flirte wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it plattelân. Dêr kruse se it paad fan in foksejacht; Bert rêdt de foks, wêrnei't se op in draafbaan bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in hurddraverij en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" (). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te stjalpreinen. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld.

De oare deis sille Mary en de bern om boadskippen, mar Mary, dy't blykber mei bisten prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn omke Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan laitsjen, omheech sweeft is nei it plafon fan syn wente. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te teedrinken, wêrby't se in protte grappen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer hynsteriden op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er opsternaat om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy manipulearret him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk.

Dy jûns fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e treppens foar de Sint-Pauluskatedraal sit en de minsken oanfiteret om 'e dowen te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in munt, in tuppence, en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in tuppence en wol in bankrekken iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn tuppence by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in bankrun feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol.

Nei't Michael syn tuppence weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske East End, it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e arbeidersklasse wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as skoarstienreager wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary frij hat, de húshâldster en de kokkinne oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as berne-oppas. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it dak, freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har frije dei. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei ruot besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen dûnsje en sjonge se op 'e dakken, oant admiraal Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar ynbrekkers en mei syn skipskanon in lading fjoerwurk op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren wenkeamer oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert.

Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it tillefoanpetear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten tuppence oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op slûchslimme wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op fernederjende wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de tuppence yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in mop fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. prakkesearret djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer.

De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In gelokkiger Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol spyt, hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn ferstjerren. Hy hat dêrom besletten om Banks syn baan werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen.

Ferskes Life I Lead Perfect Nanny A Spoonful of Sugar Jolly Holiday Supercalifragilisticexpialidocious I Love to Laugh Feed the Birds Fidelity Fiduciary Bank Chim Chim Cher-ee Step in Time A Man Has Dreams Let's Go Fly a Kite

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise    Mary Poppins Julie Andrews Bert Dick Van Dyke

byrollen