The Proposal is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2009 ûnder rezjy fan Anne Fletcher, mei yn 'e haadrollen Sandra Bullock en Ryan Reynolds. De titel kin sawol "It Sakefoarstel" as "It Houliksoansiik" betsjutte. It ferhaal giet oer Margaret Tate, in ûnsympatike liedingjaande by in foaroansteande útjouwerij yn New York, dy't de Feriene Steaten útset driget te wurden om't se Kanadese is en har wurkfisum ferrinne litten hat. Har oplossing is om har assistint Andrew te twingen om mei har te trouwen, sadat se de Amerikaanske nasjonaliteit krije kin. The Proposal krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Bullock waard yn 2010 foar har rol nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje.
Plot Margaret Tate hat as boekeredakteur in liedingjaande funksje by in foaroansteande útjouwerij yn New York, mar omreden fan har ûnoangename karakter wurdt hja ienriedich hate troch al hat kollega's en fral troch har ûnderhearrigen. Margaret is lykwols gjin Amerikaanse, mar hat ynstee de Kanadeeske nasjonaliteit. Op in dei kriget se te hearren dat se it lân útset wurde sil om't se de betingsten fan har wurkfisum oertrêde hat. Dat is har eigen skuld, mei't se de oanhâldende tillefoantsjes fan har abbekaat negearre hat (dy't har dêrfoar warskôgje woe), om't se op har manear gjin tiid hie om 'e man te wurd te stean.
Om't útsetting betsjutte sil dat Margaret har baan ferliest, is har der alles oan gelegen om soks foar te kommen. Dêrom twingt se har folle pleage assistint, Andrew Paxton, om mei har te trouwen, sadat se de Amerikaanske nasjonaliteit krije sil. Dat docht se troch him derop te wizen dat de trije jier fan bodzjen yn syn hjoeddeistige baan folslein foar neat wêze sil as har rivaal Bob Spaulding har opfolgje sil. Want it earste wat dy dwaan sil, is perfoarst Andrew ûntslaan om skjin skip te meitsjen. Dêrmei soe Andrew syn dream om in ynfloedryk boekeredakteur te wurden, in rare tebeksetter oprinne. Sadwaande ferlove Margaret en Andrew harren, mei de bedoeling om te trouwen en nei in pear jier wer te skieden.
As se op it matsje roppen wurde by Gilbertson, in agint fan 'e Amerikaanske ymmigraasjetsjinst ICE, fertelt dy harren planút dat er hielendal neat fan harren ferhaal leaut. Hy is derfan oertsjûge dat se de boel besykje te besoademiterjen, en hy warskôget harren dat sokke fraude liede kin ta permaninte útsetting foar Margaret en in boete dy't oprinne kin oant $250.000 en in finzenisstraf fan maksimaal fiif jier foar Andrew. Der sit no in wykein tusken, mar op moandei sil er harren apart faninoar ûnderfreegje, en as harren antwurden net oerienkomme, hat er harren te pakken. Andrew, dy't yn 't earstoan wifele oer de hiele kwestje, sjocht no syn kâns skoan. Hy hâldt fol dat syn relaasje mei Margaret echt is, mar nei ôfrin fan 'e moeting mei Gilbertson sjantearret er Margaret om him promoasje te jaan ta boekeredakteur en twingt er har om him yn it iepenbier in fernederjend houliksoansiik te dwaan.
No wol it gefal dat Andrew dat wykein nei syn berteplak ôfreizgje soe foar de njoggentichste jierdei fan syn beppe Annie. Margaret hat Gilbertson wiismakke dat sy en Andrew fan doel binne en gryp dy gelegenheid oan om harren ferloving oan Andrew syn famylje bekend te meitsjen. Dat, it kin net oars of Margaret moat mei. Ta har skrik blykt Andrew út Sitka te kommen, in stedsje yn 'e rimboe fan 'e Panhandle fan Alaska. Nei in lange, wurchsume reis yn it fleantúch arrivearje se dêr, wêrnei't se per boat fierder reizgje nei de wente fan 'e famylje Paxton.
Yn Sitka merkt Margaret op dat hast de helte fan 'e winkels en oare bedriuwen de namme 'Paxton' draacht, en sa ûntdekt se dat Andrew syn famylje eins tige ryk is. De famyljewente blykt in fan eltse lúkse foarsjoene reuseftige filla oan see te wêzen. Dêr komt Margaret yn 'e kunde mei Andrew syn heit en mem, Joe en Grace, en mei syn tige eksintrike beppe. Mei't der in wolkomsfeest organisearre is, moetet se mei-iens ek Gertrude, Andrew syn âlde flam, en teffens in ober dy't Ramone hjit en dy't har dúdlik wol sitten sjocht. Underwilens kriget Andrew spul mei syn heit Joe, dy't it mar neat fynt dat Andrew no omslacht mei de baas dy't er sa lang hate hat. Hy fermoedet dat Andrew inkeld mei har sliept om syn eigen karriêre foarút te helpen. Dêrop kundiget Andrew lulk syn ferloving mei Margaret oan. De gasten op it feest steane derop dat Andrew en Margaret inoar tútsje sille, en wat in koarte tút wêze moatten hie, rint út op in ynlike tongtút dy't lang oanhâldt. Dat bringt harren allebeide yn betizing. De 'toarteldokes' wurde troch Grace ûnderbrocht yn ien útfanhûzerskeamer, mei't it grif net de earste kear is dat se tegearre op ien bêd sliepe.
De nacht, dy't yn Sitka, trochdat de sinne dêr simmerdeis amper ûndergiet, like ljocht is as ljochtskyndei, bringt Margaret op bêd troch, wylst Andrew mei in pear tekkens en in kjessen op 'e flier bivakkearret. De oare deis wurdt Margaret har mobile tillefoan ta har wanhoop stellen troch in earn. Letter wurdt se troch Grace en beppe Annie meitroaid nei in pleatslike bar foar har frijfammefeest. Dêr wurdt se it slachtoffer fan in optreden fan 'e iennichste manlike stripper dy't Sitka ryk is, deselde Ramone dy't se earder as ober troffen hat. As se neitiid eefkes in luchtsje skept, rekket Margaret oan 'e praat mei Gertrude, dy't har fertelt dat Andrew har jeugdleafde wie. Nei't se allebeide de middelbere skoalle ôfrûne hiene, frege er har mei him te trouwen en mei him út te naaien nei New York, dêr't er boekeredakteur wurde woe. Gertrude hie graach mei him trouwe wollen, mar se moast him nee ferkeapje om't se út noch yn net út Sitka wei woe.
Yn 'e tuskentiid hat Joe, dêrta twongen troch Grace, besocht om syn rûzje mei Andrew by te lizzen. De beide mannen hawwe it net mear oer Margaret en Andrew syn ferloving, mar krije dan ynstee rûzje oer it feit dat Andrew syn heit net opfolgje wol as eigner fan it sake-ympearium fan 'e famylje Paxton en it feit dat Joe Andrew syn karriêre yn 'e útjouwersbrâns net serieus nimt. Nei't Margaret en de oare froulju wer thúskommen binne, liedt in rige ûnfertúnlike omstannichheden derta dat Margaret en Andrew, as se allebeide in dûs nimme wolle, inoar yn neakene steat letterlik tsjin it liif rinne. Dy nachts, as se wer op bêd en op 'e flier lizze, freget Margaret Andrew nei syn relaasje mei syn heit, mar dêr wol er neat oer sizze. Ynstee fertelt Margaret him dingen oer harsels, lykas dat se in iennichst bern is en op har sechstjinde wees waard nei it ferstjerren fan har beide âlden.
Sneintemoarns wurde Andrew en Margaret foar it blok set troch beppe Annie, dy't sa stomme graach harren trouwerij noch meimeitsje wolle soe. It rint derop út dat se dyselde middeis noch trouwe sille by de Paxtons thús. Nei't se foar Margaret in nije mobile tillefoan kocht hawwe yn in winkel dy't rund wurdt troch Ramone, wurdt Margaret wer meinommen troch Grace en Annie. Se hawwe it plan opfetten dat Margaret op 'e trouwerij de troujurk fan beppe Annie oan krije sil, dy't al generaasjes yn 'e famylje is. Nei't Margaret dy past hat, rekket se tige oerstjoer. As Andrew witte wol wat deroan is, fertelt se him úteinlik dat se fergetten wie hoe't it fielde om diel út te meitsjen fan in famylje, om't se al sûnt har sechstjinde allinne op 'e wrâld is. Werom yn 'e filla wurde se troch Joe meinommen nei in moeting mei ICE-agint Gilbertson. Dyselde hat Joe opskille, wêrnei't Joe de man oerkomme litten hat nei Alaska. Joe wol de wierheid no einlings boppe wetter hawwe, mar Andrew, dy't by himsels gefoelens foar Margaret gewaarwurden is, dielt syn heit mei dat er it dak op kin.
By de houliksseremoanje, dy't laat wurdt troch foargonger Ramone, ûnderbrekt Margaret de boel op in stuit om iepentlik foar alle gasten oer de wierheid op te bychtsjen: dat se Andrew twongen hat om mei har te trouwen om oan in ferbliuwsfergunning te kommen. Gilbertson, dy't by de trouwerij oanwêzich is, ynformearret har dat se no mei him weromreizgje kin nei New York, dêr't se nei oankomst 24 oeren hat om har saken ynoarder te bringen en de Feriene Steaten te ferlitten. Dat, Margaret hellet har bagaazje op en set op stel en sprong ôf. Tsjin 'e tiid dat Andrew efter har oan giet, hat se de filla al ferlitten. Hy wifket oer wat er no dwaan sil, en it is Gertrude dy't him freget oft er Margaret wier fuortglûpe litte wol. Andrew beslút fan net, mar as er har efternei sil, besiket Joe him tsjin te hâlden, wat liedt ta in nije rûzje tusken heit en soan. Beppe Annie simulearret in hertoanfal om harren te twingen op te hâlden mei redendielen en in ûnthjit fan elts fan harren los te krijen dat se tenei besykje sille om begryp te hawwen foar inoars beslissings, sels as se it dêr net mei iens binne.
Annie en Grace fiterje Andrew oan om efter Margaret oan te gean, mei't se (sa lizze se geduldich út oan Joe) har publyklike bekentenis nea dien hawwe soe as se net echt fan Andrew hold. Andrew hastiget him nei it fleanfjild, mar hy is te let om Margaret har fleantúch tsjin te hâlden. Werom yn New York hellet Margaret har kantoar leech en jout opdracht om al har spul nei Toronto te stjoeren. As Andrew dêr opdûkt, besiket se him fuort te stjoeren, mar yn it bywêzen fan al syn kollega's ferklearret er syn leafde foar har, wêrnei't se inoar hertstochtlik tútsje ûnder it laitsjen en jûchhei fan it omsteand laach.
De ôftiteling fan 'e film giet mank mei bylden fan 'e ûnderfreging troch Gilbertson fan net inkeld Andrew en Margaret, mar ek fan Grace, Joe, Annie en Ramone, wêrby't de ICE-agint de iene nei de oare yrrelevante fraach stelt.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Margaret Tate Sandra Bullock Andrew Paxton Ryan Reynolds
byrollen personaazje akteur/aktrise beppe Annie Paxton Betty White mem Grace Paxton Mary Steenburgen heit Joe Paxton Craig T. Nelson Gertrude Malin Åkerman Ramone Óscar Nuñez Gilbertson Denis O'Hare Bob Spaulding Aasif Mandvi Bergen Michael Nouri Malloy Gregg Edelman Chuck Michael Mosley
Produksje en distribúsje Produksje The Proposal waard regissearre troch Anne Fletcher nei in senario fan Peter Chiarelli, Roberto Orci en Alex Kurtzman. Dy beide lêsten krigen gjin fermelding op 'e ôftiteling. As produsinten wiene David Hoberman, Todd Lieberman en (ûnfermeld op 'e ôftiteling) Damon Lindelof by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures, K/O Paper Products en Mandeville Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Oliver Stapleton, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Aaron Zigman.
De froulike haadrol yn The Proposal waard alderearst oanbean oan Julia Roberts, mar dy sloech it oanbod ôf. Yn har plak waard Sandra Bullock ree fûn om 'e rol fan Margaret Tate te spyljen. De opnamen setten op 9 april 2008 útein en fûnen foar it meastepart plak yn Rockport (Massachusetts), dat omboud waard om op Sitka (Alaska) te lykjen. Oare filmlokaasjes wiene: Manchester-by-the-Sea (Massachusetts), Boston en New York.
Distribúsje De distribúsje fan The Proposal waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't Touchstone Pictures in dochterûndernimming fan is. De film gie op 1 juny 2009 yn it El Capitan Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. The Proposal waard op 13 oktober 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst