Witness is in Amerikaanske romantyske skriller en plysjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Peter Weir, mei yn 'e haadrollen Harrison Ford en Kelly McGillis. De titel betsjut "Tsjûge". It ferhaal giet oer resjersjeur John Book fan 'e plysje yn Philadelphia, dy't in moard ûndersiket wêrby't de iennichste tsjûge in achtjierrich Amish-jonkje is. As bliken docht dat de dieders korrupte plysjeminsken binne, soarget Book dat alle spoaren dy't nei it jonkje liede, útwiske wurde. Dêrnei wurdt er troch omstannichheden twongen om sels by de Amish ûnder te dûken. Wylst er by harren tahâldt, rekket er fereale op 'e mem fan it jonkje, in jonge widdo. Witness krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar 8 Oscars (2 wûn), 6 Golden Globes (0 wûn) en 7 BAFTA's (1 wûn).

Plot Yn 1984 komt op it plattelân fan Lancaster County, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, in Amish-mienskip gear foar de útfeart fan 'e melkfeehâlder Jacob Lapp. Dyselde wie net âld, noch mar om 'e tritich hinne, en hy lit in widdo nei, Rachel, en in achtjierrige soan, Samuel. Dy beiden wenje by syn heit yn, de âlde Eli Lapp. Fuort nei de begraffenis al lit de noch net troude buorman, Daniel Hochleitner, op subtile wize syn belangstelling blike foar Rachel, en letter begjint er har neffens de wizânsjes fan 'e Amish it hof te meitsjen. Nei ferrin fan tiid giet Rachel mei Samuel op reis foar in besite oan har suster, dy't yn Baltimore wennet. Se geane earst mei de trein nei Philadelphia, dêr't se oerstappe moatte. Wylst se yn it 30th Street Station yn Philadelphia op 'e oanslutende trein sitte te wachtsjen, moat Samuel pisje, dat hy giet nei it iepenbier toilet. Dêr is er tsjûge fan 'e brute moard op in plysjeman dy't undercover wurket troch twa oare mannen. Samuel kriget ien fan 'e dieders goed te sjen, en wit sels mar nauwerneed oan in trochsiking fan 'e toiletromte troch de moardners te ûntkommen.

Resjersjeur John Book fan it Philadelphia Police Department en syn partner, resjersjeur Elton Carter, wurde op 'e saak set. Book ûnderfreget de skrutene Samuel, dy't oanjout dat de iene dieder, dy't er sjoen hat, in mânske negroïde man wie. Book nimt Samuel en syn mem mei de stêd yn om in gaadlike fertochte oan 'e jonge sjen te litten, mar dy skodhollet fan nee. Tsjin dy tiid is it al let, en om foar te kommen dat syn iennichste tsjûge stil weiwurde sil, bringt Book Samuel en Rachel foar de nacht ûnder by syn suster Elaine. De oare moarns lit er de jonge op it plysjeburo it iene nei it oare boek mei foto's fan mooglike dieders sjen, mar de man dy't Samuel sjoen hat, sit der net tusken. As Book tillefoan kriget en Samuel wat op eigen manneboet omstipt op it plysjeburo, sjocht er yn in trofeekaste in útknipt krante-artikel hingjen oer ynspekteur James McFee fan 'e ôfdieling narkotika, dy't in priis yn ûntfangst nimt. Op 'e bygeande foto ken Samuel McFee werom as de moardner dy't er sjoen hat.

As de jonge McFee oanwiist foar Book, nimt dy de saak heech op. Hy docht ûndersyk nei McFee en ûntdekt dat dyselde inkele jierren earder ferantwurdlik wie foar de ynbeslachname fan in grutte lading rottekrûddjoere gemikaliën foar it oanmeitsjen fan amfetamine. It bewiismateriaal is lykwols spoarleas ferdwûn út 'e opslachromte op it plysjeburo. Book ornearret dat McFee de boel efteroer drukt hat om it foar grou jild ferpatsen oan drugsdealers, en dat de undercoverplysje dy't yn it spoarstasjon fermoarde is, boppe wetter helle hie wat McFee en syn hantlangers útheefd hiene. Hy giet mei syn ûntdekkings en fermoedens nei kommissaris Paul Schaeffer ta, syn âlde mentor, dy't him mei klam oanrikkemandearret om it spul sa stil mooglik te hâlden, sadat McFee der gjin lucht fan kriget. Underwilens sille se yn it djipste geheim in ûndersyk nei de korrupte plysjeman iepenje. Dyselde jûns, as er thúskomt, wurdt Book yn 'e parkearkelder fan syn appartemintekompleks opwachte troch McFee, dy't him besiket dea te sjitten. Book wit de oanfaller op 'e flecht te jeien, mar wurdt yn 'e side rekke troch in kûgel en bliuwt ferwûne efter.

Mei't inkeld Schaeffer op 'e hichte wie fan syn ûntdekkings, kriget Book foar it ferstân dat Schaeffer mei McFee ûnder ien tekken skûlet en McFee op him ôfstjoerd hat. Hy beseft dat Samuel en syn mem, dy't noch altyd by Elaine útfanhûzje, ek yn gefaar binne, dat hy bejout him hookstrooks nei harren ta. Wylst Rachel en Samuel har mei tûzen hasten ree meitsje om fuort, ferberget Book syn eigen auto yn Elaine har garaazje. Hy skillet Carter op en freget him mei klam om alle papierwurk oangeande Rachel en Samuel dyselde jûns noch te ferneatigjen, wat Carter docht. Sels set Book mei Rachel en Samuel yn Elaine har âld brik fan in auto ôf nei Lancaster County om harren thús te bringen. Dat slagget, mar as er allinnich wer ôfsette sil, rekket er bewusteleas troch bloedferlies en riidt er de dowetil om.

Rachel en har skoanheit Eli skuorre him út 'e auto om him te fersoargjen, wêrby't Book eefkes by besleur komt. Hy drukt harren op it hert om him net nei it sikehûs te bringen en der likemin in dokter by te heljen, mei't syn skotwûne dan oanjûn wurde moat. Dêrtroch soene de korrupte plysjes him fine kinne, en as se him fine, fine se Samuel ek. Dat, Eli en Rachel bêdzje him yn 'e útfanhûzerskeamer en helje Stoltzfus derby, in foaroanman fan 'e Amish-mienskip dy't weet hat fan tradisjonele genêswizen. Stoltzfus stelt fêst dat de kûgel der by Book oan 'e rjochterside fan foarren ta'n yn en fan efteren wer ta'n út gien is, en dat der gjin organen rekke binne. De wûne is lykwols troch gebrek oan direkte fersoarging ûntstutsen rekke. Hy jout Rachel it resept fan in húsmiddeltsje dêr't se de wûne mei deppe moat en seit tsjin Eli dat er de âldsten fan 'e Amish-mienskip oer dizze ûntwikkelings ynljochtsje moat. Book komt foarearst net wer by en rekket djip wei yn 'e koarts. Hy slacht alderhanne rou praat út as er oan it dwyljen giet, mar Rachel ferpleecht him en wykt de hiele nacht net fan syn side. De oare deis, as Book wer bykomt, blykt der in espel burdige keardels om syn bêd hinne te stean. It binne de Amish-âldsten, dy't beslisse dat Book, de omstannichheden yn acht nommen, foarearst by Eli en Rachel bliuwe mei.

Under de fersoarging fan Rachel betteret Book neitiid stadichoan op. As er fan bêd ôf komt, hoewol't Stoltzfus sein hat dat er dêr noch in skoftke mei wachtsje moat, jout Rachel him in pak klean dat fan har man Jacob silger west hat. De Amish-dracht hâldt de Amish net foar de gek, mar wol de bûtensteanders, dy't fanwegen har Ingelske taal troch de Amish "Ingelsen" neamd wurde. Book giet mei Eli nei it doarp Strasburg, dêr't er út in tillefoansel wei Carter opskillet. Dyselde seit dat er út noch yn net weromkomme moat, om't Schaeffer en McFee him as fertochte oanmurken hawwe yn in korrupsjesaak. Carter is bang dat se Book deasjitte sille sadree't se him sjogge. Om't de âld auto fan Elaine nei de oanriding mei de dowetil net mear starte wol, sit der foar Book neat oars op as om foarearst ûnder te dûken by de Amish, dy't eltse foarm fan moderne technology ôfwize en datoangeande noch yn 'e njoggentjinde iuw libje.

Underwilens besiket Schaeffer út te finen wêr't Book himsels ferside brocht hat. It is him wol dúdlik dat er by it Amish-gesin fan 'e jonge tsjûge ûnderdûkt is, mar syn iennichste oanknopingspunt is datoangeande de efternamme fan 'e húshâlding, Lapp. De sheriff fan Lancaster County ynformearret him dat der allinne yn syn county al sa'n 14.000 Amish wenje, fan wa't hast de helte fan Lapp hjit. Om't se gjin tillefoan hawwe, soed er, om Book te finen, dus by al dy lju delgean moatte, en dêr hat er gjin mankrêft foar. Mei't de Amish fierders ek amper kontakt mei de bûtenwrâld ûnderhâlde en in tige sletten mienskip binne, dy't de wetten fan 'e Feriene Steaten net erkent, kriget Schaeffer gjin foet oan 'e grûn.

Geandewei begjint Book op te gean yn 'e mienskip. As Eli him mei de auto fan Elaine omprutsen sjocht, seit er dat er, as er dêr genôch foar opbettere is, ek wol kij melke kin. Dat de oare moarns wurdt Book om healwei fizen fan bêd bonsjoerd om te melken. It gefal wol dat er foarôfgeande oan syn karriêre by de plysje in skoftke timmerman west hat, en as Eli dat ûntdekt, jout er Book tagong ta syn wurkplak en alle ark en reau. Book makket in knikkertljedder foar Samuel en begjint oan 'e reparaasje fan 'e dowetil. As der op in pleats deunby in skuorre boud wurde moat, wat foar de Amish in mienskipsbarren is, wurdt Book omreden fan syn timmermansfeardichheden meifrege. Hy hat aardichheid oan it wurk en helpt mei om inkeld mei brute krêft en njoggentjinde-iuwsk ark yn ien dei tiid in skuorre te setten. De Amish binne ûnder de yndruk fan syn wurk en begjinne him te akseptearjen.

Book en Rachel begjinne harren sterk ta-inoar oanlutsen te fielen op in romantyske wize. Yn 'e kekene Amish-mienskip uterje se dat benammen mei blikken. Rachel har oanbidder Daniel Hochleitner is him bewust fan 'e groeiende bân tusken Book en Rachel. Dat liedt ta in wat dûbelsinnige ûnderlinge relaasje tusken de beide mannen, om't Daniel Book oan 'e iene kant as persoan wol lije mei, wylst er him tagelyk as rivaal sjocht. De jûns let nei de skuorrebou wasket Rachel harsels mei ûntbleate boppelichem. Book sjocht dat troch in iepensteande doar en Rachel wurdt gewaar dat se begluorke wurdt en draait har om sûnder har boarsten te bedekken: in dúdlike útnûging. Nettsjinsteande in suver fielbere seksuele spanning, keare se har allebeide úteinlik faninoar ôf. De oare deis seit Book tsjin Rachel dat, hiene se de leafde bedreaun, dat betsjutte soe dat hy bliuwe of sy fuortgean moast.

Op in dei giet Book wer mei Eli nei Strasburg, dêr't er yn 'e tillefoansel Carter besiket op te skiljen om te fernimmen nei de stân fan saken. It docht lykwols bliken dat Carter dea is, "omkommen by de útoefining fan syn berop", sa wurdt Book trochdien. Hy begrypt dat Schaeffer en McFee syn partner fermoarde hawwe. Breinroer skillet er Schaeffer thús op, sadat dy it tillefoantsje net neilûke kin, en warskôget him dat er efter him oan komt. As er mei Eli neitiid wer nei de pleats giet, is der in ferkearsopstopping om't in pear jonge ûnfatsoenen de hynder-en-wein fan Daniel Hochleitner, dy't foar Eli sines riidt, hohâlde litte om wat wille te hawwen yn it neidiel fan 'e Amish. Ien fan 'e jongfeinten besmodzget it gesicht fan Daniel mei in iisko, feilich yn syn witten dat de Amish pasifisten binne dy't sa'n fernedering sûnder wjerakseljen ûndergean moatte. Book is lykwols net yn it humeur om sok getreiter oer syn kant gean te litten, en slacht de iiskodepper in brutsen noas, wylst er syn maat ek pear opstoppers ferkeapet. De doarpsbewenners sprekke der skande fan, mei't sok wangedrach de toeristen ferjeie soe. Wylst Book mei Eli fuortriidt, makket ien fan harren de sheriff der opmerksum op, dy't it nijs trochspilet oan Schaeffer.

Werom op 'e pleats begjint Book te risselwearjen om fuort. As Rachel dat foar it ferstân kriget, siket se him jûns op as er foar hûs de reparearre dowetil wer te plak set, wêrnei't se inoar hertstochtlik tútsje. De oare moarns ier, as Eli en Book noch oan it melken binne, arrivearje Schaeffer, McFee en in trêde korrupte plysjeman, Ferguson, byneamd Fergie, by de Lapp-pleats. Se kringe de huzinge binnen en nimme Rachel yn gizeling. As Eli út 'e skuorre komt en de mei ôfseage jachtgewearen bewapene bûtensteanders sjocht, is syn earste ympuls om in warskôging oan Book te roppen foar't er delslein wurdt. McFee en Fergie geane de skuorre en it bûthús yn om Book te sykjen. Underwilens hjit Book Samuel, dy't by him is, om sa hurd as er kin troch de fjilden nei de Hochleitner-pleats te draven. Mar as Samuel healwei is en gewearsskotten op 'e Lapp-pleats heart, keart er om en giet er yn 'e hûs, dêr't de troch Schaeffer bewekke Eli en Rachel him sjogge, mar Schaeffer net.