Jules-Eugène Lenepveu (Angers, 12 desimber 1819 - Parys, 16 oktober 1898) wie in Frânske keunstskilder.
Hy waard berne yn Angers. Yn 1833 gied er nei de tekenskoalle yn Angers en waard dêr learling fan Jean-Michel Mercier. Dêr krige er ek kunde oan de byldhouwer Ferdinand Taluet. Hy studearre fan 1837 ôf oan de école des Beaux-Arts yn Parys en wie letter learling fan François-Édouard Picot. Hy gie nei de École nationale. Nei't er yn 1847 de Prix de Rome wûn hie mei syn skilderij 'De dea fan Vitellius' (La Mort de Vitellius), gie er nei Rome om syn oplieding ôf te meitsjen. Grunchec, Philippe (1985). The Grand Prix de Rome: Paintings from the École des Beaux-Arts, 1797–1863. Washington, DC: International Exhibitions Foundation. pp. 102, 156.
Lenepveu waard ferneamd troch syn mânske histoaryske wurken, lykas de plafonds fan de Opéra de Paris (1869-71) dat sûnt 1964 bedutsen is troch in wurk fan Marc Chagall. Chagall woe lykwols it wurk fan Lenepveu net ferneatigje en sa waard syn nije wurk oer dat fan Lenepveu hinne spand. In oar foarbyld is it plafond fan it teäter fan Angers (1871). Hy wie direkteur fan de Frânske Akademy yn Rome fan 1872 oant 1878. Tusken 1886 en 1890 skildere er it fresko fan it libben fan Jeanne d'Arc yn it Panthéon yn Parys.
Yn 1900, twa jier nei syn dea, waard in monumint foar him oprjochte op it binnenplak fan it Musée des Beaux-Arts d'Angers, en letter waard in autofrije strjitte yn Angers nei him neamd. Teffens waard er yn syn berteplak beïerdige op it Cimetière de l'Est
Galery
Sênes út de leginde fan Jeanne d'Arc
Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1819 Kategory:Persoan stoarn yn 1898