Colombiana is in Ingelsktalige Frânske aksjefilm út 2011 ûnder rezjy fan Olivier Megaton, mei yn 'e haadrollen Zoe Saldaña, Cliff Curtis en Lennie James. De titel is it Spaanske wurd foar "Kolombiaanse", in frou út Kolombia. It ferhaal giet oer it Kolombiaanske famke Cataleya, dy't mei njoggen jier sjocht hoe't har âldelju fermoarde wurde troch de trewanten fan drugsbaron don Luis Sandoval. Sels ûntkomt se nei de Feriene Steaten, dêr't se opgroeit op 'e noed fan har omke Emilio. Fyftjin jier letter wurket Cataleya as hiermoardneresse en is se út op wraak. Hoewol't Colombiana fan 'e measte filmkritisy negative resinsjes krige, waard it aktearjen fan Saldaña frijwol rûnom priizge. Yn 'e bioskopen wie de film in hiel beskieden kommersjeel súkses.
Plot Yn 1992 stjoert de Kolombiaanske drugsbaron don Luis Sandoval yn Bogotá in kloft fan syn trewanten ûnder lieding fan syn foarman Marco om syn ûnderhearrige Fabio Restrepo en dy syn gesin te fermoardzjen. De reden dêrfoar is dat Fabio besiket om syn libben te betterjen en syn kriminele ferline efter him te litten. Fabio, dy't it swurk driuwen sjocht, jout oan syn njoggenjierrige dochterke Cataleya in SmartMedia-kompjûterûnthâldskaart mei dêrop alles wat er fan 'e kriminele aktiviteiten fan don Luis ôfwit en seit tsjin har dat it har "paspoart" is. Ek jout er har twa adressen: ien fan har omke Emilio yn Chicago, en it oare fan it kantoar fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA yn Bogotá.
Nei't Fabio en syn frou Alicia dea binne, besiket Marco mei Cataleya te ûnderhanneljen troch har foar te hâlden dat sy wol wit wat don Luis fan har heit weromhawwe wol (ntl. de ûnthâldskaart). Yn ruil dêrfoar beart er dat er har wat jaan sil dat sy graach hawwe wol, hoewol't er fan don Luis opdracht krigen hat om 'e hiele húshâlding ôf te slachtsjen. Mar as er har freget wat sy wol, flústeret Cataleya him ta dat se don Luis dea hawwe wol, wêrnei't se in mês te foarskyn hellet, Marco syn hân oan 'e tafel speetst en út it finster springt. In spektakulêre efterfolging troch de folksbuerten fan Bogotá smyt Marco-en-dy neat op as Cataleya harren ôfskoddet troch te ûntsnappen fia in tagong ta it rioel dy't te lyts is foar folwoeksen manlju.
Cataleya meldt har by it kantoar fan 'e CIA, oan wa't se yn ruil foar in inkele reis nei de Feriene Steaten de ûnthâldskaart mei de ynformaasje oer it drugskartel fan don Luis jout. Under bewekking wurdt se nei de Feriene Steaten brocht, dêr't se by in pleechgesin pleatst wurde sil. By in oerstap yn Miami ûntkomt Cataleya lykwols oan har begelieders, wêrnei't se op eigen manneboet de bus nei Chicago nimt. Dêr bejout se har nei it adres fan har omke, dy't har oannimt as syn eigen dochter en har grutbringt mei help fan Cataleya har pake en beppe, Pepe en Mama. De deis nei har oankomst yn Chicago freget Cataleya oan Emilio om har op te lieden ta hiermoardneresse. Hy stimt dêrmei yn op it betingst dat se earst in normale oplieding op skoalle folget.
Fyftjin jier letter is Cataleya, no 24 jier âld, in feardich hiermoardneresse. Har slachtoffers, sûnder útsûndering yn it kwea behurde kriminelen, kriget se te pakken ek al wurde se noch sa goed bewekke. Omke Emilio fungearret dêrby as tuskenpersoan tusken har en har opdrachtjouwers en filteret dêrby alle opdrachten derút dy't er te gefaarlik of om in oare reden net gaadlik foar har fynt. By eltse moard dy't se begiet, lit se in tekening mei lippestift fan 'e cattleya-orgidee, dêr't se nei ferneamd is, efter op 'e búk fan har slachtoffer. Har bedoeling dêrmei is om 'e oandacht te lûken fan don Luis en te meitsjen dat er efter har oan komt. Koart nei har eigen flecht nei de Feriene Steaten hat don Luis it nammentlik as ynformant mei de CIA op in akkoartsje goaid en is er mei Marco en ferskate oare neiste meiwurkers earne yn 'e Feriene Steaten op in geheim plak ferburgen. Dêrtroch kin Cataleya, dy't noch altyd op wraak sint, inkeld ûntdekke wêr't er him befynt as er himsels ferriedt.
It probleem is dat spesjaal agint James Ross, fan 'e Amerikaanske nasjonale resjerzje FBI, dy't it ûndersyk liedt nei wat se de 'tagmoardner' neame, war docht om alle ynformaasje oer har 23 moarden, en dêrmei ek de weromkearende tekening fan 'e blom, geheim te hâlden. Nei't Cataleya in finzen nommen krimineel yn syn sel yn in plysjeburo fermoardet wylst er op 'e noed is fan 'e United States Marshals Service, nimt de druk op Ross lykwols safolste ta, dat er einlings en te'n lêsten in foto fan 'e lippestifttekening frijjout oan 'e media. As Emilio yn 'e krante lêst wat Cataleya dien hat, is er des duvels en feecht er har de mantel út om't se net allinnich har eigen libben yn gefaar brocht hat mei har sinleaze syktocht nei wraak, mar ek dat fan himsels en har pake en beppe.
Cataleya is lykwols wisberet om troch te setten, en by in folgjende moard, op in smoarrike oplichter yn Miami, docht se itselde wer. Dan is Emilio yn alle steaten, dat hy wegeret noch langer foar har as tuskenpersoan op te treden en ferklearret har karriêre as hiermoardneresse foar beëinige. Cataleya bliuwt efter mei in âlde foto fan har mei har heit en mem, dy't Emilio har jûn hat mei de fraach oft se tinkt dat har âlden grutsk op har binne. Dêrmei wit er ta har troch te kringen, dat mei spyt beslút Cataleya har syktocht nei wraak te beëinigjen. Underwilens is har boadskip lykwols einlings oankommen by don Luis, dy't mei Marco en syn liifwachten yn in filla yn New Orleans tahâldt. Hy begrypt dat Cataleya op him jaget, dat hy stjoert Marco út om 'e famylje fan Fabio Restrepo yn 'e Feriene Steaten op te spoaren.
Tusken har moardreizen troch hat Cataleya ûnderwilens in romantyske relaasje opboud mei de jonge keunstner Danny Delanay, dy't har inkeld ken as 'Jennifer' en dy't fierders neat fan har libben ôfwit. Hy is oprjocht fereale op har en frustrearre dat Cataleya him neat oer harsels fertelle wol. As se by him thús op bêd leit te sliepen, nimt er mei syn mobile tillefoan in foto fan har. Om Danny te helpen stjoert syn bêste freon Ryan dy foto letter troch nei Shari, in mei him befreone frommeske dat as administratyf meiwurkster by de plysje wurket. Hy bepraat har om op basis fan 'e foto in yllegale syktocht nei de identiteit fan Cataleya út te fieren yn 'e plysjedatabase. FBI-agint Ross, dy't Cataleya dochs al op it spoar wie troch de moard yn it plysjeburo, wurdt troch it kompjûtersysteem warskôge as de syktocht fan Shari har nei syn fertochte ta liedt. Op dy wize kriget Ross in nij oanknopingspunt en kin er Cataleya letter opspoare troch Danny syn tillefoan ôf te lústerjen.
Cataleya wit mar op it nipperke te ûntkommen as in spesjaal arrestaasjeteam fan 'e plysje har appartemintekompleks binnenfalt. Se flechtet nei Emilio ta, mar ûntdekt dat Marco-en-dy dêr op besite west hawwe, wêrby't har omke, mar ek Pepe en Mama en harren liifwachten allegearre deamakke binne. Nei't se útgûld is, ferfettet se mei nij fjoer har syktocht om wraak. Se wachtet Ross by him thús op en twingt ûnder bedriging fan syn (op dat stuit ôfwêzige) frou en bern om foar har út te sykjen wêr't de CIA don Luis ûnderbrocht hat. Wannear't Ross him op kantoar opsiket, wegeret CIA-agint Steve Richard syn meiwurking, mar as Cataleya him út in foaroerlizzend gebou mei in skerpskuttersgewear ûnder skot nimt en dúdlik makket dat it har mienen is, feroaret er fan gedachten en jout er har fia Ross, mei wa't se tillefoanysk yn kontakt stiet, it adres fan don Luis yn New Orleans.
Don Luis kriget troch in tillefoantsje fan Richard foar it ferstân dat Cataleya efter him oan komt, dat hy nimt mear befeiligingslju oan. Marco en syn oare trewanten binne derfan oertsjûge dat Cataleya besykje sil om yn 'e filla binnen te glûpen sûnder dat se it merke, om't dat har wenstige wurkwize is. Ynstee dêrfan sjit se in raketgranaat op 'e filla ôf, wêrmei't se yn ien klap de helte fan 'e binde fan don Luis útskeakelet. De pânsere flechtauto fan 'e drugsbaron eliminearret se troch mei in weardetransportbuske dwers troch de muorre fan 'e garaazje nei binne te batsen en de auto oan grôt te riden. Dêrnei nimt se it op tsjin Marco en syn oerbleaune trewanten, dy't se ien foar ien út 'e ljochten helpt oant inkeld Marco sels noch oer is. Mei him fjochtet se in man-tsjin-mangefjocht út yn 'e badkeamer dêr't er him ferskûle hat, dat úteinlik einiget yn Marco syn dea. Don Luis, dy't himsels op in sideplak ferburgen hie, sjocht ûnderwilens syn kâns skoan en ûntkomt yn it buske fan syn liifwachten. As Cataleya him opskillet op 'e mobile tillefoan fan Marco, hat er wer in grut wurd en bedriget er har mei de dea. Mar it docht bliken dat Cataleya, foar't se de filla yngie, de hiemhûnen fan har pake Pepe yn it buske ferstoppe hie, en as se fia de tillefoan it befel jout om oan te fallen, skuorre de bisten don Luis útinoar.
In ûnbeskate tiid letter wurdt Danny ûnderfrege troch agint Ross, mar hy kin de FBI-agint neat mear oer Cataleya fertelle as Ross dochs al wist. As Ross der eefkes út giet om in kop kofje te heljen, wurdt Danny op syn mobile tillefoan opskille troch Cataleya. Se witte allebeide dat it in koart petear wêze moat, want mei 40 sekonden kin de FBI har lokaasje trasearje. Danny freget har in pear dingen en seit dat er fan har hâldt, krekt foar't de alarmearre Ross him de tillefoan út 'e hannen skuort. Cataleya hinget op foar't de 40 tellen om binne en wurdt foar it lêst sjoen as se earne yn 'e Feriene Steaten op 'e bus stapt.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Cataleya Restrepo Zoe Saldaña Emilio Restrepo, Cataleya har omke Cliff Curtis FBI-agint James Ross Lennie James
byrollen personaazje akteur/aktrise Marco Jordi Mollà don Luis Sandoval Beto Benites de jonge Cataleya Amandla Stenberg Danny Delanay Michael Vartan CIA-agint Steve Richard Callum Blue U.S. marshal Warren Graham McTavish Fabio Restrepo, Cataleya har heit Jesse Borrego Mama, Cataleya har beppe Ofelia Medina brigadier Bill Attwood Charles Maquignon William Woodward Sam Douglas Alicia Restrepo, Cataleya har mem Cynthia Addai-Robinson Genarro Rizzo Affif Ben Badra Pepe Restrepo, Cataleya har pake Angel Garnica Ryan, Danny syn bêste freon Billy Slaughter Shari Nikea Gamby-Turner
Produksje en distribúsje Produksje Colombiana waard regissearre troch Olivier Megaton nei in senario fan Luc Besson en Robert Mark Kamen, dat oarspronklik de titel Mathilda droech en bedoeld wie foar in ferfolch op 'e film Léon (1994). Dy ferfolchfilm waard lykwols nea makke om't Besson en filmstudio Gaumont spul krigen oer hoe't se it projekt ferwêzentlikje moasten. As produsinten wiene Besson en Ariel Zeitoun by Colombiana belutsen foar de filmstudio's EuropaCorp, Groupe TF1, Grive Productions, Groupe Canal+. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Romain Lacourbas, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathaniel Méchaly.
Opnamen De opnamen foar Colombiana setten útein yn augustus 2010. De film waard foar in part opnommen yn 'e studio yn Frankryk en foar in part op lokaasje yn Meksiko (de sênes yn Kolombia), Chicago en New Orleans.
Distribúsje De distribúsje fan Colombiana waard fersoarge troch EuropaCorp. De film gie op 27 july 2011 yn 'e Frânske bioskopen yn premiêre, en iepene op 26 augustus fan dat jier yn 'e Feriene Steaten.
Untfangst Fan 'e filmkritisy krige Colombiana oer it algemien negative resinsjes. Nettsjinsteande dat karakterisearre Christy Lemire fan parseburo Associated Press de film as "solide neisimmerfermaak" en de haadpersoan as "in fuortsetting fan it soarte stereotype- en swiertekrêftfergjende personaazjes dêr't [produsint Luc Besson] namme mei makke hat". Se ferliek Cataleya mei de froulike haadpersonaazjes út oare films fan Besson, lykas La Femme Nikita (1990) en The Fifth Element (1997). Yn 'e Los Angeles Times neamde Betsy Sharky Colombiana in "B-film", mar ek in ferfining fan it eardere wurk fan Besson.