Walk the Line is in Amerikaansk-Dútske biografyske romantyske dramafilm út 2005 ûnder rezjy fan James Mangold, mei yn 'e haadrollen Joaquin Phoenix en Reese Witherspoon. De titel betsjut letterlik: "Rin op 'e Line", wat frij fertaald delkomt op: "Bliuw op it Rjochte Paad". It is it libbensferhaal fan 'e ferneamde countrymuzikant Johnny Cash, basearre op syn beide autobiografyen. De plot fan 'e film folget Cash yn 'e earste helte fan syn libben, oant 1968, en lit sjen hoe't er trochbriek as sjonger en wraksele mei in ferslaving oan drugs. In sintraal plak yn 'e film wurdt ynnommen troch Cash syn ûnlijige relaasje mei sjongster June Carter, de leafde fan syn libben, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Walk the Line waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Walk the Line wûn de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. Reese Witherspoon wûn foar har rol as June Carter de Oscar, Golden Globe, BAFTA, Satellite Award en Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise, wylst Joaquin Phoenix de Golden Globe foar bêste akteur binnenhelle foar syn fertolking fan 'e rol fan Johnny Cash.
Plot De film set útein mei in ramtferhaal. Yn 1968 wachtet in entûsjast publyk fan finzenen yn 'e Steatsfinzenis Folsom yn Kalifornje ûngeduldich op 'e opkomst op it poadium fan 'e ferneamde countrysjonger Johnny Cash. Underwilens sit Cash yn 'e romte efter it tydlike poadium, dat it wurkplak fan it tichthûs is. Dêr wurdt er ôflaat troch in tafelseage, dy't syn prakkesaasjes werombringt nei syn bernetiid.
Yn 1944 groeit in tolvejierrige Johnny op yn earmoedige omstannichheden op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Arkansas, by it doarp Dyess. Syn âldere broer Jack, mei wa't er twa jier skeelt, is syn bêste freon. Harren âldelju Ray en Carrie hawwe in lytse katoenplantaazje dêr't de húshâlding him mar kwealk mei bedrippe kin, temear om't Ray, dy't syn wiif en bern dan wol net fysyk, mar wol deeglik geastlik mishannelet, in grut part fan it ynkommen dertroch bringt mei drinken. Johnny, dy't op dy leeftyd bekendstiet as J.R., is tige muzikaal oanlein, in eigenskip dy't er fan syn mem hat. Syn heit hat lykwols hielendal neat mei muzyk en besiket him ôf te learen wat er as flauwe kul sjocht, om't er him neffens Ray better talizze kin op hurd bodzjen. Johnny grypt lykwols eltse kâns dy't er kriget oan om nei country- en gospelmuzyk op 'e radio te harkjen. Hy is benammen in grut fan fan Mother Maybelle and the Carter Sisters, in groep besteande út Maybelle Carter en har dochters Helen, Anita en de tsienjierrige June.
Op in dei, as Ray Cash wer ris yn 'e kroech sit te drinken, nimt Jack in putsje oan op in houtseagerij om wat by te fertsjinjen troch in lading tmmerhout troch in tafelseage te heljen. It is de bedoeling dat Johnny him helpe sil, mar dy ferfeelt him dêr sà, dat Jack him fuortstjoert om te angelfiskjen, en ûnthjit dat er by him komme sil sadree't er it seachwurk klear hat. Dat, Johnny giet sûnder euvelmoed te fiskjen, mar Jack komt net opdaagjen. Uteinlik, as er op hûs oan giet, komt er syn lulke heit Ray tsjin, dy't om him siket. Johnny wurdt meinommen nei it pleatslike sikehûs, dêr't Jack nei in needlottich ûngemak mei de tafelseage yn it stjerren leit. Ray jout Johnny de skuld fan Jack syn dea en byt him ta dat de duvel him "de ferkearde soan ôfnommen" hat.
Seis jier letter, yn 1950, ferlit Johnny mei achttjin jier foar it earst syn âldershûs om yn militêre tsjinst te gean. Hy komt by de Amerikaanske Loftmacht te tsjinjen en wurdt op in fleanbasis yn Landsberg am Lech stasjonearre, yn West-Dútslân. Hy hat it dêr tige min nei it sin. Yn 1952 skaft er syn earste gitaar oan en begjint er, om soelaas te finen, yn syn frije tiid ferskes te skriuwen, wêrûnder Folsom Prison Blues. Nei't er yn 1954 út 'e tsjinst komt, keart Johnny werom nei de Feriene Steaten, dêr't er mei syn freondinne Vivian Liberto trout. It jonge pear set him nei wenjen yn Memphis (Tennessee), dêr't Johnny in baan oannimt as (ûnsúksesfol) kolporteur. Yn syn frije tiid spilet er gospelmuzyk mei twa freonen, de monteurs Luther Perkins en Marshall Grant. Al rillegau krije hy en Vivian in lyts famke en net folle letter is der in twadde bern op kommendeweis.
Fanwegen syn wurk komt Johnny oeral yn Memphis, en sadwaande wit er fan it bestean ôf fan in opnamestudio, dêr't aspirearjende muzikanten tsjin betelling in grammofoanplaatsje opnimme litte kinne. As Vivian him ûnder de noas wriuwt dat er net genôch fertsjinnet om 'e hier foar harren behindige appartemintsje op te bringen en dat der in útsettingsbefel tsjin harren útfurdige is, beslút Johnny einlings en te'n lêsten de grutte sprong te weagjen. Hy set mei Luther en Marshall nei de opnamestudio ta, dêr't er de útbater, muzykprodusint Sam Phillips, dy't ek eigner is fan platemaatskippij Sun Records, wit te bepraten om harren daliks audysje dwaan te litten. De gospelmuzyk dêr't se mei oankomme, fynt Phillips mar neat, dat hy jout Johnny te ferstean dat er opsokkebalje moat as er neat betters wit. Ut klearebare wanhope sjongt Johnny dan Folsom Prison Blues. Dat is in liet dêr't Phillips wol belangstelling foar hat, dat Johnny en syn maten krije in platekontrakt.
It earste liet dat fan harren útbrocht wurdt, Cry! Cry! Cry!, wurdt in grutte hit, dat net folle letter geane Johnny-en-dy op toernee as Johnny Cash en The Tennessee Two (letter Johnny Cash en The Tennessee Three). Se dogge mei oan in jûnfoljend programma mei oare opkommende muzikanten en reizgje fan gefolgen yn in toerkarafaan mei û.o. Elvis Presley, Jerry Lee Lewis en Carl Perkins. Ek June Carter is fan 'e partij, en sadwaande komt Johnny mei har yn 'e kunde. As jonkje dat by de radio omhong, wied er al fereale rekke op har stim, en no't er har yn it echt moetet, is er smoar. Sy hat ek gefoelens foar him, mar hy is troud en sy hat krekt in aaklike skieding efter de rêch, dat as er har op in jûn besiket te tútsjen, wiist se him op mylde wize ôf. Se wurde freonen, mar Johnny langet nei mear. Underwilens rekket Johnny ferslave oan alkohol en troch tadwaan fan Elvis Presley ek oan drugs. Thús kin er eins gjin wurd kwyt oer syn wurk, want Vivian hat neat mei muzyk en wol it oer oare dingen hawwe. Harren houlik wurdt hieltyd ûngelokkiger.
Yn 1962, as er June fjouwer jier net sjoen hat, moetet Johnny har wer by útrikking fan 'e American Music Awards. June har twadde houlik rint dan op syn ein en se hat ferlet fan in ynkommen. Johnny syn stjer is almar fierder riisd, dat hy biedt har oan om mei him op toernee te gean as syn wurknimster. As se dan in pear dagen frij hawwe moat om't ien fan har dochterkes siik is, betellet er har gewoan troch. Dat is in oanbod dat se net ôfslaan kin. Dat June giet mei Johnny en The Tennessee Three op toernee en dat wurdt in grut súkses. Efter de skermen binne der lykwols oanboazjende spannings. Johnny is noch altyd smoarfereale op June, en Vivian, dy't ek net gek is, merkt dat. Se begjint June beskôgjen as de reden foar it feit dat it mei har houlik yn 'e nederklits rekket, en dêr hat se foar in part gelyk oan.
Nei in optreden yn Las Vegas freget Johnny oan June oft se noch eefkes in nachtmûtske nimme sille, en sy nûget him út yn har hotelkeamer. Se reitsje mei-inoar op bêd, mar de oare moarns hat June der spyt fan dat se mei him sliept hat as se opmerkt hoe't Johnny in hantsjefol pillen efteroer slacht. Johnny is der hielendal stikken fan as er neitiid wer ôfwiisd wurdt troch June, dat hy siket ûntwyk yn drank en yn noch folle mear drugs. By it optreden fan dy jûns hâldt en draacht er him nuver en ûnfoarsisber, en úteinlik falt er derhinne op it poadium. June, Luther en Marhsall stopje him op bêd en sizze de rest fan it toernee ôf. Ear't se op hûs oan giet, trochsiket June de hotelkeamer fan Johnny en spielt al syn drugs troch it húske. Dat makket dat Johnny 'twongen' is om yn Meksiko nije drugs te keapjen. As er weromkomt yn 'e Feriene Steaten, wurdt er op 'e lofthaven yn El Paso opwachte troch de pleatslike narkotikabrigade, dy't syn bagaazje trochsiket. De plysje ferwachtet heroïne oan te treffen, mar it blykt allinne om pillen te gean, dêr't Johnny in doktersresept foar produsearje kin. Fan gefolgen ferbliuwt er mar ien nacht yn 'e sel. Underwilens komt June thús, dêr't se it liet Ring of Fire skriuwt om utering te jaan oan har gefoelens oer it feit dat Johnny almar fierder weisakket yn syn ferslaving.
Johnny syn houlik mei Vivian spat útinoar as er thús grutte foto's ophingje wol fan syn optredens, dêr't June prominint op stiet. Nei in heechoprinnende rûzje nimt Vivian de bern mei en lûkt by har âldelju yn. Sy en Johnny skiede, wêrnei't hy yn 1966 nei Nashville ferhuzet, dêr't June ek wennet. Hy keapet in grutte filla yn in bosk oan 'e igge fan in marke by Hendersonville, in foarstêd fan Nashville. Dêr nûget Johnny yn novimber fan dat jier June en har âlden en syn eigen âldelju út foar de fiering fan Thanksgiving. Syn heit Ray kin lykwols mar net ophâlde mei Johnny del te heljen, en nei al dy jierren hat Johnny dêr sa njonkelytsen skjin syn nocht fan. Under ynfloed fan alkohol en drugs siket Johnny ûnder iten de konfrontaasje mei syn heit op, sadat de dei útrint op in bittere famyljerûzje.
Nei't Ray en Carrie ôfset binne, fiteret Maybelle Carter har dochter oan om Johnny te helpen. June antwurdet dat se dêr net oan begjinne kin, mar har mem wiist har derop dat se der jierren lyn al oan begûn is. Dat, June besiket it noch in kear. Se trochsiket it hiele hûs en goait alle drugs en drank fuort. Sy en har âlden lûke tydlik by Johnny yn, en as syn drugsdealer delkomt mei syn gebrûklike levering, jaget Ezra Carter de man fuort ûnder bedriging mei in jachtgewear. Sa wurdt Johnny twongen om ôf te kicken. Neitiid begjinne hy en June foarsichtich oan in relaasje, mar al hoe't er har ek freget en smeekt en biddelet, se slacht syn houliksoansiken ôf.
No't er wer tiid hat foar sokke dingen, ynstee fan dat er de heale dei foar pampus leit fan 'e drank en drugs, ûntdekt Johnny dat in grut diel fan syn fanmail komt fan lju dy't fêstsitte yn finzenissen. Hy stelt foar om op toernee te gean by tichthuzen yn 'e hiele Feriene Steaten lâns, te begjinnen mei de Steatsfinzenis Folsom, dêr't syn liet Folsom Prison Blues oer giet. De platebazen by syn label Columbia Records binne dêr gjin foarstanner fan. Se hâlde út dat it meastepart fan 'e lju dy't de platen fan Johnny keapet, bestiet út fromme kristenen, dy't net wolle dat er moardners en ferkrêfters yn 'e finzenis bliid makket. Johnny antwurdet dat it dan ek gjin kristenen binne en set syn idee troch. Hy beslút sels om in live-album op te nimmen yn Folsom, mei as titel At Folsom Prison.
Werom yn 1968 yn 'e Steatsfinzenis Folsom komt Johnny Cash wer ta himsels fan syn koarte fersinking yn gedachten oer syn eigen libbensskiednis. Hy en June geane it poadium op en hâlde harren earste optreden yn in tichthûs, en it album dat se dêr opnimme wurdt in grut súkses. Se geane op toernee by finzenissen en oare gelegenheden lâns. By in optreden yn London (Ontario) ûnderbrekt Johnny in opfiering fan it duët Jackson troch te sizzen dat er net fierder sjonge kin ear't June taseit om mei him te trouwen. It publyk hâldt de siken yn. June wifket, mar Johnny praat foar de mikrofoan op har yn oant se einlings en te'n lêsten tawurd jout. Se omearmje en tútsje inoar en it publyk barst út yn jûchhei. Troch syn houlik mei June en it feit dat er fan 'e drugs en de drank ôf is, wurdt Johnny in hiele nije minske. Hy is in bettere heit foar syn bern en in goede styfheit foar June harres. Hy leit it skeel mei syn eigen heit Ray by.