Stasjon Bilthoven (Bhv) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske doarp Bilthoven yn de gemeente It Bilt yn de provinsje Utert; it waard iepene yn 1863 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).

Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Bilthoven wie in lyts gebouke, boud yn 1865, ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk (1815 - 1887). It stasjonsgebou waard yn 1876 útwreide mei in ekstra ferdjipping. Dy ferdjipping waard it wenhûs fan de stasjonsjef, de benedenferdjipping hie dêrnei in folsleine stasjonsfunksje. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1907.

It stasjonspart fan it earste stasjonsgebou waard yn 1901 ferfongen troch in twa nije geboukes ûnder in oerkaping op it perron. Yn it foarste gebou kamen loketten en in frachtôfdieling en yn it achterste gebou de wachtromten en húskes. In jier earder wei ek de nije wenning fan de stasjonsjef ree kaam. In pear jier letter is de kap oan beide kanten fan it perron gâns ferlinge. Sawol begjin jierren 60 as ein jierren 90 binne de gebouwen op it perron yngripend ferboud. Yn 2013 kaam der in tunnel mei treppen en liften om feilich op it perron komme te kinnen. Dêrfoar moast de eardere wenning fan de stasjonssjef al wike. Dat gebou is stien foar stien nei it spoarweimuseum yn Utert ferhuze.

It stasjon waard oant 1918 "stasjon De Bilt" neamt; it doarp Bilthoven bestie noch net doe't it stasjon oanlein waard.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5500Sprinter (NS)Utert Sintraal – 'Bilthoven – Den Dolder – BaarnRydt jûns en yn it wykein 1 x yn 'e oere.5600Sprinter (NS)Utert Sintraal – 'Bilthoven – Amersfoart Sintraal - Swol

Kategory:Bouwurk yn De Bilt Bilthoven Bilthoven Bilthoven