Stasjon Den Dolder (Dld) is in stasjon oan de Sintraalspoarwei yn Den Dolder yn de gemeente Seist yn de provinsje Utert. It waard iepene op 1 jannewaris 1895, en waard oant 1 maaie 1912 "stopplak Dolderscheweg" neamt.
Gebou Yn 1914, njoggentjin jier nei iepening fan it stasjon en twa jier nei't it fan stopplak promovearre wie ta stasjon, krige it Stasjon Den Dolder in stasjonsgebou. It rjochthoekige gebou dat op it perron stiet, bestiet út lege bakstiennen muorren mei dêrboppe suver allinnich hout en in protte glês. It sealtek stekt oan beide siden sadanich út dat it as perronoerkaping funksjonearret. Efter it stasjonsgebou stiet noch in gebouke mei húskes en opslachromte. It gebouke hat deselde foarm as it haadgebou mar is hast hielendal yn bakstien útfierd.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster5500Sprinter (NS)Utert Sintraal – Den Dolder – BaarnRydt jûns en yn it wykein 1 x yn 'e oere.5600Sprinter (NS)Utert Sintraal – Den Dolder – Amersfoart Sintraal - Swol
Kategory:Bouwurk yn Seist Dolder, Den Dolder, Den