Stasjon Geldermalsen (Gdm) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Geldermalsen yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1868 oan de Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel).
Gebou It oarspronklike spoarweistasjon fan Geldermalsen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Houten, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en ien fan de seis stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en Gerrit van Diesen. It earste stasjongsgebou waard al yn 1884 ôfbrutsen, fanwegen oanpassingen oan it spoar troch de krusing mei de Betuweline.
It stasjon waard ferfongen troch in grut asymetrysk gebou. In middenpart fan it stasjon is 2,5 ferdjipping heech, en hat twa 1,5 ferdjipping hege fleugels. Yn 2011 waard op stasjon Geldermalsen in nije fuotgongersbrêge yn gebrûk naam. Dy traverse ferfong de tunnel oan de eastkant, dy't as sosjaal ûnfeilich typearre waard, en de âlde, smelle brêge oan de westkant. De nije brêge, is foarsjoen fan liften sadat it stasjon ek tagonklik is foar reizgers mei in rolstoel. De fuotgongersbrêge waard yn 2021 alwer ferfongen troch in nije fuotgongerstunnel.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster6000Sprinter (NS)Utert-Sintraal – Geldermalsen – De Bosk6900Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Gouda – Utert-Sintraal – Geldermalsen – Tiel7300Sprinter (Qbuzz)Doardt – Gorkum – Geldermalsen
Kategory:Bouwurk yn West-Betuwe Geldermalsen Kategory:Bouwurk út 1867