Lieke Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Nederlânsk turnster.

Libben en karriêre Lieke is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Oldenzaal. Sy hat in twillingsuster, Sanne Wevers, en se binne beide mei 6 jier mei turnjen begûn.https://www.sanne-lieke.nl/over-sanne-lieke/ Se wurde traind troch harren heit Vincent Wevers.

Lieke wenne yn Oldenzaal en turne earst by Bason TON yn Almelo. Fan 2011 ôf traint har heit har en har suster. Letter makke sy tegearre mei har heit en twillingsuster de oerstap nei Topsport Noord op It Hearrenfean.

Yn 2015 hat Lieke nei de Europeeske Spullen west en dêr hat se ferskate prizen wûn. In gouden plak op de balke en op de flier, mearkamp en lannewedstriid hie se in brûnzen medalje. It jier dêrnei gie sy mei it Nederlânske team nei de Olympyske Spullen yn Rio. Dêr helle sy mei it Nederlânsk team it 7e plak. Ek pleatste Lieke har foar de finale mearkamp yndividueel dêr't se op it 20ste plak einige. Mei har sus pleatste se har foar de Olympyske Simmerspullen fan 2024 yn Parys.

Keppeling om utens artikel yn Elle

Kategory:Nederlânsk turner Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1991