thumb|350px|Romeinsk akwadukt by Segovia, Spanje
In akwadukt is in brêge foar in wetterrin (rivier, kanaal) of in wetterlieding, wêrby't oare (ferkears)streamen ûnder it wetter troch laat wurde.
Tapassingen Rom foar it begjin fan de jiertelling waarden akwadukten al brûkt as wichtich ûnderdiel fan yrrigaasjesystemen. Bekend binne ek de grutte Romeinske akwadukten (aqua=water, ducere=liede), dy 't grutte stêden fan drinkwetter foarseagen. Guon dêrfan koenen sa'n 190.000 m3 de dei oerbringe (Chanson, 2000). Yn Rome wurde inkele akwadukten ek hjoeddedei noch foar dat doel brûkt.
Pas letter waarden ek akwadukten boud foar it skipfeartferkear. Yn Fryslân giet it hieltiten om in wei dy't in wetterwei ûnderlân krúst, mar yn oare lannen binne ek befarbere akwadukten boud op it plak wêr't twa wetterwegen mei ferskillende wetterhichtes inoar kruse. Minstens ien fan beide krusende wetterwegen is yn dat gefal dus keunstmjittich. In akwadukt yn in auto(snel)wei hat in soad wei fan in tunnel. It grutte ferskil is dat by in akwadukt de wetterwei troch in betonnen bak streamt, wylst by in tunnel allinnich mar sprake is fan in konstruksje ûnder de oarspronklike bêding troch.
Romeinske akwadukten Inkele bekende Romeinske akwadukten binne te finen yn: Súd-Frankryk, by Nîmes (Pont du Gard) Caesarea, Israel Segovia, Spanje Mérida, Spanje Tarragona, Spanje
Akwadukten yn Fryslân thumb|right|200px|Akwadukt by Grou Ie-Akwadukt yn de Ie by Wâldsein, (N928); 2007 Akwadukt Galamadammen yn it Johan Frisokanaal by Koudum, (N359); 2007 Houkesleat Akwadukt yn de Houkesleat by Snits, (Rûnwei Snits); 2003 Akwadukt Jeltesleat yn de Jeltesleat by De Hommerts, (N354); 2007 Leppa Akwadukt yn de De Boarn by Akkrum (A32); 1996 Margaretha Zelle Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de westlike yngongswei yn Ljouwert; 2017 M.C. Escher Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de Drachtsterwei yn Ljouwert; 2017 Prinses Margriettunnel, besuden Snits, yn it Prinses Margrietkanaal, (A7); 1978 Akwadukt Mid-Fryslân yn it Prinses Margrietkanaal by Grou (A32); 1992 Akwadukt Langdeel besuden Ljouwert, Rykswei 31; 2006 Akwadukt De Geau yn De Geau by Snits, Rykswei 7 (A7); 2008 Richard Hageman Akwadukt yn it Van Harinxmakanaal op de Heak om Ljouwert; 2014 Hendrik Bulthuis Akwadukt yn de Kromme Ee by Burgum, N356; 2016 Akwadukt Van Harinxmakanaal yn it Van Harinxmakanaal yn Harns, N31; 2017
Akwadukten yn Nederlân thumb|200px|It Gouwe-akwadukt. Alphen-akwadukt yn de Gouwe by Alfen oan de Ryn (N11); 1998 Amstel Akwadukt yn de Amstel besuden Uithoorn, N201; 2014 Akwadukt yn de Berkel by Borculo; 1967 Boxemtunnel, in akwadukt yn de N331 tusken Swol en Hasselt Cortlandt-akwadukt yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn Nieuwerkerk aan den IJssel (A20); 1984 Dampoortakwadukt yn it Kanaal troch Walcheren by Middelburch, N57; 2011 Eko-akwadukt Zweth en Slinksloot tusken Skiedam en Midden-Delflân, A4; 2015 Akwadukt Feluwemar yn de Feluwemar by Harderwyk (N302); 2003 Gaachakwadukt yn de Gaach by Schipluiden (A4); 1998 Gouwe-akwadukt yn de Gouwe by Gouda (A12); 1981 Limesakwadukt yn de Alde Ryn by Leiderdorp en Zoeterwoude-Rijndijk, A4; 2014 Navidukt Krabbersgat yn de Houtribdyk by Inkhuzen (N307); 2013 Rien Nouwen Akwadukt yn it Gein by Abcoude foar it spoar Amsterdam-Utert; 2006 Akwadukt Ringfeart Haarlimmermar yn de Ringfeart fan de Haarlimmermarpolder by Nieuwe Wetering (A4); 1958 Akwadukt Steenbergen aan Zee, by Stienbergen, A4; 2013 Akwadukt Vechtzicht, yn de Fecht by Muiden; 2016 Vlietakwadukt by Leidschendam, (N14); 2003 Waterdrager yn de Ringfeart fan de Zuidplaspolder, yn it sintrum fan Nieuwerkerk aan den IJssel
Akwadukten yn Belgje Le pont-canal du Sart te Houdeng-Aimeries by La Louvière In akwadukt by de Skipslift fan Strépy-Thieu
Akwadukten yn it Feriene Keninkryk Barton Swing Akwadukt dy't it Bridgewater Canal oer it Manchester Ship Canal fiert yn Barton by Manchester; Pontcysyllte Akwadukt dy't it Llangollen Canal oer de rivier de Dee fiert yn it noardeasten fan Wales. Avon Akwadukt
Navidukt In navidukt is ek in akwadukt, mar dan mei in skutslûs yn de wetterrin. It ienige Nederlânske navidukt leit by Inkhuzen yn de Houtribdyk, it Navidukt Krabbersgat.
Keppeling om utens
5 nije akwadukten yn Fryslân List mei 600 Romeinske akwadukten wêrfan 25 yn detail beskreaun
Boarne Chanson, H. (2000).
Kategory:Akwadukt Kategory:Wetter Kategory:Brêge Kategory:Bouwurk nei soarte Kategory:Lienwurd út it Latyn