Yn Fryslân stean noch 13 gebouwen dy 't de funksje fan waach hân hawwe. De waachgebouwen ferlernen harren funksje en hawwe sûnt dy tiid oare bestimmingen, lykas VVV-kantoar of Aldheidkeamer.

Skiednis It âldste noch besteande gebou yn Fryslân is de Waach fan Ljouwert út 1598. Yn de plakken Boalsert, Hylpen en De Lemmer makket de waach diel út fan it stedhûs.

Almeast lei de waach oan in farwetter of haven om de bûter en tsiis oan te fieren.

Plakken mei in Waachgebou Waachgebou Jier OfbyldAldeboarn 1736 100x150px Boalsert 1617 100x150pxDokkum 1754 100x150pxFrjentsjer 1657 100x150pxDe Gordyk 1875 100x150pxHarns 1733 Hylpen 1683 100x150pxKollum 1779 100x150pxLangwar 1879 100x150pxDe Lemmer 100x150pxLjouwert 1598 100x150pxLjouwert (beurs) 1880 100x150pxMakkum 1698 100x150pxSleat 1759 100x150pxWarkum 1650 100x150px

Fan ferskate oare plakken is bekend dat der ea in waach stien hat, lykas yn Akkrum, Balk, It Hearrenfean, Drylts, Jirnsum, De Jouwer, Snits, Starum, Wolvegea, Wommels en Wâldsein.

Sjoch ek Boppensteand artikel is ien fan de oersjochartikelen yn de searje Arsjitektuer yn Fryslân

Literatuer Meten en wegen in Friesland (1994), Uithuizen: Bakker

Waach