Ellen Marie Elze Anthing Vogel (De Haach, 26 jannewaris 1922 – Amsterdam, 5 augustus 2015) wie in Nederlânske aktrise.

Biografy Vogel wie lid fan de patrysjersfamylje (Anthing) Vogel en wie in dochter fan de foardrachtskeunstner (Louis) Albert Vogel senior en de foardrachtskeunstneres Ellen Buwalda, bekend ûnder de artystenamme Ellen Vareno. Har broer Albert en suster Tanja giene beiden ek oan it toaniel.

Vogel gie yn 1942 nei de toanielskoalle, debutearre yn 1945 by Comedia en spile fan 1950 oant 1971 ôf by de Nederlandse Comedie. Dêrneist wie se in protte yn films en op 'e telefyzje te sjen. Yn 1961 krige sy de Theo d'Or foar har rollen yn Kasteel in Zweden en Joseph in Egypten.

By har fyftichjierrich jubileum yn 1995 waard Vogel grande dame fan it Nederlânske teäter neamd, in offisjeuze titel dy 't foarhinne weilein wie foar Mary Dresselhuys. Op snein 29 novimber krige sy de Blijvend Applaus Prijs 2009 útrikt.

By gelegenheid fan har 85e jierdei ferskynde in webside mei fideo- en audiomateriaal en waard it boek Ellen Vogel oer har libben en wurk útjûn. It boek waar skreaun troch Tonko Dop en Anneke Muller.

Ellen Vogel hat troud west mei akteur Hans Tobi, mei wa't se yn 1946 in soan krige, Peter Paul Tobi . Nei har skieding fan Tobi yn 1949 wenne se oant 1955 mei regisseur Fons Rademakers. Sûnt 1976 wie se troud mei Jimmy Münninghoff. Hy stoar yn juny 2012 yn 'e âldens fan 86 jier.

Ellen Vogel ferstoar yn 2015 yn de âldens fan 93 jier. De kremaasjeplechtichheid wie op Westgaarde yn Amsterdam.

Telefyzje 1969: De kleine zielen 1975: Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan 1982 en 1984: Mensen zoals jij en ik, frou Leeghwater resp. Eugenie Oldeveld 1982-1983: Armoede 1983: Herenstraat 10 1984: Willem van Oranje 1992-1998: Zonder Ernst 1998: Villa Felderhof, mei Edgar Vos 2003: Oude koeien 2006: Ellen Vogel, koningin van het toneel (Close Up-dokumintêre fan Jan Fillekers en Henk van der Horst) 2009: Bernhard, schavuit van Oranje 2012: Beatrix, Oranje onder vuur 2013: Doris (tf-rige)|Doris 2013: Sterren op het Doek

Teäter 1945: Weekend in Californië (debút) 1983-1984: De kersentuin (Anton Tsjechov)

Film

1946: Bezet gebied 1960: Makkers, staakt uw wild geraas 1961: Het mes 1969: Monsieur Hawarden 1981: De vergeten zuster 1983: Brandende liefde (nei de roman fan Jan Wolkers) 1985: Paul Chevrolet en de ultieme hallucinatie 2001: The Discovery of Heaven 2002: De tweeling 2005: Masterclass

Keppelingen om utens Fideo- en audiomateriaal Ellen Vogel Hanny Alkema, 'Vogel, Ellen Marie Elze', yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland.

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1922 Kategory:Persoan stoarn yn 2015