Stasjon Tilburch (Tb) is it wichtichste spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Tilburch yn de provinsje Noard-Brabân. En waard iepene yn 1863 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht).
Gebou 200px|thumb|left 200px|thumb|left 200px|thumb|left It earste, neoklassisistyske stasjon waard yn de 19e iuw oanlein noardwestlik fan de stedske kearn; noardliker leine noch wol herdgongen, foar in part ferbûn troch lintbebouwing. It stasjon wie in Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen type tredde klasse en wie ien fan de njoggen stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en wie iepene op 5 oktober 1863. As ûnderdiel fan steatsline E. It stasjon waard dernei noch meardere kearen yngreven ferboud.
Begjin jierren 60 moast der in heechspoar oanlein wurde, wêrtroch 't it earste stasjon yn 1961 wike moast. Direkt nei de sloop begûn de nijbou. It hjoeddeiske stasjonsgebou, nei in ûntwerp fan Koen van der Gaast, kaam ree yn 1965, fjouwer jier nei it ôfbrekken fan it âlde, is sûnt 2016 in ryksmonumint, It stiet benammen bekend om dit dat dat bekens stiet as "it kroepoekdak". Perrons, tsjinstromten, restauraasje en oare fasiliteiten lizze yn blokken ûnder dat dak, sûnder der kontakt mei te meitsjen, neffens de ûntwerpfilosofy fan Van der Gaast, dy't in stasjon beskôge as in oerkoepeling foar sosjale en logistike funksjes. Der wie noch in oare bysûnderheid dy't doedestiids de oandacht luts: nei stasjon Amersfoort Centraal wie dit it twadde Nederlânske stasjon dat roltreppen krige. Yn 2013 gie in ferbouwing fan it stasjon fan start, werby der in nij perron en nije tunnel oanlein wurde.tilburg.com Ontwerp station Tilburg gereed
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 1100 Intercity (NS) De Haach Sintraal – De Haach HS – Delft – Rotterdam Sintraal – Breda – Tilburch – Eindhoven Sintraal 3600 Intercity (NS) Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol 21400 Intercity (NS) Sintraal – Tilburch – Eindhoven Sintraal – Utert Sintraal Alinne freedtenachts 6400 Sprinter (NS) Tilburch Universiteit – Tilburch – Eindhoven Sintraal – Weert Jûns en yn it wykein wurdt der 1 x / oere riden op it hiele trajekt.6600Sprinter (NS) Doardt – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim SintraalRydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
Kategory:Bouwurk yn Tilburch Tilburch Kategory:Bouwurk út 1863