Stasjon Delden (Ddn) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Delden (gemeente Hôf fan Twinte) yn de provinsje Oerisel. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Gebou It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1904 is oan de rjochterkant in fleugel oanboud. It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Keolis. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as galery.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster RS 2431200 Stoptrein (Keolis)Sutfen – Delden – Hengelo – Oldenzaal In healoeretsjinst
Kategory:Bouwurk yn Hôf fan Twinte Delden Kategory:Bouwurk út 1863