Saint-Martin-de-Boscherville is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Seine-Maritime yn 'e regio Normandje.

Geografy Saint-Martin-de-Boscherville leit yn in bocht fan 'e Seine op goed 13 km. west fan Rouen op in hichte fan 16 m. It plak leit yn it Regionale Natoerpark 'Boucles de la Seine Normande'.

Skiednis Saint-Martin-de-Boscherville is in Gallyske stifting út 'e ein fan 'e 1e iuw nei Kristus. Archeologen hawwe yn 'e kleastergong fan 'e abdij de fûneminten fan in Gallo-Romeinske omgongstimpel ûntdutsen. Yn 'e 7e iuw waard op it plak fan 'e heidenske timpel in oan Sint-Joaris wijde grêfkapel boud. Raoul de Tancarville, keamerhear fan Willem de Oermasterer helle Augustynske koarhearen nei it plak, dy't nei 1114 troch Benediktinen ferfongen waarden.

Yn 1225 waard de nije abdijtsjerke Abdij Saint-Georges de Boscherville ynwijd. By opgravings waard in 13e-iuwsk bewurke abtskrús fan messing fûn.

Mei de Frânske Revolúsje waard it kleaster ûntbûn en de measte kleastergebouwen ôfbrutsen. De abdijtsjerke bleau lykwols bewarre en krige de funksje fan parochytsjerke. Dêrtroch rekke de âldere, oan Martinus fan Tours wijde, parochytsjerke oerstallich. De Martinustsjerke tsjinne noch in skoft as salpeterpakhûs en waard dêrnei ôfbrutsen.

Op 16 juny 1997 hie it plak troch heechwetter yn 'e Seine lêst fan oerstreamings.

Ekonomy Tradysjoneel spile feehâlderij (molke, tsiis, fleis) de wichtichste rol yn it libben fan 'e selsfoarsjennende boerebefolking; nôt- en fruittylt (apels, prûmen, kersen) wiene ek wichtich. Oerskot waard op 'e merk yn Rouen ferkocht. Stadichoan kamen der lytse ambachts- en tsjinstbedriuwkes by. Sûnt de jierren 1970 hat toerisme in jimmeroan wichtiger rol yn it ekonomyske libben fan 'e mienskip.

It besjen wurdich De restaurearre Sint-Joaristsjerke stiet tsjinwurdich model foar de Normandyske romaanske boustyl. De restaurearre kapittelseal út 'e 12e/13e iuw It oangrinzgjende park dat oarspronklik oanlein waard yn 'e 17e iuw en yn 'e 20e iuw rekonstruearre waard.

Yn 'e kontrijen: Yn it doarpke Genetey stiet in manoir fan 'e timpeloarder út 'e 13e iuw. Sûnt 1974 is de yn 'e 16e iuw ferboude manoir in Monument historique. De kapel datearret út 'e 16e iuw.

Yn it doarpke Brécy stiet in âld fakwurkhûs, dat sûnt 1968 in Monument Histoarique is.

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Seine-Maritime Kategory:Gemeente yn Seine-Maritime