Stasjon Swol (Zl) is it spoarweistasjon fan Swol, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Oerisel. It is in wichtich spoarpunt mei in soad oerstappers. Spoarlinen út de rjochtingen Kampen, Ynskedee, Dimter, Emmen, Amersfoart Sintraal, Meppel, Grins, Ljouwert en Lelystêd Sintrum komme allegear yn Swol byinoar. Stasjon Swol is it drokste stasjon fan de provinsje Oerisel. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Doardt.

Gebou It earste stasjon fan Swol waard iepene op 6 juny 1864 mei it yn gebrûk nimmen fan de Spoarline Utert - Kampen, de spoarline fan de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij (NCS) dy 't Utert fia Swol mei Kampen ferbûn. Dit wie in tydlik stasjonsgebou omdat de NCS der op rekkene oer net al te lange tiid it meigebrûk te krijen fan it nije stasjon fan de Steatsspoarwegen, dat doe yn de planning stie boud te wurden. It yn 1873 ôfbrutsen gebou lei neist it hjoeddeiske stasjon, sa ûngefear oan de hjoeddeiske krúsing Rieteweg en Willemskade. Op dit plak wie letter, oant 1997, it perron fan de PTT foar it postferfier mei de trein. Yn 1866 iepene de Steatsspoarwegen (SS) it nije grutte stasjon fan it type earste klasse oan de spoarline Arnhim - Ljouwert (Steatsline A). Stasjon Swol is mei Stasjon Doardt de iennige twa 1e klasse SS-stasjons dy 't ea boud binne. De NCS makke lykas hope ek gebrûk fan dit stasjon. It stasjon beskikt oer sân trochgeande perronspoaren wêrfan seis oan wjerskanten fan trije eilanperrons, twa kopspoaren en in bûsspoar oan de westkant en fjouwer kopspoaren oan de eastkant. De perrons waarden yn 1950 mei-inoar ferbûn troch in reizgerstunnel. Yn 1992 is it gebou ynwindich ferboud en yn 1995 is de âlde perronkap ferfongen. Yn 2003 is op it 1e perron in nij stik perron-oerkaping yn gebrûk naam tusken it stasjonsgebou en de noardlike kopspoaren yn. Ek de stasjonstunnel komt ûnder dizze oerkaping út. Yn 2004 is de tunnel ferlinge nei de súdlike kant fan it stasjon. Yn 2011 waard dizze tunnel ôfbrutsen om plak te meitsen foar in nije tunnel dy't yn 2015 iepene waard.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 500 Intercity (NS) Rotterdam Sintraal – Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol – Assen – GrinsIn healoeretsjinst mei searjes 600 en 700. 600 Intercity (NS) Ljouwert – Meppel – Swol – Amersfoart Sintraal – Utert-Sintraal – Rotterdam SintraalIn healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800. 700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – GrinsIn healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800. 1800 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Meppel – Ljouwert In healoeretsjinst mei searjes 500 en 700.3600 Intercity (NS) Roosendaal – Breda – Tilburch – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Sutfen – Dimter – Swol12600 Intercity (NS) Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam SintraalAlinne freedtenachts 4600Sprinter (NS)De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almeare Sintrum – Almeare Bûten – Lelystêd Sintrum – SwolRide yn de jûnsoeren en it wykein ek fan / nei Den Haach Sintraal.5600Sprinter (NS)Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol8100Sprinter (NS) Swol – Meppel – Assen – Grins In healoeretsjinst9000Sprinter (NS)Ljouwert – Meppel – SwolRiid jûns en yn it wykein allinne tusken Ljouwert en Meppel (1x yn't oere).RE 203800Sneltrein (Arriva)Swol – Mariënberg – EmmenRS 237900Sprinter (Keolis)Swol – Almelo – Hengelo – YnskedeeRS 208000Stoptrein (Arriva)Swol – Mariënberg – EmmenRS 228500Sprinter (Keolis)Swol – Swol Stadshagen – KampenRE 2013800Sneltrein (Arriva)Swol – Coevorden – EmmenAlline yn de spits.IC 2317900Intercity (Keolis)Swol – Almelo – Hengelo – Ynskedeeallinne op wurkdagen oerdeis en 1x yn 'e oere. 32600 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling Nachttrein Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport Alinne freedtenachts

Kategory:Bouwurk yn Swol Swol Kategory:Bouwurk út 1866