|} Steatsline K is de neffens de "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei tusken de stêden De Helder – Alkmar – Uitgeest – Saandam – Amsterdam. De spoarline hat trije spoarbrêgen oer wichtige kanalen: de Koegersbrêge oer it Noardhollânsk Kanaal by Koegras en by Alkmar (1865) en oer it Noardseekanaal by Saandam (Hembrêge, 1878). Lêstneamde brêge waard yn 1983 ferfongen troch de Hemtunnel. maaie it iepenstellen fan de Hemtunnel waard tusken Saandam en Amsterdam Westerdok in hiel nij trasee yn gebrûk naam, de âlde line waard súd fan it Noardseekanaal behâlden as havenspoarline.

Skiednis De wichtichste redenen foar de oanlis fan de line wiene de befoarrieding fan de marinehaven yn De Helder en it ferfier fan fracht sadree 't it Noardhollânsk Kanaal yn de wintermoannen beferzen wie. Plannen foar in spoarline nei De Helder wiene der al langer, mar waarden net útfierd om 't de oerbrêging fan it IJ by Amsterdam te djoer achte waard. De spoarline waard úteinlik as ûnderdiel fan 'e earste steatsoanlis troch de Steat oanlein. De ferbining waard lykwols, yn tsjinstelling ta de oare steatslinen, net eksploitearre troch Steatsspoarwegen, mar troch de HSM.

De spoarline waard yn fjouwer fazen iepene: Datum Trajekt Tuskenstasjons20 desimber 1865De Helder - AlkmarDe Helder Súd, Anna Paulowna, Skagen, Hearhugowaard,Alkmar Noard1 maaie 1867Alkmar - UitgeestHeiloo, Castricum1 novimber 1869Uitgeest - SaandamKrommenie-Assendelft, Wormerveer,Saandyk-Saanske Skâns, Koog oan de Saan15 maaie 1870Saandam - Amsterdam WillemspoarteAmsterdam Sloterdijk Op 15 oktober 1887 waard de line fan Amsterdam Willemspoarte trochlutsen nei it nije stasjon Amsterdam Sintraal. Stasjon Amsterdam Willemspoarte waard op dizze dei sletten, en oant it nije stasjon iepene waard yn 1889 stopten de treinen op it tydlike stasjon Amsterdam Westerdok.

Om't de brêge oer it IJ, ûnder oare troch de oanlis fan it Noardseekanaal, langer op him wachtsje liet, lei de HSM in spoarline oan tusken Uitgeest en Haarlim. Sa wie der fia de Alde line al yn 1867 treinferkear mooglik tusken De Helder en Amsterdam. De earste Hembrêge wie yn 1878 klear. Dat jier waard de spoarweiferbining tusken Amsterdam en Saandam yn gebrûk naam. De treinen tusken De Helder en Amsterdam bleaunen lykwols noch jierrenlang fan beide ferbiningen gebrûk meitsjen.

De spoarline tusken Amsterdam en Alkmar waard al yn 1931 elektrifisearre. It trajekt Alkmar - De Helder folge pas yn 1958. Mei de elektrifikaasje naam ek it tal streekrjochte treinen oer de hiele steatsline wer ta. Yn 1983 waard de hembrêge ferfongen troch de Hemtunnel. Hjirmei hearde wie in wichtich obstakel yn it skipfeart- en spoarweiferkear yn Amsterdam ta it ferline. De spoarline waard oer in lingte fan 8,5 kilometer ferlein. It âlde trasee oan Amsterdamske kant is noch altyd yn gebrûk as havenspoarline. It part oan de Saanske kant is opbrutsen. Yn 1996 is it tal spoaren op trajekt Skagen - Hearhugowaard fan ien nei twa ferdûbele. Tusken De Helder en Skagen leit noch altyd inkeldspoar, mei krusingsmooglikheden op elk stasjon.

Stasjonsgebouwen By it âldste part fan 'e spoarline lâns ferskynden, krekt as by de oare steatslinen út 'e earste oanlisperioade, de standertstasjons fan de Steatsspoarwegen. Alle stasjons ha de Twadde Wrâldkriich trochstien mar binne op it stasjon fan Alkmar nei, dochs allegear ôfbrutsen. Wichtige oarsaken wiene de hege ûnderhâldskosten en in weromrinnend tal aktiviteiten binnen sa 'n grut gebou. It stasjon fan Alkmar waard dan net ôfbrútsen mar is al meardere kearen yngreven ferboud. Stasjon Type gebou Opmerkingen150px De Heldertype SS tredde klasse gebou ôfbrutsen yn 1958, en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt G.J. van der Grinten, om't it gemeente bestjoer it stasjon 600 meter woe ferpleatse sadat de stêd net langer yn yn twaen dield waard troch it spoar.150px De Helder SúdNS, Abry KoegrasLyts geboukeStasjon sletten yn 1938 BreezandLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938 Anna Paulownatype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1971 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma OudesluisLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1950, stasjon sletten yn 1938150pxSkagentype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1967 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma. SkagerwaardLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1932, stasjon sletten yn 1931 ZijdewindLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1970, stasjon sletten yn 1938 Noard Skarwâldetype SS fiifde klassegebou ôfbrutsen yn 1954, stasjon sletten yn 1938150px Hearhugowaardtype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1967 ôfbrutsen en ferfongen troch in standerttype Douma. 2e stasjonsgebou yn 1989 bûten gebrûk steld en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt R.M.J.A. Steenhuis. 2e stasjonsgebou is hjoeddedei yn gebrûk as snackbar. St. PancrasLyts geboukegebou ôfbrutsen yn 1968, stasjon sletten yn 1938150pxAlkmar Noardunyk ûntwerp150px Alkmartype SS tredde klasseMeardere kearen yngreven ferboud Heiloolyts gebouke1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen, 2e stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma.150px Onze Lieve Vrouwe ter NoodGjinstasjon sletten yn 2013150pxCastricumtype SS fiifde klasse1e stasjonsgebou yn 1969 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. 2e stasjonsgebou yn 2020 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. UitgeestUnyk projekt1e stasjonsgebou yn 1969 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma. 2e stasjonsgebou yn 2003 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp. Den HamGjin Stasjon sletten yn 1887150px Krommenie-Assendelfttype Hoogezand1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma, yn 2008 ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt J. Eulderink, om't it stasjon 400 meter is ferpleatst. 3e stasjonsgebou is hjoeddedei yn gebrûk as cafe.150px Wormerveertype Hoogezand1e stasjonsgebou yn 1978 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma fergelikber mei Stasjon Krommenie-Assendelft. Saandyk-Saanske Skânstype Hoogezand1e stasjonsgebou yn 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. 2e stasjonsgebou yn 1976 ofbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt C. Douma.150px Koog oan de SaanStanderttype Vierlingsbeek1e stasjonsgebou yn 1986 ôfbrutsen en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt C. Douma.150pxSaandamtype Hoogezand1e stasjonsgebou yn 1983 ôfbrutsen en ferfongen troch in unyk ûntwerp fan arsjitekt P.A.M. Kilsdonk, om't it stasjon 300 meter is ferpleatst. Noorder IJdijkGjinstasjon sletten yn 1909 HembrugLyts geboukestasjon sletten yn 1982, gebou ferpleatst en wurd hjoededei brûkt has túnhûs. Amsterdam PetroleumhavenGjinstasjon sletten yn 1902 Spaarndammerdijk-HouthavenGjinstasjon sletten yn 1900150px Amsterdam Sloterdijkunyk ûntwerp150px Amsterdam Willemspoarteunyk ûntwerpgebou ôfbrutsen yn 1878, stasjon sletten yn 1878150pxAmsterdam WesterdokHouten gebougebou ôfbrutsen yn 1889, stasjon sletten yn 1889150pxAmsterdam Sintraalunyk ûntwerp

Sjoch ek Steatslinen Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen

Steatsline K K Kategory:Bouwurk út 1870