De Grutte Merk (Nederlânsk: Grote Markt) is it sintrale plein yn it âlde sintrum fan de Oeriselske haadstêd Swol.
Skiednis It plein is ien fa de âldste parten fan de stêd en leit op it plak dêr't eartiids in oerstekplak oer it rivierke de Grote Aa wie. Yn de fjirtjinde iuw waard dy rivier tichtsmiten en waard der om dat plak hinne boud dêr't de hjoeddeistige foarm troch ûntstie.
Iuwenlang waarden der fonnissen op it plein útfierd. By de haadwacht fan de Grutte of Sint-Michaelstsjerke stien in skandepeal. Misdiedigers waarden dêr ûnder oaren mei de swipe slein en brânmerke. De deastraf waard útfierd troch middel fan rêdbraken, ûnthalzgjen of ophingjen. Dat barde foar de lêste kear yn 1837 doe't Albert Wetterman ferhongen waard foar de moard op syn frou.
Oant yn de njoggentjinde iuw waarden der sneins nei tsjerketiid foar de haadwacht de saneamde tsjerkespraken holden. Dêr waard yn buorkundich makke hokker keapen en pachten dy wyks wêze soene.
Yn 1840 ferhûze de molkhannel fan de Melkmarkt (Molkemerk) nei de Grutte Merk. Dy merke duorre oant 1909.
Yn 1929 waard der in rotonde op it plein oanlein om it oanboazjende ferkear yn goede banen te lieden. Dy rotonde is ûnderwilens al wer fuorthelle en it plein is hjoed-de-dei autofrij, mei útsûndering fan taksys en foar itbefoarriedzjen fan de winkels.
Strjitten en gebouwen oan it plein Omreden syn sintrale lizzing, komme der in soad strjitten út op it plein dêr't de bekendste faaks de Diezerstrjitte (Diezerstraat) fan is. De Korte Ademhalingssteeg ferbynt it plein mei it Grutte Tsjerkeplein (Grote Kerkplein). Oan it plein steane in soad âlde gebouwen, wêrûnder de Grutte of Sint-Michaelstsjerke. De gebouwen oan de Grutte Merk hawwe oarspronklik ek saneamde hûsnammen. By guon gebouwen is dy hûsnamme fannis opmakke en te sjen op de gevelmuorre. Der waard yn 2006 ûndersyk dien nei de hûsnammen. Net fan alle pannen wie doe in namme bekend.Zwols Historisch Tijdschrift, Special, Een plaats van vele herinneringen: De Grote Markt. 23e jiergong, 2006, nummer 2
Yn it midden fan it plein stiet in glêzen byld fan aartsingel Michael dy't de beskermhillige fan de stêd Swol is.
Hûsnammen Nûmer Hûsnamme Fryske oersetting Namme op it pân (2006) 3 De Drie Kalanders (oarspronklik: De Drie Camelotten) De Trije kalinders <center> 4 In de Zon Yn de Sinne <center> 5 Koning DavidKening David <center> 6 Het Rad van Avontuur It Rêd fan Aventoer <center> 7 De Blauwe Druif De Blauwe Drúf <center> 8 De Goude Arend (oarspronklik:De Clarenborch) De Gouden Earn <center> 9 De Blanckensteyn <center> 10 In 't Rode Hert Yn it Reade Hart <center> 11 east De Gouden Ster De Gouden Stjer <center> 11 west De Kronenborg De Kroaneboarch <center> 11 Het Nieuwe Heerenlogement (nei gearfoeging east- en westlik part) It Nije Heare-út-fan-hûzersplak <center> 12 De Zilveren Helm De Sulveren Helm <center> 13 De Witte Wan <center> 13A Stadscafé Blij <center> 14 De Drie Flesjes De Trije Fleskes <center> 15 Het Hondje It Hûntsje <center>
Galery
Kategory:Plein Kategory:Strjitte yn Swol