|} De Spoarline fan Viersen nei Venlo is in yn 1866 iepene grinsoerskriedende spoarline dy't de Dútske stêd Viersen mei Venlo yn Nederlân ferbynt. It Nederlânske part is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanlein as de fiif kilometer lange Steatsline G: Venlo - Kaldenkirchen. It Dútske part fan de spoarline is oanlein troch de Bergisch-Märkische Eisenbahn-Gesellschaft en as spoarline DB 2510 ûnder behear fan DB Netze. In part fan it trajekt op Dútsk grûngebiet is op guon plakken inkeldspoar.
Steatsline G Steatsline G is de neffens de "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei dy't eins net mear is as in ferbiningswei tusken it Nederlânske en it Dútske spoarnetwurk. It is dan ek in lyts part fan it spoar fan Viersen nei Venlo. Steatsline G is yn 1968 elektrifisearre mei de Dútske boppeliedingsspanning fan 15 kV en is hjirtroch net mei Nederlânsk elektrysk materieel te beriden. Dêrom is der krekt foar it stasjon fan Venlo in spanningsslûs. Neist it reizgersferfier is de spoarline fan belang foar it frachtferfier tusken de Rotterdamske haven en it Ruhrgebiet. Ek nei de iepening fan de Betuwerûte rydt in grut tal frachttreinen noch altyd fia de âlde rûte oer Steatsline G nei it Dútske Ruhrgebiet.
Treintsjinst NS en DB Oant 1995 ried der tusken De Haach en Keulen alle twa oeren in trochgeande buorlântrein. Yn 1995 waard dy tsjinst beheind ta Eindhoven Sintraal om yn 1999 alhiel te ferdwinen. Dêrneist rieden der ek oare ynternasjonale treinen lykas D-treinen en boattreinen.
DB Regio De Deutsche Bahn fersoarge dêrnei oant desimber 2009 it persoaneferfier op dit trajekt mei RE-treinen. Tusken desimber 2009 en juny 2010 ried DB Regio yn opdracht fan de EuroBahn oant april 2010 tusken Venlo en Mönchengladbach, dêrnei tusken Venlo en Kaldenkirchen, omdat de FLIRT-treinstellen fan EuroBahn op it Nederlânske diel noch net talitten waarden.
Eurobahn Yn maart 2007 waard bekend dat eurobahn de oanbesteging fan de Maas-Rhein-Lippe-Netz wûn hie. De eurobahn fersoarget sûnt 2009 de treintsjinst foar it regionaal persoaneferfier Fan juny ôf meie de Eurobahn treinstellen fan it type Stadler FLIRT ek trochride nei Venlo.
Stasjons en gebouwen Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 6 stasjons: (kursyf: earder stasjon) Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou 150px Venlo 21 novimber 1865 1958, NS 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast. 150px Kaldenkirchen 29 jannewaris 1866 1866, BME, 1e gebou, stasjonsgebou hjoed de dei yn gebrûk as útgeansgelegenheid. 150px Breyell 150pxBoisheim1878150pxDülken29 jannewaris 18661866, BME, 1e gebou.150pxViersen29 jannewaris 18661866, BME, 1e gebou.
Sjoch ek Steatslinen Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen
Viersen, Venlo Viersen, Venlo Kategory:Bouwurk út 1866