Adrianus Eversen (Amsterdam, 13 jannewaris 1818 - Delft, 1 desimber 1897) wie in Nederlânske keunstskilder.

Adrianus Eversen waard yn de 19e iuw al wurdearre om it typysk Hollânske sfearbyld dat er yn syn wurk oproppe koe. As lid fan Arti et Amicitiae yn Amsterdam hearde er ta de keunstnerselite fan syn tiid.

Eversen wie in gelikens fan Cornelis Springer - beide wiene om deselde tiid learling fan H.G. ten Cate - en skildere krekt as dy meast Ald-Hollânske stedsgesichten. Yn de kar fan syn ûnderwerpen stie er him lykwols mear frijheden ta. Hy skildere foar it grutste part tinkbyldige stedsbylden, gearstald út besteande en betochte fragminten, yn tsjinstelling ta de mear neffens de wierheid skilderjende Springer. Hy wie ek in learling fan Cornelis de Kruyff.

Minsken yn it deistich libben, Nederlânske arsjitektuer yn de stêd en op it plattelân en de ljochtfal fan de sinne spilen in grutte rol yn syn wurk.

Eversen wurke yn Amsterdam (oant 1889), Rotterdam (nei 1889) en Hurderwyk.

Galery

Literatuer , Adrianus Eversen 1818-1897. Schilder van stads- en dorpsgezichten (2010), Pictures Publishers, Woudrichem,

Keppelingen om utens Adrianus Eversen by it RKD Adrianus Eversen by artnet.com Adrianus Eversen by Galery Tromopenburgh

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1818 Kategory:Persoan stoarn yn 1897