Victor Boucquet of Vigor Boucquet (Veurne, 1619 – dêre, 11 febrewaris 1677) wie in Flaamske skilder ferneamd fan syn portretten en skilderijen fan bibelske ûnderwerpen.
Biografy Boucquet wie benammen aktyf yn syn berteplak Veurne en omkriten, dêr't er frege waard foar alterstikken foar de pleatslike tsjerken en kleasters. Hy wurke yn de typyske Flaamske barokstyl fan syn tiid, mei oanstriid ta somber realisme.
Hy wie in soan fan Marcus Boucquet (in net sa bekende skilder). Yn syn bertestêd wied er lid fan de Sint-Sebastiaansgilde en fan it troch it Jansenisme ynspirearre Sodaliteit fan de Gekruisigde Zaligmaker. Hy skildere histoaryske ûnderwerpen en waard ek wurdearre as portretskilder. Wurk fan him hinget yn ferskate Flaamske tsjerken. It wichtichste alterstik yn de Kapusinetsjerke fan Oostende, in Krúsôfnimming, wurdt taskreaun oan Boucquet.
Wurk fan Boucquet is te besjen yn musea yn Parys, Brussel en Rijsel en yn tsjerken te Veurne, Ieper, Houtem, Izenberge, Gistel, Vlamertinge, Woumen, Lampernisse en Alveringem.
Galery
Literatuer Lien De Keukelaere, Vigor Boucquet (1618/19-1677). Monografie van een barokschilder uit de Westhoek, 2 dln., lisinsjaatstesis KU Leuven, 1998 Louis Vanheule, "Vigor Boucquet", yn: Bachten de Kupe, 1967, nr. 2, s. 44-56
Keppeling om utens
Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830) Kategory:Flaamsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1619 Kategory:Persoan stoarn yn 1677