Dimter (Nederlânsk: Deventer) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Oerisel mei ynwenners (, boarne: CBS) op in oerflak fan 134,33 km². Dimter is nei Ynskedee en Swol de tredgrutte gemeente neffens ynwennertal yn Oerisel.

Op 1 jannewaris 2005 fusearre de doetiidske gemeente Dimter mei de gemeente Bathmen. Sûnt 2001 foarmet Dimter mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem, Sutfen en Voorst it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.

Geografy De gemeente Dimter hat in oerflak fan 134,37 km² en hat as haadplak de stêd Dimter, dy't likernôch 82.000 inwoners hat. Oare grutte kearnen yn de gemeente binne Bathmen (liekrnôch 5.500 ynwenners), Diepenveen (likernôch 4.800 ynwenners) en Schalkhaar (likernôch 6.000 ynwenners). De gemeente grinzget yn it noardwesten oan de gemeente Olst-Wijhe, yn it noardeasten oan Raalte, yn it easten oan Rijssen-Holten, yn it suden oan Lochem (Gelderlân) en yn it westen oan Voorst (Gelderlân).

Plakken +Tal ynwennersCBS Statline 2009 t/m 2012Inwoneraantal gemeente Deventer, Staat van Deventer Plaknamme 2009 2010 2011 2012 2013 2014 2019Dimter * 80.570 81.120 81.425 81.250 81.045 80.660 82.885Bathmen 4.290 4.375 4.405 4.435 4.450 4.460 4.454Schalkhaar 4.690 4.715 4.660 4.715 4.820 5.015 5.225Diepenveen 4.400 4.380 4.350 4.340 4.305 4.270 4.399Lettele 560 575 595 595 605 595 663Okkenbroek 290 295 295 310 315 285 295BuorskippenDortherhoek 200 200 205 205 210 225 219Averlo en Frieswijk 480 465 460 450 450 455 470Loo 720 720 690 710 705 685 713Oude Molen 110 105 105 105 105 110 111Rande 140 145 145 140 130 130 119Tjoene 200 195 210 210 205 200 201Zuidloo 270 270 255 255 255 245 266 Totaal 97.890 98.525 98.735 98.670 98.580 98.320 99.990 * ynklusyf Colmschate (offisjele kearn) en De Hoven mei it bûtengebiet op de westlike ouwer fan de Isel.

300px|thumb|left|Kaart fan de gemeente Dimter

Kategory:Dimter Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2005