Beveren aan de IJzer (ek: Beveren-IJzer) is in doarp yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. Sûnt 1971 is it net mear in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it doarp by de gemeente Stavele foege en yn 1977 by in folgjende weryndieling waard it in dielgemeente fan Alveringem.

Om it plak te ûnderskieden fan oare Belgyske plakken mei deselde namme wurdt faak de namme fan de rivier de Izer tafoege, dy't de súdlik grins foarmet fan it doarp. Yn it súdwesten leit oan de Deade Izer it buorskip Beveren-Kalsijde.

Befolkingsferrin Jier 1831 1846 1856 1866 1880 1890 1900 1910 1920 Ynwenners 1660 1682 1639 1611 1698 1642 1622 1565 1665 Jier 1930 1947 1961 1970 2020 Ynwenners 1317 1303 1064 983 716

It besjen wurdich De Sint-Audomarustsjerke is in trijeskippige goatyske halletsjerke út de 15e iuw, dy't om 1761 hinne ferboud is. It is sûnt 1939 in beskerme monumint. Op it begraafplak lizze acht Belgyske en tweintich Britske fallen soldaten út de Earste Wrâldkriich en acht Britske fallen soldaten út de Twadde Wrâldoarloch begroeven. De wytkalke Brouckmûne út 1872 is in beskerme monumint. De Rohardushof yn it buorskip Beveren-Kalsijde hat in ierdewurkmuseum.

Kategory:Alveringem Kategory:Plak yn West-Flaanderen