Jan Urbeijns de Salle (berne yn De Haach, ferstoarn om 1626 hinne) wie in Frysk portretskilder út de 17e iuw.
De Salle waard yn 1599 ynwenner fan Ljouwert en troude dêr itselde jier mei Sara Abraham Lenerts. Under oare Mathias Heimans en Hendrik Geerts wiene dêr syn learlingen. De klean fan de portrettearren yn syn skilderijen wurde wol as foarbyld fan de Spaanske moade yn dy tiid brûkt. History of fashion (8 jannewaris 2018). Rieplachte op 28 juny 2022.
Yn 1628 waard syn hûs yn de Bontepapestege yn Ljouwert, troch skuldeaskers ferkocht. Syn wurken binne benammen yn it Frysk Museum en yn Ryksmuseum Twinte te besjen.
Galery
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1626