Grins is in gemeente yn it distrikt Landeck yn Tiroal, Eastenryk.

Geografy Grins leit yn it Stanzetal yn it westen fan de Eastenrykske dielsteat Tiroal. De kearn fan de gemeente leit oan de foet fan de 3036 meter hege Parseierspitze.

De gemeente bestiet út de kearnen (Ortsteile) Grins, Innerdorf, Außerdorf, Fals, Tasseier, Graf, Gurnau, Grist, Ochsenberg, Pazol, Gmar (sûnt 2000).

Skiednis It gebiet fan Grins waard al yn de stientiid bewenne. Fynsten fan in stiennen bile en diggels fan urnen binne it bewiis dêrfan. De doarpsnammen fan alle doarpen yn de gemeente hawwe harren oarsprong út de Romeinske tiid. Sa komt "Grins" fan crines itjinge "spjalte" betsjut.

It doarp Grins waard yn 1288 foar it earst neamd yn in oarkonde as Grinnes fan greve Meinhard II fan Tiroal. Dêrút komt ek nei foaren dat yn dy snuorje de (ikker)bou, benammen it ferbouwen fan koarn, de wichtichste boarne fan bestean wie.

Yn in oardering fan de Tiroaler lânshearen waard yn 1330 fêstlein dat in wichtige hannelsdyk, de Arlbergstraße fan east nei west troch Grins rinne moast. Dêrtroch krige it plak in goede ferbining.

Yn 1434 lei de biskop fan Brixen de ekskommunikaasje op oer Grins omreden de Grinzers harren deaden sûnder it bywêzen fan in pastoar begroeven. Nei't twa jier letter de ekskommunikaasje opheft waard, krige Grins syn eigen pastoar. Yn dy snuorje waard ek de Nikolaustsjerke yn Grins foar it earst neamd.

De produksje fan dowestien wie yn dy tiid ek wichtich foar Grins. Sa waarden ferskate pleatslike tsjerken dêrfan boud.

Neffens leginden kaam Margareta fan Tiroal gauris nei de waarmwetterboarnen by Grins. Yn 1925 waard it plak in kueroarde.

Yn novimber 1945 bruts der yn in herberch in brân út dy't him al rap nei omlizzende gebouwen fersprate. De doarpsbewenners en brânwachten fan de buordoarpen wiene sa gau net by steat de brân te dwêsten en sadwaande baarnde in grut part fan it doarp ôf. By de weropbou waard besocht it oarspronklike doarpskarakter fannijs werom te bringen.

Befolkingsferrin Jier 1869 1900 1923 1939 1961 1981 2001 2022 Ynwenners 849 682 730 732 898 1157 1285 1375 * Boarne: Statistyk Austria

It besjen wurdich De letbarokke Sint-Nikolaus-karspeltsjerke fan 1775-1779 De "Romeinske brêge" (Römerbrücke) út 1330 14 histoaryske monuminten

Galery </center>

Keppeling om utens Offisjele webside fan de gemeente Grins

Kategory:Plak yn Tiroal (dielsteat) Kategory:Gemeente yn Tiroal (dielsteat)