Walt Klink (* Bakkefean, 2002 e-talenta.eu) is in yn Fryslân berne Nederlânsk akteur.
Wurkpaad Klink sette yn 2018 útein mei in akteursoplieding oan de 'Noorderpoort' yn Grins.
Hij krige bekendheid fanwegen syn rol Nick yn 'e tillefyzjesearje 'Brugklas' (2019-2020). Ek spile er de haadrol yn de fideoklip 'Smoorverliefd' fan de Nederlânske rapper Snelle. Njonken Craig Scott en Bill Barberis hie Klink in haadrol yn de koarte film 'Barrière' (Ingelske titel: 'Barrier'), dy't yn maaie 2020 yn it ramt fan 75 jier befrijing foar it Siuwske filmprojekt de 'Slag om de Schelde' makke waard.
Yn 2022 krige Klink in haadrol yn de Amerikaanske searje 'Rabbit Hole', nei't er earder byrollen yn de Amazon-searje 'The English' en de Finske searje 'Artic Circle' (Ivalo) krige.
Filmografy 2019-2020: Brugklas - Nick 2020: Smoorverliefd 2020: Barrière 2020: Lieve Mama 2020: Maus 2020-2021: Arctic Circle 2021: Onze straat: Neontetra 2021: U-47700 2022: Rabbit Hole
Keppeling om utens Walt Klink op IMDb
Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Persoan berne yn Bakkefean Kategory:Persoan berne yn 2002