De Slag om de Schelde (ynternasjonale titel: The Forgotten Battle, "De Fergetten Fjildslach") is in Nederlânsk-Belgysk-Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 2020 ûnder rezjy fan Matthijs van Heijningen jr. De haadrollen waarden spile troch Susan Radder, Jamie Flatters en Gijs Blom. De titel ferwiist nei de Slach om 'e Skelde, in bloedich treffen tusken de Kanadezen en de Dútsers oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, by de befrijing fan it Siuwske eilân Walcheren, dy't nedich wie sadat de Alliëarden fia de haven fan Antwerpen befoarriede wurde koene. De plot fan 'e film folget trije persoanen: Teuntje Visser, in jonge Siuwske frou dy't yn konflikt rekket mei de Dútske besetter as har broer Dirk oppakt wurdt foar in fersetsdie; Will Sinclair, in jonge Ingelske soldaat waans fleantúch boppe Seelân delsketten wurdt; en Marinus van Staveren, in Nederlânske kollaborateur dy't tsjinst nommen hat by de Dútske Wehrmacht. Fan 'e filmkritisy krige De Slag om de Schelde oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen prestearre de film teloarstellend, mar dat wie foar it meastepart te witen oan 'e beheinings dy't oplein waarden oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy.
Plot Nei harren lânings op 'e strannen fan Normanje op D-Day tsjogge de Alliëarden stadich op nei it noarden en befrije se de Belgyske stêd Antwerpen. Dy is ideaal om as befoarriedingshaven te fungearjen, mar de tagong ta Antwerpen fia de Westerskelde wurdt behearske troch de gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen (yn it suden) en Walcheren en Súd-Bevelân (yn it noarden) fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. As de Alliëarden Siuwsk-Flaanderen befrije, flechtet in grut diel fan 'e dêr legere Dútske troepen de Westerskelde oer nei Walcheren.
Op Walcheren wurket Teuntje Visser op 'e sekretary fan it stedhûs fan Flissingen ûnder de NSB-boargemaster Oostveen. Se hat gjin sympaty foar de Dútsers, mar fielt har ek net roppen om dyselden te dwerseidzjen. Ynstee is se benammen dwaande mei har eigen oerlibjen fan wat in tiid fan oanboazjende krapte is. Teuntje har heit is in dokter, dy't sawol sike Siuwen as ferwûne Dútske soldaten behannelet, en dêrom troch guon beskôge wurdt as in kollaborateur. Teuntsje har jongere broer Dirk is, sûnder dat sy der aan fan hat, belutsen by it ferset. Hy is ek in amateur-fotograaf mei in eigen dûnkere keamer yn 'e kelder fan syn heite wente. As der in Dútske kolonne foarbykomt, goait Dirk yn in ûnberette opstiging in stien, dy't in frachtweinsjauffeur op 'e holle rekket en trije deaden feroarsaket as de frachtwein dêrnei in pear rinnende soldaten oerriidt. De nije Dútske befelfierder op Walcheren, kolonel Berghof, furdiget dêrop in arrestaasjebefel tsjin Dirk út, sadat er ûnderdûke moat.
Underwilens fjochtet Marinus van Staveren as Nederlânsk frijwilliger by de Waffen-SS oan it Eastfront tsjin it Reade Leger. Nei't er swierferwûne rekke is yn 'e striid, kriget er yn in fjildhospitaal kunde oan in Dútske luitenant dy't beide skonken kwytrekke is. De man is folslein desyllúzjonearre rekke oer de Dútske lieders en de oarloch en fertelt Marinus oer wat er sjoen hat doe't er in skoft as bewekker yn it ferneatigingskamp Chelmno ynset waard. As Marinus opbetteret, besoarget de luitenant, foar't dy himsels troch de holle sjit, him in oerpleatsing nei Nederlân, dêr't er as adjudant en tolk foar kolonel Berghof oan it wurk kin.
Yn Ingelân wurdt de jonge sersjant Will Sinclair traind as piloat fan sweeffleantugen dêr't loftlâningstroepen en materieel mei ferfierd wurde. Syn ienheid wurdt lang om let ynset yn 'e Slach om Arnhim, dy't diel útmakket fan Operaasje Market Garden, in Alliëard besykjen om 'e brêgen oer de Grutte Rivieren te feroverjen. Om't er noch minderjierrich is, hat Will foar syn dielname oan dy striid ferlet fan 'e tastimming fan syn heit, dy't in kolonel by de Royal Air Force is. As syn heit him nee ferkeapet, liicht Will syn befelfierend ofsier, kaptein Tony Turner, foar dat er àl tastimming krigen hat. By de oertocht oer Seelân yn in Airspeed Horsa wurdt harren tastel delsketten troch it Dútske loftdoelgeskut. Se komme del yn it wetter fan in splis steande polder op it eilân Skouwen. Kaptein Turner rekket slim ferwûne en moat neitiid troch Will en de oare oerlibbenen, John, Nigel en de Nederlânske Ingelânfarder Henk Sneijder, op in flot meifierd wurde.
Op Walcheren nimme de Dútsers op befel fan Berghof in stikmannich jonges yn gizeling dy't se driigje te eksekutearjen as Dirk Visser himsels net oanjout. Dokter Visser en Teuntje geane nei Berghof ta om mei him te ûnderhanneljen oer de betingsten foar de oerjefte fan Dirk, en yn it kantoar fan 'e kolonel moetsje se Marinus. Berghof ûnthjit dat de jonge in mylde straf krije sil, wernei't Dirk ôfskie nimt fan Teuntje en harren heit en himsels oanjout. Teuntje, dy't fan Dirk oan 'e weet kommen is dat har bêste freondinne Janna ek by it ferset sit, besiket it ferset te sjantearjen om Dirk te befrijen. Dat docht se troch te driigjen in nustje foto's efter te hâlden dy't Dirk makke hat fan 'e Dútske ferdigeningswurken by it Sloe lâns, de see-earm dy't Walcheren fan Súd-Bevelân skiedt. Uteinlik seit de pleatslike fersetslieder Pim den Oever ta om sa'n befrijingsaksje prebearje te sillen as Teuntje in kaart fan it Sloe út it argyf fan it stedhûs stelt. Teuntje weaget har eigen libben troch dat te dwaan.
Underwilens ûntdekt Marinus dat Dirk yn 'e kelders fan it stedhûs martele wurdt troch de SD om nammen fan oare fersetslju los te krijen. As Dirk lang om let brekt en nammen begjint te neamen, is Marinus oanwêzich as kolonel Berghof befel jout om Dirk mei de oare fersetslju dea te sjitten. Mei't er sympaty foar Teuntje en har heit hat en hieltyd fierder desyllúzjonearre rekket oer de saak dêr't er sa lang foar fochten hat, besiket er Teuntje te warskôgjen, mar se wurde tegearre sjoen, wêrnei't Marinus syn post as adjudant kwytrekket en tenei inkeld noch as sljochtwei soldaat ynset wurdt. Boppedat komt de warskôging te let en wurdt Dirk foar it fjoerpeloton brocht. Troch in wreed tafal, of miskien wol boaze opset fan Berghof, is Marinus dejinge dy't Dirk deasjitte moat.
Will-en-dy moetsje in Siuwske boer dy't harren fertelt dat it Kanadeeske Leger it suden fan Seelân binnentein is. Dêrop beslút kaptein Turner dat se in boatsje sykje moatte om 'e Easterskelde oer te stekken nei Súd-Bevelân. It finen fan in gaadlike boat is makliker sein as dien, en twa fan 'e soldaten yn it selskip, John en Nigel, wurde iepentlik opstannich om't se har leaver oan 'e Dútsers oerjaan wolle. As se yn in ferlitten hûs, yn in plak dat derûnder strûpt is om't de seediken trochstutsen binne, in pear flessen jenever fine, partsje se dy op in jûn om oant se leech binne. De oare moarns, as Will wekker wurdt, binne John en Nigel poater, en wat minder is, se hawwe alle foarrieden meistellen. Kaptein Turner stjoert Will en Henk derop út om in boat te sykjen wylst hy yn it hûs efterbliuwt.
As se letter, sûnder wat bedijd te hawwen, weromkomme, leit der in rubberboat by de foardoar. It docht bliken dat de ferwûne kaptein Turner ûntdutsen is troch in pear Dútske soldaten. By de konfrontaasje dy't dêrop folget, sjit Will beide Dútsers dea, mar kaptein Turner wurdt troch ien fan 'e beide fijannen troch de holle sketten. Will is wisberet om it plan fan Turner troch te setten troch mei de rubberboat fan 'e Dútsers de Easterskelde oer, mar Henk, dy't net swimme kin en wetterfrees hat, wegeret om mei. Sadwaande set Will lykme-allinne ôf. Mei de tonge út 'e bek slagget Will syn oertocht, wêrnei't er in skoft oer de ikkers en troch de greiden fan Súd-Bevelân doarmet, oant er in kolonne fan it Kanadeeske Leger foarby kommen sjocht en him dêrby jout.
Nei de dea fan Dirk leveret Teuntje de stellen kaart fan it Sloe ôf by Janna en Den Oever, dy't sels mar nauwerneed oan 'e Dútsers ûntkommen is. Hy leit út dat de Dútsers de Sloedaam, de iennichste lânferbining tusken Walcheren en Súd-Bevelân, swier fortifisearre hawwe, sadat de Kanadezen der dêr net trochkomme sille. It Sloe sels liket ien en al slyk en sânplaten en dêrmei ûnbegeanber te wêzen, mar op 'e kaart dy't Teuntje stellen hat, stiet in bochtich farwetter oanjûn dat de Kanadezen brûke kinne om troepen efter de Dútske linys op Walcheren oan lân te bringen. De kaart en de foto's dy't Dirk makke hat, moatte nei de Kanadezen ta brocht wurde, mar mei twa skotwûnen yn it liif kin Den Oever dat sels net dwaan. Hy freget Janna om syn plak yn te nimmen, mar dy wifket. Dêrop nimt Teuntje it pakketsje oan en seit dat sy en Janna it tegearre oerbringe sille. Se bejouwe harren nei it Sloe, dêr't se by nacht yn in roeiboat dy't dêr foar harren klearlein is, besykje oer te stekken nei Súd-Bevelân. Se wurde lykwols trappearre troch in Dútske patrûlje, dy't harren ûnder fjoer nimt. Janna wurdt rekke, en Teuntje triuwt har yn 'e boat, smyt har de papierren ta en skoot de boat it wetter op foar't se twongen is om harsels oan 'e Dútsers oer te jaan.
Will makket diel út fan 'e Kanadeeske ienheid dy't besiket de Sloedaam te forsearjen, wylst Marinus ien fan 'e Dútske soldaten is dy't harren tsjinkeart. De Kanadezen moatte har mei swiere ferliezen weromlûke op Súd-Bevelân. Koarte tiid letter treft in Kanadeeske patrûlje de roeiboat mei de swierferwûne Janna op 'e Súdbevelânske igge fan it Sloe oan. Se wurdt nei in fjildhospitaal brocht dêr't se komt te ferstjerren, mar net foar't se de kaart fan it Sloe en de foto's fan 'e Dútske fortifikaasjewurken ôfjûn hat oan 'e Kanadezen.
Dy nachts stekt in kontingint Kanadeeske soldaten, mei Will dêrby, yn boatsjes fia it farwetter dat op 'e kaart oanjûn is, it Sloe oer nei Walcheren, wylst it meastepart fan 'e Kanadeeske troepen in nije oanfal op 'e Sloedaam útfiert. Will-en-dy geane oan lân en falle de Dútsers yn 'e rêch oan, mei as gefolch dat de Dútske ferdigening ynstoart. De Dútske Wehrmacht lijt swiere ferliezen, mei't der gâns soldaten omkomme. It meastepart fan 'e rest jout him oer. In stikmannich flechtsje de mânselhege reidfjilden yn en ûntkomme. Under dy lêsten is Marinus, dy't efterfolge wurdt troch Will. Marinus komt Will fan efteren oer it mad en rjochtet in pistoal op him, mar kiest derfoar om net te sjitten. As er fuortgiet, beslút Will en doch lyk om lyk, dat hy lit him gean.
Marinus jout him fierder nei it westen wer by de Dútske troepen yn in kommandopost dêr't Teuntje finzen holden wurdt. As it berjocht komt dat de Kanadezen yn oantocht binne, folget der in evakuaasje dy't halje-trawalje útfierd wurdt. Ien Dútske ofsier beslút it him oan tiid te dwaan om Teuntje earst noch eefkes stânrjochtlik te eksekutearjen. Marinus, dy't no folslein klear is mei de oarloch, grypt yn en stekt de ofsier del, wêrnei't er de man mei de kolf fan syn eigen pistoal deaslacht. Yn 'e wrakseling hat de ofsier Marinus lykwols twaris yn it boarst witten te sjitten, en neitiid ferstjert er wylst Teuntje helpeleas tasjocht. Will is by de Kanadeeske foarhoede dy't mominten letter de Dútske kommandopost berikt, en hy ken yn Marinus de Dútske soldaat werom dy't er de foargeande nachts ûntkomme litten hat. As de Kanadezen fierder optsjogge yn 'e rjochting fan Flissingen en Middelburch, set Teuntje harren geandefoets efternei om nei hûs.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Teuntje Visser Susan Radder sersjant Will Sinclair Jamie Flatters Marinus van Staveren Gijs Blom
byrollen personaazje akteur/aktrise dokter Visser Jan Bijvoet kaptein Tony Turner Tom Felton Janna Marthe Schneider Henk Sneijder Coen Bril kolonel Berghof Justus von Dohnányi Dirk Visser Ronald Kalter John Theo Barklem-Biggs Nigel Scott Reid Pim den Oever Mark van Eeuwen Bill Robert Naylor kolonel Sinclair Richard Dillane kolonel Stewart Dylan Smith Melis Bart Harder sersjant Mackay Gordon Morris
Produksje en distribúsje Produksje