The Golden Compass is in Amerikaansk-Britske bernefantasy-aventoerefilm út 2007 ûnder rezjy fan Chris Weitz, mei yn 'e haadrollen Dakota Blue Richards en Nicole Kidman. De titel betsjut "It Gouden Kompas". De film kin ek ta it sjenre fan 'e steampunk rekkene wurde, en is basearre op 'e roman Northern Lights, fan 'e Ingelske auteur Philip Pullman, dy't yn Noard-Amearika útbrocht waard as The Golden Compass. It ferhaal spilet yn in parallel universum, dêr't de sielen fan minsken yn bistefoarm njonken harren rinne en in dogmatyske religieuze organisaasje, it Magistearium, besiket en lis it near op frije wil. Om dat te berikken wurde bern ûntfierd troch de saneamde Lokkers, dy't yn it geheim foar it Magistearium wurkje. It weesfamke Lyra Belacqua ûntsnapt oan 'e kâldhertige frou Coulter, en jout har by in clan nomadyske seefarrende Sigeuzen om yn it hege noarden, yn it lân fan 'e Panserbjørne, de pânserdragende iisbearen, op 'e siik te gean nei har weiwurden freonen Roger en Billy.
Northern Lights wie it earste diel fan Pullman syn trilogy His Dark Materials. It wie de bedoeling dat ek de oare beide dielen ferfilme wurde soene, mar dat doarst filmstudio New Line Cinema blykber net oan fanwegen fûleindige krityk fan kristlike organisaasjes op it "ateïstyske boadskip" fan His Dark Materials (ek al wie dat yn The Golden Compas al tige ferwettere). Fan 'e filmkritisy krige The Golden Compass mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. The Golden Compass wûn sawol de Oscar as de BAFTA foar bêste special effects.
Plot Op in Ierde yn in parallel universum bepaalt in religieuze organisaasje dy't it Magistearium hjit wat de befolking leauwe, witte en sizze mei. Yn dy wrâld residearret de siel net yn 'e minske, lykas op ús Ierde, mar bestiet er bûten it minsklik lichem en nimt er de foarm fan in bist oan, dat in dæmon neamd wurdt. Sokke dæmones kommunisearje mei harren persoan as wiene se in selsstannige entiteit, mar nettsjinsteande dat moatte se altyd deunby harren persoan bliuwe. De iennichste útsûndering op dy regel binne de heksen fan 'e loft, dy't fûgelfoarmige dæmones hawwe dy't lange ôfstannen fan harren fysike lichem reizgje kinne. By bern hat de dæmon noch gjin fêste foarm oannommen en feroaret er oanhâldend fan stal.
Lyra Belacqua is in weesfamke, dat grutbrocht wurdt oan it Jordan Kolleezje yn Oxford. Har noch feroarlike dæmon hjit Pantalaimon of koartwei Pan. Lyra har omke, hear Asriël, is in ferneamd ûntdekkingsreizger en wittenskipper dy't oan it Jordan Kolleezje ferbûn is; dêrfandinne dat er syn omkesizzer dêr op 'e noed fan it tsjinstfolk en de heechlearaars efterlitte kin. Lyra har freonen binne twa jonges fan har jierren: Roger Parslow, in weesjonge dy't yn 'e kokens wurket, en Billy Costa, dy't fan Sigeuzysk komôf is. By it boartsjen meitsje de bern inoar bang troch bedrigings mei de Lokkers, in dizenige groep misdiedigers dy't it foarsjoen hat op bern. Sokken ûntfiere bern út 'e earmere maatskiplike klassen, wêrnei't dyselden nea wer sjoen wurde.
Lyra har omke Asriël is yn 'e ban rekke fan it saneamde 'Stof', in ûngrypbere substânsje yn 'e foarm fan kosmyske dieltsjes, dy't fan it Magistearium net iens neamd wurde mei. As Asriël op in dei weromkeart nei Oxford wurdt syn libben rêden troch de ûndogenske Lyra, dy't harsels yn in kast ferburgen hat om syn moeting mei de rektor en de oare heechlearaars ôf te lústerjen. Sa kin it dat se sjocht dat fra Pavel, in glûpske fertsjintwurdiger fan it Magistearium, op in ûnbewekke stuit gif troch de wyn fan hear Asriël mingt.
Neitiid, as de oaren deryn kommen binne, jout Asriël in presintaasje oer syn nijste ûntdekking, te witten: dat de wrâld op 'e Noardpoal troch Stof ferbûn wurdt mei ûntelbere oare Ierden yn parallelle universa. Lyra is ek tsjûge fan 'e presintaasje, mei't Asriël har nei har yngreep hjitten hat om har wer yn 'e kast te ferskûljen. Asriël wol fierder ûndersyk dwaan, wat tsjin 'e seare skonk fan it Magistearium is. De bemuoisucht fan 'e religieuze autoriteiten wurdt lykwols troch de wittenskip net op priis stelt, en it Jordan Kolleezje williget de oanfraach fan Asriël foar finansiering fan in nije ekspedysje yn. Om't Asriël syn teory, as dy bewiisd wurde soe, de hearskippij fan it Magistearium oer de Ierde slim ûndermynje soe, beslút de Hege Ried fan it Magistearium dat der mei Asriël ôfweefd wurde moat. Yn it hege noarden wurdt der sadwaande jacht makke op hear Asriël troch Samojeedske hierlingen, dy't him en syn dæmon Stelmaria úteinlik finzen nimme.
Underwilens moetet Lyra op it Jordan Kolleezje in rike dame, frou Coulter, dy't troch de rektor mei har yn 'e kunde brocht wurdt as "in freondinne fan it Kolleezje". Hja nûget Lyra út om mei har te gean nei Londen. Lyra mei de eigensinnige frou Coulter wol lije en it liket har prachtich om Londen te besykjen. De rektor, dy't by ôfwêzigens fan hear Asriël de fâdij oer har hat, is nuveraardige ûnwillich om frou Coulter yn dizze saak ôf te stegerjen. Ear't Lyra ôfset, siket de rektor har op yn har keamer en bejeftiget er har mei de 'aletiometer' fan har omke, in gouden mjitynstrumint dat op in kompas liket, dêr't men, as men dermei omgean kin, de wierheid oer alles mei efterhelje kin. It binne lykwols mar inkelingen dy't har mei sa'n ynstrumint rêde kinne troch de symboalen te ûntsiferjen. Aletiometers binne in foarm fan ketterij, en it Magistearium hat se allegear, op dizze iene nei, opfoardere en ferneatige. De rektor warskôget Lyra om it ynstrumint geheim te hâlden en fral frou Coulter der net oer te fertellen.
By de ôfreis út Oxford mist Lyra har freon Roger, fan wa't se sadwaande gjin ôfskie nimme kin. Londen blykt in retrofuturistyske stêd te wêzen, dêr't Lyra mei frou Coulter per loftskip hinne reizget. Hja útfanhûzet der yn frou Coulter har wielderich ynrjochte hearehûs. Sa't de rektor har opdroegen hat, soarget se der goed foar dat frou Coulter neat fan it 'gouden kompas' merkt. As Lyra dernei sjocht, wiist it ynstrumint oan ien wei troch in dame, in wjerljochtslach en in poppe oan, om dêrnei wer op 'e nij te begjinnen; se kin de betsjutting dêrfan lykwols net ynterpretearje. Al rillegau feroaret de freonlike wize fan hâlden en dragen fan frou Coulter en lit se har wiere, kâldhertige karakter blike. As Lyra it yn it foarbygean oer Stof hat, wurdt se tige lulk en warskôget se har op strange wize dat se dat nea wer neame mei, en dat se oars in flinke bestraffing ferwachtsje kin.
Frou Coulter ferwachtet fan Lyra dat dy har yn alles hearrich is, mar dat is bûten de eigensinnige persoanlikheid fan it fierhinne yn it wyld opgroeide weesfamke rekkene. In wrokjende Lyra giet mei Pan op ûndersyk út nei dingen dy't frou Coulter foar har geheim hâlde wol. Se ûntdekke dat frou Coulter ferbûn is oan 'e Lanlike Oblaasje Kommisje, wat Lyra neat seit. Pan wiist der lykwols op dat de ôfkoarting dêrfan LOK is, lykas yn LOKkers. Yn formulieren dy't by it âld papier smiten binne, fynt Lyra in list werom mei de nammen fan bern wêrfoar't opdracht jûn is om se troch it LOK ôffiere te litten; op dy list steane ek de nammen fan Lyra har freonen Roger Parslow en Billy Costa, dy't de jûns foar Lyra har ôfreis út Oxford, sûnder dat sy it wist, troch de Lokkers fongen binne. It befel foar harren ôffiering is ûndertekene troch frou Coulter.
Dyselde jûns fynt de dæmon fan frou Coulter de aletiometer tusken Lyra har besittings. Pan feroaret himsels yn in rôffûgel en grypt it ynstrumint werom, wêrnei't hy en Lyra halje-trawalje fia it finster en de daksgoate út it hûs ûntkomme. Op 'e strjitte wurdt it twatal efterfolge troch de troch frou Coulter warskôge Lokkers, mar se wurde rêden troch Ma Costa, de mem fan Billy, en in stikmannich oare Sigeuzen. It docht bliken dat dyselden Lyra al fan Oxford ôf yn 'e rekken holden hawwe. Ma Costa nimt Lyra en Pan mei nei de haven, dêr't se oan board geane fan in skip dat fuortendaliks ôfset. Dêr moetet Lyra hear Faa, de kening fan 'e Sigeuzen, en syn neiste adviseur Farder Coram, dy't har de wurking fan it gouden kompas útleit. Sa'n útlis is foar de measte minksen net genôch om it ynstrumint ek echt brûke te kinnen, mar Lyra blykt dêrfoar in seldsum talint te hawwen en as se witte wol wêr't Roger en Billy binne, lit it gouden kompas har sjen dat dy nei it fiere noarden brocht binne. It skip fan hear Faa set koers dy kant út.
Nei oerlis mei fra Pavel stjoert frou Coulter twa meganyske fleanende ynsekten efter Lyra oan, dy't elts in angel hawwe mei sliepgif. As se har oanfalle, wit Lyra ien fan 'e dingen fan har ôf te huffen, wylst de oare fongen wurdt troch Farder Coram, dy't him fêstset yn in rûn blikje dat er fersegelet mei in laachje waaks fan in kjers. Letter op 'e reis, as Lyra nei tsjuster allinne op it dek is, wurdt se oansprutsen troch in hekse dy't oan board lânet en harsels foarstelt as Serafina Pekkala, de clankeninginne fan 'e heksen fan 'e Enaramar. Hja is de eardere minneresse fan Farder Coram. Serafina sjocht der út as in jonge frou, mar is dat net mear, mei't heksen iuwen libje kinne. Nei't se har derfan bewissige hat dat Lyra it gouden kompas brûke kin, fertelt se har dat har freonen fêstholden wurde yn in eksperiminteel stasjon deunby de Noardpoal dat Bolvangar hjit, en dat bewekke wurdt troch in rezjimint Tartaren mei wolf-dæmones. Se seit ek dat Lyra yn 'e haven fan Trollesund wat fine sil dat har helpe kin.
Yn Trollesund, yn it lân Norrowegen, de noardlikste minsklike haven dy't it skip fan hear Faa oandocht, wurdt Lyra oansprutsen troch in Teksaanske aeronaut of loftskipfleander, dy't Lee Scoresby hjit en him klaait as in cowboy. Hy riedt har oan om in freon fan him yn 'e earm te nimmen, de hierling Iorek Byrnison, in panserbjørn ("pânserbear") en in balling út Spitsbergen, it keninkryk fan 'e iisbearen. Scoresby is nei Trollesund reizge om Iorek te helpen, mei't dy himsels yn 'e swierrichheden wurke hat. As Lyra mei Pan en Farder Coram de pânserbear opsiket, docht bliken dat Iorek syn harnas kwytrekke is. Hy hat him yn Trollesund nammentlik dronken fiere litten troch guon minsken oant er bewusteleas rekke, en doe't er wer wekker waard, wie syn harnas poater. Sûnder syn harnas, dat fan meteoarizer makke is, kin er gjin panserbjørn mear wêze en hat er ek it lêste bytsje ear dat noch oer wie, ferlern. It ferhaal fan 'e bear deart Lyra oan, dat se brûkt de aletiometer om út te finen wêr't it harnas fan Iorek bedarre is. Sa ûntdekt se ek dat Iorek eins in prins is. As se him derfan bewissiget dat it harnas bewarre wurdt yn it Magisteariumgebou yn Trollesund, wint se dêrmei foar altyd syn freonskip en tankberens. Nei't er syn besit mei geweld weromhelle hat, jouwe Iorek Byrnison en Lee Scoresby har mei Lyra by de Sigeuzen fan hear Faa.
Heech yn it noarden, yn it lân fan 'e Samojeden, geane de Sigeuzen oan lân en tsjogge geandefoets fierder nei Bolvangar. As se nachts harren kamp opslane, wiist it gouden kompas Lyra foarút nei in ferlitten blokhutte yn in oangrinzgjende delling. Se freget Iorek om har dêr te bringen en riidt der op syn rêch hinne. It docht bliken dat Billy Costa dêr beskûl socht hat. Dy is nammentlik út Bolvangar ûntsnapt, mar pas nei't er troch in proseduere dy't 'yntersysje' hjit, skaat is fan syn dæmon. Dat is wêr't Bolvangar foar boud is, mei't it Magistearium leaut dat it skieden fan bern fan harren dæmon foar't dy fêste foarm oannimt, liede sil ta in hearrige befolking dy't gjin fragen stelt. Lyra en Iorek bringe de skeinde en traumatisearre Billy werom nei it kamp, dêr't de jonge weriene wurdt mei syn mem.