Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn), ek wol bekend as Harley Quinn: Birds of Prey of koartwei as Birds of Prey, is in Amerikaanske superheldefilm (eins supersmjuntefilm) en swarte komeedzje út 2020 ûnder rezjy fan Cathy Yan, mei yn 'e haadrollen Margot Robbie, Ewan McGregor en Jurnee Smollett-Bell. De titel betsjut "Rôffûgels (en de Fantabuleuze Ferselsstanniging fan in Harley Quinn)". De film makket diel út fan 'e DC Extended Universe-filmsearje. It ferhaal folget Harley Quinn, dy't yn 'e swierrichheden rekket nei't de Joker harren langjierrige relaasje ferbrekt. As bekend wurdt dat se net mear ûnder syn beskerming stiet, komt nammentlik eltsenien efter har oan dy't se ea wat misdien hat (en dat is noch alris ien). Sadwaande rekket se ek yn konflikt mei de machtige gangster Roman Sionis. Om him te ferslaan, is Harley twongen om har by de de Birds of Prey te jaan, in groep fan trije froulike misdiebestriidsters. Birds of Prey krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen prestearre de film teloarstellend, wat lykwols benammen te witen wie oan 'e beheinings dy't oplein waarden omreden fan 'e koroanafiruspandemy.

Plot Fjouwer jier nei't se holpen hat om 'e Tsjoenster te ferslaan (sjoch: Suicide Squad), wurdt Harley Quinn dumpt troch har frijer de Joker, mei wa't se in langjierrige en tige hertstochtlike relaasje ûnderholden hat. It útmeitsjen fan 'e ferkearing giet net mei wjerssidige ynstimming; ynstee lit de Joker Harley troch syn trewanten letterlik op 'e strjitte fan Gotham City smite. Se fynt ûnderdak yn in suterich ienkeamerappartemint boppe it restaurant fan 'e âldere Taiwaneeske ymmigrant Doc en komt har leafdesfertriet (úteinlik) te boppen troch har hier koarter te knippen, te begjinnen mei rollerderby en in bûnte hyena as húsdier te nimmen. (Se neamt it bist 'Bruce Wayne', nei Batman, en fuorret der de grizel fan in yllegale bistehanneler oan op dy't de hyena oan har besiket te ferkeapjen.)

Op in jûn rekket Harley dronken yn in eksklusive nachtklub dy't eigendom is fan 'e ynfloedrike Roman Sionis, in ûnmeilydsume en geastlik steurde gangster dy't oanhelle is mei smetfrees. As dy syn sjauffeur har in "domme slet" neamd, brekt se him beide skonken. Teffens moetet se de negroïde nachtklubsjongster Dinah Lance, dy't harsels Black Canary neame lit. Dyselde rêdt har letter fan in pear ûnhuere types dy't har ûntfiere wolle as se te dronken is om harsels te ferdigenjen. Sionis, dy't it foarfal yn 'e steech efter syn nachtklub út it finster fan syn kantoar wei sjocht, is ûnder de yndruk fan 'e gefjochtsfermogens fan Dinah en twingt har om syn nije sjauffeur te wurden. De jûns dêrop beslút Harley einlings en te'n lêsten oan 'e hiele wrâld dúdlik te meitsjen dat it nea wer goedkomme sil tusken har en de Joker. Dat docht se troch it gemysk bedriuw Ace Chemicals, dêr't harren românse jierren lyn begûn, op te blazen.

Underwilens ûndersiket resjersjeur Renée Montoya fan it Gotham City Police Department in rige moarden op ûnderwrâldfigueren troch wat in figilante liket te wêzen dy't gebrûk makket fan in krúsbôge. De media neame de dieder dêrom al rillegau de Crossbow Killer. Montoya is tige yntelligint, mar wurdt by de pleatslike plysje net foar fol oansjoen, om't dommere mar ambisjeuze manlike kollega's kear op kear mei har fearren pronkje. Ek diskear is se de oare plysjes trije stappen foar. Montoya is derfan oertsjûge dat de moarden te krijen hawwe mei de Bertinelli-diamant. Dat is in sieraad dêr't in geheime koade yn ferburgen sitte soe dy't tagong jout ta de bûtenlânske bankrekkens fan 'e Bertinelli's, in maffiafamylje dy't fyftjin jier earder folslein útmoarde is troch de gangster Stefano Galante. Dyselde is ien fan 'e slachtoffers fan 'e Crossbow Killer, wylst de oaren syn eardere trewanten binne.

Montoya fermoedet dat Sionis opdracht ta de moarden jûn hat, mei't se fan in ynformant yn dy syn organisaasje heart hat dat er ferwachtet de lang weirekke Bertinelli-diamant mei koarten te ûntfangen. It probleem is allinne dat har ynformant deselde sjauffeur wie dy't Harley de skonken brutsen hat, wêrnei't Sionis him oan 'e dyk set hat. As Montoya heart dat Dinah de nije sjauffeur fan Sionis is, besiket se har as ynformant te rekrutearjen, mar Dinah is noch altyd lulk dat it Gotham City Police Department neat dien hat om 'e moard op har mem tsjin te kearen, noch ek mar wàt om 'e dieders fan dat misdriuw te sykjen, dat se seit tsjin Montoya dat se opsokkebalje moat. Sionis stjoert Dinah en syn sadistyske rjochterhân Victor Zsasz derop út om 'e Bertinelli-diamant foar him op te pikken, mar Zsasz ferliest it sieraad fuort letter alwer oan 'e jonge bûsehifker Cassandra Cain. It fanke wurdt net lang dêrnei by in oar gefal fan dieverij trappearre en troch de plysje arrestearre. Underweis nei it plysjeburo slokt se de diamant troch.

Harley komt wilens ta de konkúzje dat se net goed neitocht hat oer wat der barre soe as bekend waard dat se net mear 'mei' de Joker is. Want om't se no syn beskerming net mear genietet, is se yn prinsipe fûgelfaai foar eltsenien dy't se wat misdien hat, en dat is noch alris ien. Op 'e flecht foar alderhanne lju fan wa't se noch wat tegoede hat, wurdt se finzen nommen troch de trewanten fan Sionis. Zsasz fertelt oan Sionis dat de Bertinelli-diamant yn it besit is fan Cassandra, ta argewaasje fan Dinah, dy't oer it famke ynsit om't Cassandra har buorfamke is. Harley, dy't op it punt stiet om troch Sionis fermoarde te wurden, biedt oan om 'e diamant foar him werom te heljen. Sionis fynt dat in ynteressant oanbod, dat hy seit ta dat er Harley sparje sil as se him de diamant bringt. Om it noch wat 'ynteressanter' te meitsjen, jout er Harley (sûnder dat sy it wit) konkurrinsje, troch in priis op 'e holle fan Cassandra te setten.

Mei grou, sij it net deadlik, geweld kringt Harley it plysjeburo yn en befrijt se Cassandra. Behalven it heale plysjekorps, Montoya ynbegrepen, moat se dêrfoar ek in hiele kliber preemjejagers útskeakelje, dy't it op 'e priis foarsjoen hawwe dy't Cassandra op 'e holle stiet. Sa ûntdekt Harley wat Sionis dien hat. Nei't se ûntsnapt binne, nimt Harley Cassandra mei nei har appartemint. Underwilens wurdt Harley har freon Doc ûnderfrege troch de Crossbow Killer. Dat blykt Helena Bertinelli te wêzen, dy't as lyts famke it troch Galante oanrjochte bloedbad ûnder har famylje oerlibbe hat en har dêrnei opliede litten hat ta hiermoardneresse. De bynamme 'Crossbow Killer' is foar har trouwens in oanhâldende boarne fan argewaasje, mei't se bekendstean wol as de Huntress ("Jagerinne"). Letter is it appartemint fan Harley it doelwyt fan in bomoanslach, wêrnei't Doc fertrietlik mar sûnder berou tajout dat er har ferret hat.

Harley beseft dat alles yn 'e wrâld om jild draait, dat se skillet Sionis op en biedt him oan om Cassandra oan him oer te dragen yn ruil foar syn beskerming tsjin eltsenien dy't harsels tenei komme wol. Hy giet akkoart, dat se prate ôf yn in suterich, fertutearze ferdivedaasjepark. Dinah, dy't oan Sionis syn kant tsjûge is fan it petear, ljochtet Montoya deroer yn om Cassandra te rêden. Har ferrie wurdt lykwols opmurken troch Zsasz, dy't it útbringt oan Sionis. Dyselde sit der raar ta, om't er fan syn meiwurkers abslute trou ferwachtet, ek al is er sels trou oan nimmen. Dat, hy docht syn ritualistyske swarte masker op, dêr't er syn bynamme "Black Mask" oan tanket, en sammelet syn mannen om nei it ferdivedaasjepark ta.

Yn it park wurde Harley en Cassandra opwachte troch Montoya, dy't besiket Harley te arrestearjen. Se wurdt lykwols troch Harley út it finster slein. Dinah en Zsasz arrivearje, wêrnei't Zsasz Harley fuortendaliks delsjit mei in pylkje mei in ferdôvjend middel. Dêrnei oermasteret er sawol Cassandra as Dinah en hâldt harren ûnder skot wylst er wachtet op 'e oankomst fan Sionis. Hy wurdt lykwols deade mei in krúsbôgebout troch de kiel troch Helena Bertinelli, mei't er de lêste fan Stefano Galante syn eardere trewanten is dy't ferantwurdlik wiene foar de dea fan har famylje. Montoya klimt wer troch it finster nei binnen, wêrnei't der in Mexican standoff ûntstiet tusken de ûnderskate froulju. Uteinlik beslute se gear te wurkjen, om't Sionis harren mienskiplike fijân is: Harley om't se him bedragen hat troch Cassandra net daliks oan him út te leverjen; Dinah troch him te ferrieden oan 'e plysje; Montoya trochdat se in ûndersyk nei him ynsteld hat; Cassandra trochdat se 'syn' diamant stellen hat; en Helena om't Sionis, sa bringt Montoya oan it ljocht, it brein efter de ôfslachting fan 'e Bertinelli-famylje wie.

As Sionis opdaagjen komt mei in lyts leger oan trewanten, meitsje de froulju gebrûk fan Harley har âlde wapenreau om harren te ferdigenjen. Se witte op 't lêst suver al Sionis syn trewanten út te skeakeljen, mar Sionis nimt Cassandra finzen en naait mei har út. Mei help fan Helena op in motor set Harley op rolredens de efterfolging yn. It slagget har om Sionis syn limûsine yn te heljen, binnen te kringen en ferûngelokje te litten. Mei al syn mannen no útskeakele, flechtet Sionis mei Cassandra in deunby leine pier op, dêr't in lêste konfrontaasje mei Harley plakfynt. Dy sjit mis mei har lêste kûgel, mar Cassandra lûkt de pin út in hângranaat dêr't se harsels earder mei bewapene hie, en stoppet it eksplosyf by Sionis yn 'e bûse. Harley wit de gangster fan 'e pier te smiten krekt foar't de ganaat ôfgiet, wêrby't Sionis alhiel útinoar riten wurdt.

Yn 'e neisleep fan it ferhaal tsjinnet Montoya har ûntslach yn by de plysje, dêr't har wurk net wurdearre wurdt. Ynstee jout se har by Dinah en Helena om trijeresom as de Birds of Prey op eigen manneboet de misdie te bestriden. Se finansiere harren operaasjes mei it jild út 'e bankrekkens fan 'e Bertinelli-famylje, dêr't Helena fia de diamant tagong te krigen hat. Harley naait lykwols út mei Cassandra, dy't se oannimt as har learlinge/pleechdochter, en mei de diamant sels, dy't sy en Cassandra oan in lommert ferkeapje om harren eigen misdiesyndikaat te begjinnen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise                   dokter Harleen Quinzel / Harley Quinn / fertelster Margot Robbie Roman Sionis / Black Mask Ewan McGregor Dinah Lance / Black Canary Jurnee Smollett-Bell

byrollen personaazje                                                  akteur/aktrise Victor Zsasz Chris Messina resjersjeur Renée Montoya Rosie Perez Cassandra Cain Ella Jay Basco Helena Bertinelli / Huntress Mary Elizabeth Winstead ofsier fan justysje Ellen Yee Ali Wong haadynspekteur Patrick Erickson Steven Williams Doc Dana Lee Keo François Chau resjersjeur Tim Munroe Derek Wilson Happy Matt Willig Erika Bojana Nivaković sjauffeur fan Sionis Daniel Bernhardt Stefano Galante Robert Catrini Maria Bertinelli Charlene Amoia Franco Bertinelli Paul Lasa

Produksje en distribúsje Produksje Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) waard al yn maaie 2016 oankundige as in spin-off fan in oare superheldefilm út 'e rige fan it DC Extended Universe, te witten: Suicide Squad, dy't op dat stuit noch yn premiêre gean moast. De film waard regissearre troch Cathy Yan nei in senario fan Christina Hodson. As produsinten wiene Margot Robbie, dy't ek de haadrol spile, Bryan Unkeless en Sue Kroll by it projekt belutsen foar de filmstudio's Warner Bros., DC Films, LuckyChap Entertainment, Clubhouse Pictures en Kroll & Co. Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan nei skatting $82 oant 100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew Libatique, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Daniel Pemberton.

Opnamen De opnamen foar Birds of Prey setten op yn jannewaris 2019 útein ûnder de wurktitel Fox Force Five, en duorren oant en mei 15 april fan dat jier. Hoewol't de ferwachting wie dat der filme wurde soe yn Atlanta en Savannah, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, waard de hiele film eins opnommen yn Kalifornje, om't de makkers dêre mear subsydzje fan 'e steatsoerheid krije koene.

Distribúsje