The Cabin in the Woods is in Amerikaanske, foar in part satirysk bedoelde, horrorfilm út 2012 fan it subsjenre fan 'e slasherfilm. De film stie ûnder rezjy fan Drew Goddard, en de haadrollen waarden fertolke troch Kristen Connolly, Fran Kranz, Chris Hemsworth, Jesse Williams en Anna Hutchison. De titel betsjut "De Blokhutte yn 'e Bosk". It ferhaal giet oer fiif studinten dy't har in wykein weromlûke yn it fakânsjehûs, in blokhutte, fan 'e neef fan ien fan harren, op in ôfhandich plak yn 'e bosken. Dêr wurde se oanfallen troch sombys, wylst it hiele spul yn in ûndergrûnsk laboratoarium oanstjoerd wurdt troch in groep wittenskippers. The Cabin in the Woods krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden súkses.

Plot Yn in ûndergrûnske laboratoariumfasiliteit earne yn 'e Feriene Steaten beprate de liedingjaande technisy Gary Sitterson en Steve Hadley en harren assistinte Wendy Lin de plannen foar de oankommende ferzje fan in blykber jierliks weromkearend, mysterieus ritueel. Ut it petear wurdt dúdlik dat in mislearre operaasje yn Stockholm de lêste is fan in hiele rige ôfdijers yn plakken oeral op 'e wrâld. Inkeld harren eigen ritueel en ien yn Japan binne noch oer, en ien fan beiden moàt beslist slagje, oars sille der net by namme neamde minne dingen barre.

Underwilens risselwearret de Amerikaanske studinte Dana Polk om yn 'e mande mei har bêste freondinne Jules Louden, dy har frijer Curt Vaughan, en harren mienskiplike freon Marty Mikalski, op fakânsje te gean. In bekende fan Curt, Holden McCrea, jout him by har om't Jules en Curt him oan Dana keppelje wolle. Mei syn fiven sille se in wykein trochbringe yn in blokhutte yn 'e bosk, dy't Curt liene kin fan in neef fan sines. Wat se net witte, is dat se yn 'e rekken holden wurde troch sinistere manlju mei earkes yn, dy't al harren dwaan en litten trochjouwe oan Sitterson en Hadley. Mei in camper reizget it fiiftal ôf nei it wâld, dêr't se by in benzinestasjon de grizelige plattelanner Mordecai treffe. Hoewol't dy harren kjel makket en mislediget, sjogge se dat net as reden en kear om. Fia in smel paadsje dat by in djippe kleau lâns liedt en dêrnei mei in U-bocht troch in tunnel om 'e ein fan dy kleau hinne, berikke se op 't lêst de blokhutte, dy't deun by de igge fan in stil marke stiet.

Ut 'e kontrôlekeamer fan harren laboratoarium wei hâlde Sitterson en Hadley fan op ôfstân alles yn 'e blokhutte yn 'e rekken fia ferburgen kamera's en mikrofoantsjes. Se manipulearje it hâlden en dragen fan 'e studinten troch harren ûnopgemurken te drogearjen mei libidoferheegjende stoffen. Ek komt út dat ien fan harren hantlangers de hierferve fan Jules, dy't de deis tefoaren har hier blondearre hat, oanlinge hat mei in stof dy't tinken behinderet. (Se hawwe op dy manear fan har it sprekwurdlike domme blondsje makke, hoewol't se eins tige yntelligint is en medisinen studearret.)

Sitterson, Hadley, Lin en it oare laboratoariumpersoniel slute weddenskippen ôf oer de fraach hokfoar meunster oft de studinten oanfalle sil, wêrby't Hadley der oanhâldend op omtimmeret dat er sa stomme graach nochris in seemearman yn aksje sjen wol. Underwilens ûntdekke de studinten (mei wat help fan Sitterson en Hadley) de yngong fan 'e kelder fan 'e blokhutte. Marty, dy't troch syn oanhâldende blowen eins de domste fan 'e groep wêze moatte soe, besiket syn freonen der fan te bepraten om út 'e kelder wei te gean. De oaren negearje syn warskôgings lykwols as se yn 'e kelder in reuseftige samling bizarre foarwerpen oantreffe. Alle fjouwer kieze se ien út dêr't se mei omnifelje, mar úteinlik is it Dana dy't de oandacht fan har freonen nei har ta lûkt, by de oare foarwerpen wei. Sy hat it deiboek fûn fan Patience Buckner, in teenagefamke dat om 1900 hinne de blokhutte bewenne en oan ien wei troch op barbaarske wize mishannele waard troch har sadistyske famylje. As Dana in stik út it deiboek lûdop foarlêst, en (tsjin 'e warskôging fan Marty yn) ek de rige Latynske toverspreuken dêr't it boek mei einiget, ropt se dêrmei by fersin de ta sombys wurden famylje Buckner werom út 'e dea, dy't bûtendoar yn 'e bosk, net fier fan 'e blokhutte ôf, út harren grêven omheech klauwe.

Letter dy jûns nimt Curt Jules mei nei bûten ta, wylst Marty him weromlûkt yn syn keamer en Dana en Holden, dy't opinoar falle, op 'e bank sitte te tútsjen. Hadley en Sitterson litte fia in systeem fan buizen of slangen yn 'e ûndergrûn fan it wâld feromoanen frij om Curt en Jules oer de drompel hinne te helpen, sadat se tajouwe oan har oanstriid om seks te hawwen. As se op 'e mei moas oerdutsen boskgrûn oan in frijpartij begjinne, wurde se oanfallen troch de sombys. Curt wurdt ferwûne, oermastere en twongen om ta se sjen hoe't de sombys Jules ûnthalzje. Dat liedt ta in earbiedige tefredenens yn 'e ûndergrûnske kontrôlekeamer.

De breinroere Curt wit te ûntsnappen nei de blokhutte en warskôget de oaren. Troch har te drogearjen mei in nije doazis fan in gas dat logysk neitinken behinderet, witte Sitterson en Hadley de oerbleaune fjouwer studinten safier te krijen dat se har allegear yn har eigen keamer weromlûke, ynstee fan dat se byinoar bliuwe. Sadree't se harren keamersdoarren ticht dogge, wurde dy út 'e kontrôlekeamer wei beskoattele, sadat se net wer iepenmakke wurde kinne. Underwilens komt der nijs út Japan dat it ritueel dêre foar it earst yn 'e skiednis mislearre is, wat betsjut dat it súkses fan it Amerikaanske ritueel "de lêste hoop fan 'e minskheid" is.

Yn syn keamer ûntdekt Marty, dy't earder al erchtinkend wurden wie oer alle tafallichheden en it nuvere hâlden en dragen fan syn freonen, in lytse ferburgen kamera. Ear't er wat mei dy ûntdekking dwaan kin, wurdt er lykwols pakt troch de somby Judah Buckner, dy't him út it finster skuort en fuortsleept oer de râne fan in ferhef hinne, wêrnei't der gjalpen te hearren binne, folge troch bloed dat by de lichte del streamt. Dana komt yn 'e benearing as Matthew Buckner har kearmer binnenkringt, mar ûntkomt troch in ynsleine dûbelsidige spegel nei Holden syn keamer. Se barrikadearje it gat dêr't de spegel sitten hat mei Holden syn ledikant. Fan gefolgen ûntdekke se op it plak dêr't it ledikant stie in lûk dat nei in oar diel fan 'e kelder liet, dêr't in martelkeamer ynrjochte is. Holden rekket ferwûne as Matthew Buckner him tenei komt, mar in ta razernij dreaune Dana weeft op gewelddiedige en bluodderige wize mei de somby ôf.

Curt, dy't fia in oare tagong de kelder berikt hat, jout him by Holden en Dana. Trijeresom besykje se te ûntsnappen yn 'e camper, mar Sitterson lit fan op ôfstân in springstoflading ôfgean, sadat de tunnel op 'e iennichste tagongswei ynstoart. De trije oerbleaune studinten kinne de tagongswei oare kant de tunnel maklik sjen fan it plak ôf dêr't se strâne binne, mei't se dêr inkeld fan skaat wurde troch in smelle kleau. Curt, dy't yn syn frije tiid graach op crossmotors omride mei, ornearret dat er dy ôfstân wol mei de motor springe kin, sadat er help helje kin foar de oaren. Hy laadt syn motor fan 'e efterkant fan 'e camper en nimt in sa grut mooglike oanrin, mar healwei de kleau klapt er op in fertikaal krêftfjild, wêrnei't hy en syn motor te pletter falle yn 'e djipten fan 'e kleau. Op dat stuit beseft Dana dat Marty gelyk hie en dat alles by de blokhutte manipulearre wurdt en yn sêne set is.

Sy en Holden stappe wer yn 'e camper en ride werom nei de blokhutte. Holden wol sjen oft der oare kant it gebou net noch in oare tagongswei is, hoewol't Dana der al wis fan is dat dat net sa is, of oars, as der al noch in twadde tagongswei is, dat dy dan ek blokkearre wêze sil. Wylst se dêr noch oer redendiele, doemt heit Buckner ynienen yn 'e camper op, dy't himsels dêr ferskûle hat yn 'e tiid dat de studinten dwaande wiene mei de motor en Curt syn sprong, Hy slacht Holden in garot om 'e hals en fermoardet him. De camper rekket ûnbestjoerber en riidt it marke yn. Dana wit troch it dakrút te ûntkommen en berikt swimmend de steger by de blokhotte. Heit Buckner folget har en falt har op 'e steger oan.

Sitterson, Hadley, Lin en de oare laboranten, dy't sjogge dat Dana de iennichste oerlibbene is, begjinne mei wille en sterke drank it súkses fan harren ritueel te fieren, wylst op in byldskerm op 'e eftergrûn Dana foar har libben fjochtet tsjin 'e somby. It feest wurdt rou ûnderbrutsen as der in tillefoantsje komt fan 'e Direktrise, dy't it bewâld fiert oer de hiele ûndergrûnske fasiliteit. It docht bliken dat it ritueel dochs noch net súksesfol beëinige is, mei't Marty noch libbet; ynstee dat Judah Buckner him deamakke, hat hy mei Judah Buckner ôfweeft. Op datseldichste stuit wurdt Dana op 'e steger rêden as Marty mei syn drugspiip heit Buckner delslacht. Neitiid nimt er har mei nei it grêf fan 'e Buckners, dêr't er in lift ûntdutsen hat. Dana twifelet oft se wol witte wol wêr't dy lift harren bringe sil, mar Marty freget har wêr't se oars hinne moatte.

Dat, se geane mei de lift nei ûnderen en ûntdekke dat der ûnder de blokhutte in hiel ûndergrûnsk laboratoarium ferburgen sit. Dêr sjogge se tsientallen soartgelikense liftkoaien, dy't sawol fertikaal as horizontaal bewege kinne. De liftkoaien binne eins echte koaien fan feilichheidsglês, wêryn't in grutte samling fan alderhanne meunsters finzen holden wurdt, it iene noch njoerder en grotesker as it oare. Dana beseft dat alle foarwerpen yn 'e kelder fan 'e blokhutte ferbûn binne mei ien fan 'e meunsters, en dat de besikers fan 'e blokhutte troch it brûken fan ien fan dy foarwerpen sels bepale hokker meunster op harren loslitten wurdt. Se rekket folslein breinroer as se foar it ferstân kriget dat sysels de Buckners op har en har freonen loslitten hat roch út it deiboek fan Patience Buckner foar te lêzen.

Sitterson en Hadley binne ûnderwilens yn panyk om't harren ritueel driget te mislearjen. It duorret eefkes ear't se útfûn hawwe wêr't Marty en Dana bedarre binne, mar dan stjoere se in befeiligingsman op harren ôf om harren liftkoai te iepenjen. Se jouwe befel om Marty daliks dea te sjitten, mar Dana gewurde te litten. De senuweftige befeiligingsman lit him lykwols ôfliede troch ien fan 'e meunsters, sadat Marty en Dana him oermasterje kinne. Se kringe de ûndergrûnske fasiliteit binnen, dêr't se beskûl sykje yn it lytse kontrôlekeammerke fan 'e befeiligingsman. As in troch Sitterson en Hadley alarmearre swierbewapene ienheid befeiligingslju arrivearret en it fjoer iepenet op it kontrôlekeammerke, ûntskoattelje Marty en Dana de oare koaien. De frijlitten meunsters falle op 'e befeiligingslju oan en rjochtsje in letterlik bloedbad oan as se dy oan stikken skuorre. Dêrnei kinne de meunsters frij omrinne troch de hiele fasiliteit, dêr't se fuortendaliks de hiele stêf begjinne ôf te slachtsjen. As se de grutte kontrôlekeamer binnenkringe, wurdt Wendy Lin troch in reuseftige slange ferslynd, wylst Hadley, iroanysk genôch, deamakke wurdt troch in seemearman. Sitterson wit as iennichste troch in lûk yn 'e flier te ûntkommen nei in noch djipper lein diel fan 'e fasiliteit.

Underwilens binne Marty en Dana weiwurden troch in gat dat ien fan 'e meunsters yn in muorre slein hat. As se immen efter har oankommen hearre, stekt Dana om har hinne en rint Sitterson sa by fersin op it roastich mês dat Marty oan Judah Buckner ôfhandich makke hie. De wûne is fataal, mar ear't er stjert, smeekt Sitterson Dana om Marty te fermoardzjen. Dat lêste fersyk negearjend flechtsje de beide studinten djipper omleech, dêr't se op in oerâlde timpel stjitte. Oan 'e fierste kant fan 'e mânske keamer hâldt de flier op by in kleau dy't noch folle djipper de Ierde yn giet. As Marty dêr oer de râne kipet, sjocht er dizenich yn 'e djipte wat reuseftichs bewegen.