Stasjon Assen (Asn) is it spoarweistasjon fan Assen en waard iepene yn 1870 oan de Steatsline C (Meppel - Grins). Yn de Drintske haadstêd is yn 2018 it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene. Fan 1905 oant 1947 wie der ek persoaneferfier oer de spoarline nei Stadskanaal. Dy line is yn 1977 opbrutsen.
Gebou 200px|thumb|left|1e stasjonsgebou stasjon Assen yn 1977 200px|thumb|left|2e stasjonsgebou stasjon Assen yn 2007 It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 maaie 1870 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand.
Tusken stasjon Assen en it eardere stasjon Vries-Súdlaren stiet in baanwachterswenning bylâns it spoar dy't yn 1869 boud waard.
Yn april 1988 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Rob Steenhuis. It stasjon hie in bewekke en ûnbewaakte fytsestalling, in fytsferhier en ferhier fan OV-fytsen, in blommeferkeap, in lytse yt- en drinkgelegenheid en in lytse krûdenierswinkel. Yn 2009 waard de fytsestalling fergrutte, dêrtroch waard in probleem fan ferkeard stalde fytsen foar it grutste part oplost.
It stasjonsgebou út 1989 waard yn febrewaris 2016 sloopt. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2017, in jier letter op 14 maaie 2018 waard it nije stasjonsgebou iepene. Yn novimber fan 2018 waard it hiele projekt klear en fûn de offisjele, grutte iepening fan it stasjonsgebiet yn Assen plak. De fytsestalling fan it stasjon is tenei ûnder de grûn te finen.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 500 Intercity (NS) Rotterdam Sintraal – Utert-Sintraal – Amersfoart Sintraal – Swol – Assen – Grins In oeretsjinst 700 Intercity (NS) De Haach Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almeare Sintrum – Lelystêd Sintrum – Swol – Assen – Grins In oeretsjinst 12600 Intercity (NS) Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Sintraal Alinne freedtenachts 8100 Sprinter (NS) Swol – Meppel – Assen – Grins In healoeretsjinst 32600 Nachttrein (Arriva) arriva.nl, Dienstregeling Nachttrein Grins – Assen – Swol – Lelystêd Sintrum – Almeare Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport Alinne freedtenachts
Kategory:Bouwurk yn Assen Assen Kategory:Bouwurk út 1870 Kategory:Bouwurk út 1988 Kategory:Bouwurk út 2018