Master and Commander: The Far Side of the World is in Amerikaanske histoaryske oarlochs- en aventoerefilm út 2003 ûnder rezjy fan Peter Weir, mei yn 'e haadrollen Russell Crowe en Paul Bettany. De film is basearre op 'e haadpersoanen en foarfallen út trije dielen fan 'e Aubrey-Maturin-rige fan Patrick O'Brian. De titel betsjut "Skipper en Gesachfierder: De Oare Kant fan 'e Wrâld". It ferhaal folget Jack Aubrey, de kaptein fan 'e HMS Surprise, in skip fan 'e Britske Keninklike Marine, en syn skipsdokter Stephen Maturin. Se bedarje oan 'e oare kant fan 'e wrâld as harren jacht, yn 1805, ûnder de Napoleontyske Oarloggen, op it Frânske oarlochsskip de Acheron harren hielendal nei de Galapagoseilannen yn 'e Stille Oseaan ta fiert. Master and Commander: The Far Side of the World krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film waard nominearre foar 10 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), dy't op twa nei lykwols allegear nei The Lord of the Rings: The Return of the King giene. Master and Commander: The Far Side of the World wûn fierders wol 4 BAFTA's, 2 Satellite Awards en in Young Artist Award. Yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses. Yn juny 2021 waard bekendmakke dat der in prequelfilm yn produksje nommen wie.
Plot Yn 1805, wylst Jeropa yn 'e gryp is fan 'e Napoleontyske Oarloggen, kriget kaptein-op-see Jack Aubrey fan it oarlochsskip de HMS Surprise fan 'e Britske Keninklike Marine befel om efter it Frânske skip de Acheron oan. Dat is útstjoerd om 'e Britske belangen yn 'e Stille Oseaan oan te fallen, en de Britske Admiraliteit wol foarkomme dat de lukrative opbringsten fan û.m. de Pasifyske walfiskfeart yn gefaar komme. De Acheron is him lykwols bewust fan 'e efterfolging troch de Surprise, nei alle gedachten troch it wurk fan Frânske spionnen yn Ingelân. Yn tichte mist foar de noardeastlike kust fan Brazylje komt de Acheron de Surprise oer it mad en rjochtet mei in kanonnade swiere skea oan, wylst er sels ûnskansearre bliuwt troch it beäntwurdzjende Britske kanonnefjoer. Mei in stikken roer kin de Surprise inkeld oan 'e folsleine ferneatiging ûntkomme trochdat kaptein Aubrey syn skip oan trije roeiboatsjes in mistbank binnen roeie lit, dêr't er de Frânsen neitiid wit te ûntwiken.
De ofsieren fan 'e Surprise sizze tsjin Aubrey dat harren skip de gruttere en sterkere Acheron net oer kin en rikkemandearje him oan om mei provisoaryske reparaasjes werom nei hûs, dêr't de Surprise hielendal opkallefatere wurde kin. Aubrey wol dêr lykwols neat fan witte. Hy is wisberet om 'e efterfolging troch te setten. Dêrta fart er de Surprise nei ûndjip wetter, sadat de bemanning it skip eigenhandich alhiel reparearje kin. Dêr fiert skipsdokter Stephen Maturin, in goede freon fan Aubrey, ek ferskate operaasjes út oan bemanningsleden dy't ferwûne rekke binne yn 'e striid. Sa ferfangt er by de âlde matroas Joe Plaice in yndûkt stik plasse troch in muntstik, en set er by de tsienjierrige adelboarst lord Blakeney de rjochterearm ôf nei't in aaklik brutsen bonke ûntstutsen rekke is.
Nei inkele wiken fan wurk ferfettet de Surprise de efterfolging. By befoarrieding oan 'e Brazyljaanske kust wurdt men gewaar dat de Acheron ûnderwilens in foarsprong fan trije wiken opboud hat. In stikmannich dagen letter wurdt de Surprise lykwols opwachte troch it Frânske skip, dat de Britten sûnder euvelmoed foarby farre lit. It kin dan de efterfolging ynsette en de spegel (efterkant) fan 'e Surprise yn it fizier krije, it swakke plak fan elts grut sylskip. Aubrey is poer dat de Frânske kaptein him op 'e nij te fiter hat, mar de lytsere, lichtere Suprise wit de Acheron foar te bliuwen oant de nacht wer falt. Dan set Aubrey in flot mei in seil en lampen út, dat de Acheron foar de Surprise oansjocht. Wylst de Frânsen foarbyfarre, lit Aubrey de echte Surprise in rûnte fan 360° meitsje, sadat by moarnsdage bliken docht dat de rollen omdraaid binne en dat it Britske skip no efter it Frânske oan fart.
De Acheron set de sokken deryn en besiket te ûntkommen nei it suden. De Surprise giet derefteroan, mar rekket it Frânske skip kwyt by in stoarmeftige passaazje fan Kaap Hoarn. Aubrey is der lykwols fan oertsjûge dat de Acheron op 'e Galapagoseilannen ta gean sil, dêr't de Britske walfiskfarders tahâlde. Dy bestimming is foar dokter Maturin in moaie ynstruier, mei't er in wittenskipper mei in brede belangstelling is. Hy is sadwaande tige benijd nei de eilannegroep, dêr't alderhanne nuvere bisten libje soene. Aubrey seit ta dat er Maturin de tiid jaan sil om oan lân te gean om eksimplaren foar bestudearring te fangen. As de Surprise yn 'e Galapagoseilannen arrivearret, treffe se dêr in roeiboat oan mei inkele bemanningsleden fan 'e walfiskfarder Albatross, dy't troch de Acheron ta sinken brocht is nei't de rest fan 'e bemanning finzen nommen wie. Aubrey set mei tûzen hasten de efterfolging wer yn, mei as gefolch, ta bittere teloarstelling fan Maturin, dat der neat telâne komt fan it ûnthjit om tiid frij te meitsjen foar in ferkenning fan 'e eilannen.
Neitiid komt de Surprise lykwols wikenlang stil te lizzen yn blakstil en gleonhjit waar. De bemanningsleden wurde rêsteleas en ûndissiplinearre, en it byleauwe dat dochs altyd al ûnder harren hearske, nimt gefaarlike foarmen oan. Matroazen Joe Plaice en Joseph Nagle wize de knoffelige adelboarst Hollom oan as in "Jonas", ien dy't in flok by him draacht en dêrmei it hiele skip yn it ferdjer stoart. Hollom wurdt pleage troch in gebrek oan selsfertrouwen, dat him by alles parten spilet. De sljochtwei bemanning sjocht in patroan yn dingen dy't mislearje as eltse kear Hollom dêrby belutsen is. Stadichoan begjint Hollom sels te leauwen dat de bemanning gelyk hat en dat er yndie ferflokt is. As de spannings oan board oanboazje, rint Nagle yn it foarbygean mei sin tsjin Hollom oan. Hollom lit dat gewurde, mar Aubrey sjocht it barren en lit Nagle tolve swypslaggen tatsjinje foar ynsubordinaasje. Dy nachts docht Hollom selsmoard troch oerboard te springen mei in kanonskûgel yn 'e hannen. De oare deis, wylst Aubrey in útfearttsjinst foar him liedt, stekt der ynienen wyn op en kin de Surprise de efterfolging fan 'e Acheron ferfetsje.
De folgjende deis fljocht der in Galapagosalbatros om it skip hinne. Dokter Maturin wurdt dêr troch lord Blakeney opmerksum op makke, en hy draaft fan 'e iene kant fan it skip nei de oare om it bist better sjen te kinnen. Underwilens is kaptein Howard, de befelfierend ofsier fan it detasjemint mariniers oan board fan 'e Surprise, derop gebeten om 'e mânske fûgel te sjitten. As er de ûnfoarsisbere bewegings fan 'e albatros mei syn gewear folget en fjurret, rekket er by fersin ynstee Maturin yn 'e búk. Hoewol't de kûgel wûnder boppe wûnder de terms en alle organen mist hat, ynformearret skipsdoktersmaat Higgins kaptein Aubrey dat de kûgel in stikje stof fan Maturin syn klean mei yn 'e wûne nommen hat, dat derút komme moat om't de wûne oars perfoarst ûntstekke sil. Hy jout oan dat er sels eins net de kennis hat om 'e operaasje út te fieren, en rikkemandearret sterk oan om it op lân te dwaan, mei't men troch it skommeljen fan it skip by de operaasje wolris de terms lek stekke kin.
Nettsjinsteande it feit dat er dêrtroch de efterfolging fan 'e Acheron wer opjaan moat, lit Aubrey syn ferwûne freon oan lân bringe, dêr't in tinte foar him opset wurdt. Maturin ferrjochtet dêr eigenhandich de operaasje mei help fan in spegel dy't fêstholden wurdt troch syn betsjinde Padeen Colman. Higgins en Aubrey binne derby om te hantlangjen. De operaasje is in súkses, mar Aubrey hat no alle hope opjûn om 'e Acheron noch te efterheljen. Dêrom lit er op dat plak in pear wiken hohâlde om te bekommen en nije foarrieden yn te slaan. Maturin betteret al rillegau op, en as er wer rinne kin, jout Aubrey him it frij om it eilân te ferkennen mei Padeen en de jonge lord Blakeney by him, foar't de Surprise op hûs oan sil. Maturin, dy't yn it foarbyfarren oan 'e oare kant fan it eilân in flechtleaze ielskolfer sjoen hat fan in noch ûnbekende soarte, wol beslist it langwerpige eilân op it smelste part oerstekke om it bist te sykjen. De ielskolfer fynt er net, mar ta syn argewaasje ûntdekt er wol de Acheron, dy't oare kant it eilân foar anker leit.
Maturin-en-dy litte hast alle eksimplaren fan frjemde bisten efter dy't se by harren tocht sammele hiene, sadat Padeen ynstee Maturin drage kin. Sa keare se mei tûzen hasten werom nei de Surprise, om Aubrey it nijs oer te bringen. De kaptein risselwearret om fannijs de striid oan te binen mei it Frânske skip, mar fanwegen de folle tsjûkere rompwand fan 'e Acheron sil de Surprise hiel deunby komme moatte om effekt te sortearjen mei in kanonnade. Aubrey hat noch altyd net betocht hoe't er dat hawwe sil, mar hy komt op in idee as Maturin him ien fan 'e mar in pear eksimplaren fan bisten sjen lit, dy't er witten hat te behâlden. It is in wanneljende tûke, in ynsekt dat himsels kamûflearre hat as in tûkje om fûgels te mislieden en net opfretten te wurden. Dêrop lit Aubrey de Surprise oerskilderje en kamûflearje as in Ingelske walfiskfarder mei de namme Siren. Hy hopet dat de Acheron dan út himsels deun genôch by komme sil mei as doel om 'e walfiskfarder te interjen.
De Frânsen traapje deryn en sette de efterfolging yn op 'e Ingelske 'walfiskfarder' as dy foarby fart. Aubrey en de bemanning fan 'e Surprise beare dat se besykje te ûntkommen, mar de Acheron hellet harren by en risselwearret om te interjen. Dêrop smite de Britske matroazen en mariniers harren momkapen ôf en wurde kanonnelûken iepenskuord. In mei presysje rjochte kanonnade fan 'e Surprise slacht de haadmêst fan 'e Acheron midstwa, sadat it Frânske skip net mear fuortkomme kin, wylst de skerpskutters fan kaptein Howard út 'e mêsten fan 'e Surprise wei it dek fan it fijannige skip ûnder fjoer nimme. Aubrey fiert syn bemanning oan by it interjen fan 'e Acheron, en der ûntstiet in gaoatysk gefjocht mei pistoalen, sabels, bilen en interheakken om it besit fan it Frânske skip. De Frânsen besykje de Suprise mei twa kanonnen ûnder de wetterline lek te sjitten, mar de jonge Blakeney, dy't oan board fan 'e Surprise no it befel fiert, jout opdracht om ien fan 'e Frânske kanonnen stikken te sjitten mei in eigen kanon, wêrnei't er de efterbleaune leden fan 'e bemanning, ûnder wa dokter Maturin, liedt by it interjen fan it kanonnedek fan 'e Acheron troch it gat dat er dêr krekt yn sjitte litten hat. Sa kin foarkommen wurde dat de Frânsen harren oerbleaune kanon ôfsjitte kinne. Uteinlik witte de Britten de striid te winnen, en Aubrey kriget fan 'e Frânske skipsdokter De Vigny de sabel fan syn sneuvele kaptein by wize fan teken fan oerjefte.
Neitiid wurde de Surprise en de Acheron reparearre. Aubrey is fan doel en bliuw mei de Surprise in skoftke by de Galapagoseilannen, sadat Maturin dochs noch de eilannen better ferkenne en mear bisten beskriuwe kin. Underwilens giet syn earste ofsier, kaptein-luitenant-op-see Thomas Pullings, mei in stikmannich Britten oan board fan 'e Acheron om it skip mei syn finzen nommen bemanning nei Valparaíso yn Sily te farren. Dêr wurdt dan de bemanning oan lân set, wêrnei't Pullings mei it bútmakke skip nei Ingelân weromkeare sil. Wylst de Acheron fuortsylt, freget Aubrey oan Maturin oft er ek noch mei de Frânske skipsdokter praat hat. Maturin antwurdet dat soks dreech koe, mei't dy man moannen lyn al stoarn is. Op dat stuit kriget Aubrey foar it ferstân dat er bedragen is, en dat de man dy't sei dat er skipsdokter De Vigny wie, de Frânske kaptein west hawwe moat. Hy jout daliks befel om efter de Acheron oan te silen, mei't de Frânske bemanning oanfierd troch har eigen kaptein grif Pullings-en-dy al oermastere hawwe. Sa rint Maturin syn ferkenning fan 'e Galapagoseilannen alwer op 'e non, mar Aubrey merkt drûchjes op dat de flechtleaze ielskolfer dy't syn freon sa stomme graach fine wol net fleane kin, en dêrom nearne hinne giet.
Rolferdieling
haadrollen