JP Brouwt is in bierbrouwerij yn Easterwâlde oprjochte yn 2023 troch Jelmer Pultrum.

Algemien Jelmer Pultrum begûn yn 2014 út leafhawwerij te brouwen en sûnt 2017 wie er mei-eigener, brouwer en foarmjouwer fan brouwerij Diggelfjoer. Yn 2023 is er foar himsels begûn, mei it idee om bieren foar ien kear te meitsjen, wêrfan't er de resepten jierren lyn al ûntwikkele hie.

It earste bier Rogge Tripel, dat yn maart 2023 makke is, is broud by Admiraals Bierbrouwerij.

It twadde bier, de Punkrock Mixtape #1, is broud by Brouwerij Bjuster yn Grou.

Assortimint Rogge Tripel Rogge Tripel bourbon barrel aged Rogge Tripel Jamaica rum barrel aged Punkrock Mixtape #1 - blond bier mei sinesapelskyl What the Duck - sterk blûn bier Het Einde is Nabij - tripel Wit IPA Grunge Mixtape #2 - hop blûn Collab Weizen - gearwurkingsbier mei Middelsee Folsgeare Imperial Porter Red Wine Tripel Rum Oaked Breinbreker - Tripel (broud by Tsjerkebier yn Easterwierrum) Breinbreker Tripel Jenever Oak Vanille Breinbreker Tripel Bourbon Oak Orange Vienna Lager Ontbijt - cream ale mei huning Lichtloos - Imperial stout Als de Nacht - Imperial stout mei Ierske whisky en houtsnippers fan in whiskyfet Roggewijn Roggewijn rum infused and oaked Blond 60 Mixtape #3 Metal !!! Wolk Hazy Wheat Ale Broud yn opdracht Bospub Tripel - broud foar Bospub De Boerdennen yn Dwingelo Bospub Blond - broud foar Bospub De Boerdennen yn Dwingelo De Blonde Aap - broud foar Sliterij Apen en Bieren yn Drachten Marktzicht 101 Ienhûndert Ien Blond Bier - jubileumbier broud foar Café Marktzicht yn Drachten

Keppeling om utens Webstee fan JP Brouwt

JP Brouwt Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2023 Kategory:Easterwâlde