Long Shot is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Jonathan Levine, mei yn 'e haadrollen Charlize Theron en Seth Rogen. De titel ferwiist nei in dielnimmer (bgl. oan in kompetysje), dy't frijwol gjin kâns makket om te winnen. It ferhaal folget de wurkleaze sjoernalist Fred Flarsky, dy't by tafal syn âlde oppas tsjinkomt, op wa't er altyd fereale wie. Sy, Charlotte Field, is no de minister fan Bûtenlânske Saken mei in eachje op it presidintskip fan 'e Feriene Steaten, en se freget him om speechwriter foar har te wurden. As se foarinoar falle, smyt dat gâns swierrichheden op foar har politike karriêre. Long Shot waard foar it earst fertoand op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.
Plot Charlotte Field is de jongste (en meast seksy) minister fan Bûtenlânske Saken dy't de Feriene Steaten ea hân hawwe. Hja is boppedat net troud en net behelle yn in relaasje, útsein de sabeare relaasje dy't de rabbersblêden optocht hawwe tusken har en de krektlyk allinnichsteande Kanadeeske premier James Stewart.
Fan 'e Amerikaanske presidint Chambers, in eardere tillefyzje-akteur waans wichtichste kwalifikaasje foar it presidintskip liket te wêzen dat er ferskate seizoenen de presidint fan 'e Feriene Steaten spile hat yn in dramasearje, heart Charlotte dat er net fan doel is en stel himsels kandidaat foar in twadde termyn, om't er graach trochbrekke wol as filmakteur yn Hollywood. Se sjocht har kâns skoan en manipulearje de net bjuster yntelliginte presidint om har te stypjen as sy har ferkiesber stelt foar it presidintskip. Letter oerleit se mei har wichtichste stêfleden Maggie en Tom en opinypeiler Katherine, dy't har oanriede om harsels te profilearjen mei in ûnderwerp dêr't se echt yn leaut. Charlotte beslút te besykjen en win ynternasjonale stipe foar in eigen miljeubeskermingsinisjatyf dat se ynformaal oantsjut as Bees, Trees & Seas ("Bijen, Beammen & Seeën").
Underwilens kriget yn New York de knoffelige, stiiffêst yn trainingspakken klaaide sjoernalist Fred Flarsky te hearren dat de aktivistyske krante dêr't er wurket oernommen is troch Parker Wembley, in smoarrike mediamagnaat waans noarmen en wearden, ynsafier't er dy al hat, diametraal tsjinsteld binne oan dy fan Fred. Hy is sadwaande poer, en as syn baas him freget om tenei yn syn artikels in bytsje yn te binen wat syn toan oangiet, nimt er fuortendaliks ûntslach. Mei't syn status as wurkleaze sûnder rjocht op in útkearing (om't er sels ûntslach nommen hat) him deprimearret, freget er letter dy deis oan syn bêste, tige súksesfolle freon Lance om him op te fleurjen. Lance nimt him dêrom mei nei in eksklusyf benefytbarren, dêr't de rapgroep Boyz II Men in optreden fersoarget. Mei't Fred al sûnt syn teenagejierren in trou fan fan dy groep is, helpt dat him om emosjoneel wer by de wâl op te klauwen.
Op 'e benefytjûn is ek Charlotte oanwêzich. Fred en sy meitsje eachkontakt en Fred leit oan Lance út dat se as bern buorlju wiene, en dat Charlotte gauris op him past hat. Hy wie smoar op har, en doe't hy trettjin en sy sechstjin wie, hat er in sitewaasje folslein ferkeard ynskat en besocht har te tútsjen, wat útrûn op in sjenant fiasko. Charlotte, dy't de folwoeksen Fred net pleatse kin, lit him troch ien fan har befeiligingslju freegje om by har te kommen. As se foar it ferstân kriget wa't er is, prate se in skoftke by, oant se ûnderbrutsen wurde troch Parker Wembley, dy't Charlotte al wikenlang te wurd wol. Sy fynt him lykwols in ôfwearzich mantsje en hat war dien om him te ûntrinnen. Fred grypt de kâns oan om mei útset lûd Wembley it mannewaar op te sizzen, foar't er lulk fuortrint, him ferstapt en by in trep del kneppelet.
Neitiid siket Charlotte op it ynternet de troch Fred skreaune artikels op en se rekket ûnder de yndruk fan syn kwaliteiten as skriuwer. Mei't se in fakatuere foar speechwriter yn har stêf hat, beslút se him in baan oan te bieden, tsjin it útdruklike advys fan har stêfsjef Maggie yn. Se ferwachtet dat de ommers wurkleaze Fred dat mei beide hannen oangripe sil, mar Fred wol yn earste ynstânsje freonlik foar it oanbod betankje, mei't er tige skeptysk is oer it etysk besef fan politisy. Nei't Charlotte him bepraat fan har oprjochtens mei it Bees, Trees & Seas-inisjatyf, nimt er úteinlik de baan oan. Op in topmoeting yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm, dêr't Charlotte har inisjatyf oan 'e wrâld presintearje wol, docht bliken dat se Sina en Yndia net meikriget wat it Seas-ûnderdiel oangiet, sadat se dat út it foarstel skrasse moat. Fred, dy't dochs al in minne jûn hat nei't Maggie him te fiter hân hat troch him yn Sweedske dracht te klaaien, is poer. Hy besiket har de taspraak, dy't fierhinne troch him skreaun is, te ûntnaderjen, mar wit inkeld syn eigen laptop te fernielen. Yn in heechoprinnende rûzje beskuldiget er Charlotte derfan dat se har ideälen ferkeapet, mar úteinlik wit se him oan it ferstân te krijen dat je ek reälistysk wêze moatte oer wat helber is en wat net. De taspraak, minus it stik oer de seeën, is in grut súkses.
Charlotte en har entoeraazje, dêr't Fred no ek diel fan útmakket, geane op rûnreis yn it bûtenlân om stipe te winnen fan mear lannen foar it Bees & Trees-inisjatyf. Fred seit tsjin Charlotte dat taspraken eins út 'e tasprekker komme moatte, dat hy kin bettere taspraken foar har skriuwe as er mear oer har wit. Mei dat ferlechje begjinne se mear tiid tegearre troch te bringen en lange petearen te hâlden. As se yn 'e Filipinen binne, komt harren hotel ûnder fjoer te lizzen fan in rebellegroep. Charlotte har befeiliging bringt har yn feilichheid yn in opslachromte, en om't Fred by har wie, bedarret hy dêr ek. Wylst se wachtsje oant it wer feilich is, wikselje se in earste tút út. Nei't se mei in helikopter út Manilla evakuëarre binne nei in feilich resorthotel oan 'e Filipynske kust, oarderet Charlotte Fred, ta fernuvering fan 'e rest fan 'e stêf, om mei nei har keamer te kommen. Se moatte nammentlik oerlizze oer in taspraak, en dat kin gjin útstel lije. Ienris allinnich slagje se mei-inoar op bêd.
Sa krije Charlotte en Fred in romantyske relaasje, dêr't yn 't earstoan inkeld Charlotte har persoanlike liifwacht, spesjaal agint M, fan op 'e hichte is. By in besyk oan Argentynje figelearret Maggie it lykwols ek út. Hja warskôget Charlotte dat de publike opiny harren nea as pearke akseptearje sil. Charlotte antwurdet dat Maggie har net mei privee-saken bemuoie moat. Dy jûns besiket se in bal dêr't se mei ferskate regearingslieders praat om har plan út te suteljen, mar se slút de jûn ôf mei in romantyske dûns mei Fred yn 'e koken fan 'e gelegenheid dêr't it bal holden wurdt.
As se yn Parys binne, skillet presidint Chambers Charlotte op mei de meidieling dat er har net stypje kin as presidintskandidate, of it moat wêze dat se it Trees-ûnderdiel út har plan skrast, mei't dat streekrjocht yngiet tsjin 'e plannen fan syn freonen yn it bedriuwslibben. Charlotte blaast steam ôf troch har mei Fred yn it Paryske nachtlibben te bejaan en foar it earst yn har libben ecstasy te nimmen. Wylst se noch sa stoned as in kikkert is, fynt der in ynternasjonale krisis plak wêrby't it (fiktive) Arabyske lân Kasjtar in Amerikaanske marinepiloat gizelet, waans tastel yn dat lân delstoart is. Op ûnotterdokse wize wit Charlotte de Kasjtareeske premier Bharath te bepraten om 'e piloat gean te litten. Neitiid ferskynt se op 'e ynternasjonale tillefyzje mei in noch ûnotterdokser fraachpetear, wêrby't se kalmkes fertelt dat presidint Chambers har opskille hat en har derfan bewissige hat dat it Bees & Trees-inisjatyf syn folsleine stipe hat.
Hoewol't it ynternasjonale ynsidint dat se sa fluch ûntsenuwd hat, har goedkarringspersintaazjes ûnder de Amerikaanske befolking hurd omheech dreaun hat, is presidint Chambers poerrazen dat se him mei har ynterview foar it blok set hat. Hy ropt har by him foar in petear ûnder fjouwer eagen, wêrby't lykwols ek Parker Wembley oanwêzich is, dy't Chambers syn foarnaamste jildsjitter blykt te wêzen. Wembley wol in reuseftige serverfarm yn Alaska bouwe, middenyn in wâld dat troch Charlotte har Bees & Trees-inisjatyf in beskerme status krije soe. Se sette har ûnder druk om it Trees-ûnderdiel falle te litten troch har in fideo sjen te litten dêr't Wembley syn minsken oan kommen binne troch Fred syn laptop te hacken en opnamen te meitsjen mei de ynboude webcam fan 'e kompjûter. Yn 'e fideo lûkt Fred him ôf wylst er nei in filmke sjocht fan Charlotte dy't in taspraak jout, oant er sa hurd klearkomt dat er himsels yn it burd ejakulearret. Charlotte beseft dat se har skaakmat hawwe en jout ta.
Letter fertelt Charlotte oan Fred wat der bard is en lit se him de fideo sjen. Hy fynt dat se de poat stiif hâlde moat; it iepenbier meitsjen fan 'e fideo sil foar him sjenant wêze, mar hy komt der wol oerhinne. Charlotte seit lykwols dat de fideo hàr ek rekket om't er har frijer is. Se stelt foar om harren relaasje in skoft geheim te hâlden en nei ferrin fan tiid in behimmele foarm fan Fred te yntrodusearjen. Fred fettet dat gear as: Charlotte skammet har foar him, se wol dat er Marilyn Monroe spilet foar har John F. Kennedy, en úteinlik wol se dat er him de rest fan syn libben foardocht as ien dy't er net is. Hy wegeret dêrmei akkoart te gean, dat teloarsteld beslute se dat it mar better is om in punt efter harren relaasje te setten.
Werom yn New York praat Fred mei syn maat Lance, dy't him flink it leksum lêst, om't it Fred ûntbrekt oan empaty en hy de saken nea ris troch de eagen fan in oar besjocht. Troch syn koppigens en syn ûnferskilligens oer wat oare lju oer him tinke, hat er Charlotte yn in ûnmooglik posysje brocht. Fred lit dat ris yn him omgean en skillet dan Charlotte op. Sy nimt wol op, mar wol net mei him prate, dat se docht har foar as har eigen voicemail. Fred lit in berjocht efter (mient er), wêryn't er syn ûntskuldigings oanbiedt foar syn ûnwilligens om 'e saken út har eachpunt wei te besjen. Hy seit dat hy mis wie oer alles, en dat sy oer alles gelyk hie, en giet dochs noch akkoart mei har foarstellen oer hoe't harren relaasje fuortset wurde kin. Charlotte seit neat, mar lit syn wurden djip yn har omgean.
Inkele dagen letter hâldt Charlotte in troch Fred skreaune taspraak, wêryn't se harsels kandidaat stelt foar de oankommende presidintsferkiezings. Yn 'e taspraak blikt se werom op wa't se op 'e middelbere skoalle wie en hoe't har ûnderfinings út dy jierren har foarme hawwe. Se rekket der lykwols alhiel ôf as se by de sin komt: "As dat famke my no ris sjen koe, soe se…" Nei eefkes wifke te hawwen, giet se fierder mei de wurden: "tige teloarsteld wêze." Charlotte lit de rest fan 'e taspraak foar wat it is en fertelt de ferbjustere sjoernalisten en ferslachjouwers frij-út oer de sjantaazje troch Chambers en Wembley en de fideo fan Fred. Se drukt har taharkers op it hert om net te hurd oer Fred te oardieljen, want eltsenien masturbearret ommers wolris.
Wylst Wembley syn drigemint wier makket en de fideo online sette lit en Fred sadwaande bekend komt te stean as "de Klearkommer", ferdwynt Charlotte mei ûnbekende bestimming. Fred, dy't de taspraak live op 'e tillefyzje sjoen hat, set nei Washington, D.C. ta om har te sykjen, mar kin har nearne fine. As er úteinlik sûnder wat bedijd te hawwen weromkeard nei syn appartemint yn New York, sit se dêr op him te wachtsjen. Charlotte seit tsjin him dat se fan him hâldt en heakket dêroan ta dat om dat ta te jaan it grizelichste is dat se ea dien hat. (En se hat noch wol in kear yn 'e lift stien mei Saddam Hoessein en nimmen oars.) Fred antwurdet ienfâldichwei dat hy al fereale op har is sûnt er tolve jier wie. In tút wurdt ûnderbrutsen troch in oanbeljende kliber sjoernalisten en ferslachjouwers, dy't harren opspoard hawwe. Charlotte en Fred geane nei bûten ta en sy stelt him foar as har freon. Dy oankundiging liedt ta lûd jûchhei ûnder de gearklofte mannichte.