Jurassic World: Dominion is in Amerikaanske science fiction-aksjefilm út 2022 ûnder rezjy fan Colin Trevorrow, mei yn 'e haadrollen Bryce Dallas Howard, Chris Pratt, Isabella Sermon, Laura Dern en Sam Neill. De titel betsjut "Sjuerawrâld: Hearskippij", en ferwiist nei it Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken, en nei de Ingelsktalige bibelske term dominion ("hearskippij"), dat God de minske oer alle bisten skonken hawwe soe. It is de sechsde lange film út 'e Jurassic Park-filmsearje en it ôfslutende diel fan 'e Jurassic World-trilogy.
It ferhaal giet oer in nije wrâld, wêryn't minsken, moderne bisten en de ûntsnapte dinosauriërs, dy't har oer de hiele wrâld ferspraat hawwe, leare moatte om gear te libjen. Owen Grady en Claire Dearing sette útein mei in rêdingsmisje om harren ûntfierde pleechdochter Maisie Lockwood werom te finen en te befrijen. Underwilens komme Ellie Sattler, Alan Grant en Ian Malcolm in gearspanning op it spoar fan 'e multinational Biosyn, in bedriuw dat besiket ryk te wurden fan 'e ferkeap fan genetysk modifisearre nôt troch reuseftige prehistoaryske sprinkhoannen wer ta libben te bringen, dy't alle oare nôt yn 'e wrâld opfrette. Jurassic World: Dominion krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot It is fjouwer jier nei de fulkaanútbarsting op Isla Nublar, dy't de evakuaasje fan 'e dêr libjende dinosauriërs needsaaklik makke, en ek nei it Lockwoodlângoed-ynsidint, wêrby't de dinosauriërs loslitten waarden yn 'e wyldernis fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten (sjoch: Jurassic World: Fallen Kingdom). De út útstoarne tastân werombrochte dinosauriërs hawwe har oer de hiele wrâld ferspraat en soargje foar in ekologyske ramp trochdat se as eksoat it hiele fiedselkeatling oer de kop helje. Dêrnjonken is der ek in libbene swarthannel yn dinosauriërs ûntstien, wêrby't de bisten bleatsteane oan alderlei foarmen fan bistemishanneling. De ynfloedrike multinational Biosyn Genetics, dat ienris de wichtichste konkurrint wie fan InGen, it bedriuw fan John Hammond, dat ferantwurdlik wie foar it werombringen fan 'e dinosauriërs, hat yn in ôfsletten delling yn 'e Italjaanske Dolomiten in wyldreservaat foar dinosauriërs opset. Dêr docht Biosyn ûndersyk nei it genoom fan 'e bisten, mei as bedoeling farmaseutyske tapassings.
Claire Dearing, de eardere bedriuwsliedster fan it ferdivedaasjepark Jurassic World, op Isla Nublar (sjoch: Jurassic World), is noch altyd belutsen by de troch har oprjochte Dinosaur Protection Group. Mei bistedokter Zia Rodriguez en kompjûterekspêr Franklin Webb docht se ûndersyk nei yllegale dinosaurusfokkerijen. Dearing wurdt dêrby dreaun troch skuldgefoelens, mar as se it dokumintearjen fan yllegale fokkerijen eskalearret ta gefaarlike sabotaazje- en rêdingsaksjes, hâlde Webb en Rodriguez it foar besjoen. Webb beslút in baan oan te nimmen dy't him oanbean is troch de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't yn 'e feroare wrâld ek de yllegale hannel yn dinosauriërs yn 'e rekken hâldt (mei't de bisten as potinsjeel wapenreau sjoen wurde). Dearing har freon Owen Grady, in feteraan fan 'e Amerikaanske Marine, is behelle yn it fangen fan yn it wyld libjende dinosauriërs en it ferhúzjen fan sokke bisten nei it Biosyn-reservaat yn 'e Dolomiten.
Dearing en Grady wenje yn in ôfhandige blokhutte yn 'e Kalifornyske Sierra Nevada, dêr't se temûk harren fjirtjinjierrige pleechdochter Maisie Lockwood grutbringe. It famke is de mei genetyske manipulaasje ta stân kommen pakesizzer fan Benjamin Lockwood silger, dy't socht wurdt troch ferskate kriminele organisaasjes om har unike genoom te eksploitearjen. Wannear't Blue, de lêste oerlibbene fan 'e Velociraptors* dy't Grady traind hie, by de blokhutte opdûkt mei in aseksueel produsearre jong, neamt Maisie de lytse Velociraptor Bêta. Sels rekket se almar mear frustrearre troch de beheinings dy't fuortkomme út har opleine isolemint, en se is sa njonkelytsen safierhinne dat se it ferhaal fan Grady en Dearing oer lju dy't it op har foarsjoen hawwe, net mear leaut. Dêrmei is se lykwols mis, want streupers anneks hierlingen dy't ynhierd binne om it Velociraptor-jong te fangen, komme har oer it mad en ûntfiere har ek. *) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-franchise komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e films. Troch nije ûntdekkings geane paleöntologen der no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e films.
Underwilens wurdt de nôtrispinge yn it Amerikaanske Midwesten en op 'e Grutte Flakten opfretten troch swaarmen reuseftige prehistoaryske sprinkhoannen út it Kryt, dy't fan noas oant sturtpunt wol 76 sm mjitte. Yn in tiid dat der wer folle gruttere, folle ymposantere útstoarne bisten omrinne, lûkt dat net safolle oandacht, mar troch de fraatsucht fan 'e ynsekten wankt der in wrâldwide hongersneed. Paleobotaniste dr. Ellie Sattler docht ûndersyk nei de sprinkhoannen en de ynfloed fan 'e bisten op 'e plantegroei, en konstatearret dat se alle nôt opfrette útsein it genetysk modifisearre nôt dat boeren oankocht hawwe fan Biosyn Genetics. Hja wurdt sadwaande erchtinkend oer wêr't de sprinkhoannen sa hommels wei kommen binne, yn acht nommen dat se Biosyn sa moai yn 'e kaart spylje.
Sattler kriget in útnûging fan in âlde bekende, wiskundige en gaosteorist dr. Ian Malcolm, om it haadkertier fan Biosyn yn 'e Dolomiten te besykjen, dêr't hy no wurket. Se freget paleöntolooch dr. Alan Grant om mei. Sattler en Grant hawwe inoar tweintich jier net sjoen, mar Grant is dúdlik noch altyd fereale op har, hoewol't sy dat net liket op te merken. Hy is net botte happich om syn opgraving yn Utah te ferlitten, mar dat feroaret op slach as Sattler him fertelt dat se ûnderwilens skieden is fan har man Mark.
Grady en Dearing sette de efterfolging yn op 'e ûntfierders fan Maisie, wêrby't Grady oan in oerstjoere Blue ûnthjit dat er har jong ek rêde en werombringe sil. Neitiid nimme se kontakt op mei Webb, dy't harren troch de ynformaasje dêr't er by de CIA ynsjoch yn hat, fertelle kin dat it famke mooglik meifierd is nei Malta. Grady en Dearing reizgje ôf nei Malta, dêr't se Grady syn eardere assistint-trainer Barry Sembène treffe. Dyselde hat de lieding oer in operaasje fan 'e Frânske geheime tsjinst tsjin 'e binde streupers fan in Rainn Delacourt, deselde dy't Maisie en Bêta ûntfierd hat.
Troch tadwaan fan 'e ûnmeilydsume swarthannelster Soyona Santos, dy't har fjouwer nuete Atrociraptors efter de geheim aginten oanstjoerd en letter ek efter Grady en Dearing oan, rint de operaasje út op in fiasko. Grady wit Delacourt te efterheljen, mar dy kin him inkeld fertelle dat er Maisie en Bêta ôflevere hat by Santos foar't er troch in dinosaurus ferslynd wurdt. As Dearing nei in lange efterfolging Santos befreget, seit dy dat Maisie en de jonge Velociraptor al ûnderweis binne nei it haadkertier fan Biosyn. Dearing ûntkomt oan 'e Atrociraptor dy't efter har oan sit trochdat se help kriget fan 'e swarte Amerikaanske piloate Kayla Watts. Grady wit nei in spektakulêre wyldemansrit op 'e motor troch de nauwe strjitsjes fan Valletta mei twa oare Atrociraptors op 'e hakken krekt op 'e tiid Watts har al opstiigjende fleantúch by te heljen. Watts, dy't troch Delacourt ynhierd wie om Bêta nei Malta te fleanen, hat spyt fan har belutsenens by de saak en stimt deryn ta om Grady en Dearing nei de Dolomiten te bringen.
Underwilens binne Sattler en Grant oankommen yn it haadkertier fan Biosyn, dêr't se ferwolkomme wurde troch Lewis Dodgson, de algemien direkteur fan it bedriuw. Se krije in rûnlieding fan it haad public relations Ramsay Cole, dy't harren omstandich warskôget net de lift nei de kelders fan it kompleks te nimmen, mei't besikers dêr net komme meie. Se treffe Ian Malcolm, dy't no foar Biosyn wurket, mar temûk plannen makket om it bedroch fan it bedriuw oan it ljocht te bringen. Hy jout Sattler stikem syn kaaikaart en flústeret har ta wêr't se yn 'e kelders krekt wêze moat. Sattler en Grant ynfiltrearje mei de kaaikaart de kelders, dêr't se in kweekkeamer fan persiis deselde prehistoaryske sprinkhoannen ûntdekke as dy't de rispinge yn 'e Feriene Steaten desimearje.
As Maisie en Bêta yn it haadkertier fan Biosyn oankomme, wurde se daliks nei de kelders brocht, dêr't dr. Henry Wu oan it wurk is. Hy is in genetikus dy't foarhinne foar InGen wurke en oan 'e widze fan it werombringen fan 'e dinosauriërs stie. Yn it ferline hat er sjen litten dat er gjin skrupules hat, mar de de sitewaasje mei de ûnútrûgbere sprinkhoannen, dy't ta de hongerdea fan miljoenen minsken liede kin, hat er dochs wol spyt fan, ek al wurdt er troch Dodgson ûnder druk set om syn wurk fuort te setten. Hy fertelt Maisie dat wat har altyd ferteld is oer har komôf net wier is. Hy leit út dat har mem Charlotte Lockwood in briljante genetika wie, dy't harsels kloand hat om Maisie te krijen. Mar it genoom fan Maisie hat se feroare om 'e genetyske oandwaning út te bannen dêr't sysels úteinlik oan beswykt is. As Wu it DNA fan Maisie bestudearje kin om út te finen hoe't Charlotte dat dien hat, kin er de sprinkhoannen mei in soartgelikense genetyske modifikaasje binnen ien generaasje útrûgje.
It fleantúch fan Watts kriget fan Biosyn gjin tastimming om te lânjen, en as se dochs trochset, lit Dodgson, oan wa't trochdien is dat Grady en Dearing oan board binne, it systeem útsette dat de fleanende dinosauriërs by fleantugen wei hâldt. It fleantúch fan Watts wurdt dêrnei oanfallen troch in reuseftige Quetzalcoatlus, dy't sa'n skea oan 'e motors tabringt dat it tastel delstoart. Dearing, dy't de iennichste sjitstoel hat, wurdt út it fleantúch lansearre en komt yn in tuskenbeiden reinwâld del, dêr't se hast deamakke wurdt troch in Therizinosaurus. Underwilens oerlibje Grady en Watts it delkommen fan it fleantúch op it iis fan in beferzen marke, wêrnei't se hast ferskalke wurde troch in Pyroraptor. Lang om let fine Grady en Watts Dearing werom op it stuit dat hja ta proai driget te fallen oan in Dilophosaurus.
Yn 'e kelders fan it Biosyn-haadkertier nimme Sattler en Grant DNA ôf fan ien fan 'e reuzesprinkhoannen, sadat se letter bewize kinne dat de bisten by Biosyn wei komme. Underwilens wit Maisie op in ûnbewekke momint te ûntkommen oan Wu en Dodgson, wêrnei't se Bêta frijlit en dan troch in fentilaasjeskacht útnaait. Se belânet yn in gong dêr't se Sattler en Grant tsjin it liif rint, dy't har op sleeptou nimme. As se Cole treffe, docht bliken dat dyselde in klokkelieder is dy't gearwurket mei Ian Malcolm. Hy bringt harren nei in hyperloop (in elektrysk treintsje) ta dat har oer in ûndergrûnsk spoar streekrjocht op it fleanfjild fan Biosyn ôfsette sil.
Troch de ûntsnapping fan Maisie wurdt troch Biosyn-meiwurkers lykwols it klandestine útstapke fan Sattler en Grant nei de kelders ûntdutsen op âldere bylden fan befeiligingskamera's. Dodgson, dy't net foar it ferstân hat dat Maisie har by Sattler en Grant jûn hat, jout opdracht om 'e hyperloop stil te setten by in âlde myn mei in kilometers lang gongestelsel. Dêr wurde Sattler, Grant en Maisie oanfallen en efterfolge troch in stikmannich Dimetrodon oant se krekt op 'e tiid ûntkomme kinne. Se wurde bûten de myn opwachte troch Malcolm yn in terreinauto, wêryn't se fjouweresom besykje te ûntkommen. De auto rekket lykwols fan it paad en slacht oer de kop, wêrnei't er útrôlet nei it plak dêr't Dearing, Grady en Watts har taflecht socht hawwe. Maisie wurdt weriene mei har pleechâlden en Sattler, Grant en Malcolm jouwe har by Grady-en-dy.