Op 6 febrewaris 2023 wie yn de nacht (4:17 oere pleatslike tiid) in swiere ierdbeving dy't parten fan Súd-Turkije en Noard-Syrje trof. De beving hie in krêft fan Mw 7,8 -8,0 en in yntinsiteit fan X-XI op de skaal fan Mercalli Ien fan de neiskokken hie in krêft fan Mw 7,7.

Neffens it United States Geological Survey waarden behalve Turkije en Syrje ek ûnder oare de lannen Syprus, Libanon, Jordaanje, Armeenje, Georgje en Irak troffen troch de ierdbeving en de neiskokken dêrfan. Yn Nederlân waard de ierdbeving ek metten yn de Heimansgroeve yn Súd-Limboarch.

Op 20 febrewaris 2023 wie der op 'e nij in swiere ierdbeving yn deselde regio's. Dizze hie in krêft fan Mw 6,4 en waard folge troch in neiskok fan Mw 5,8. Op 25 febrewaris folge noch in ierdbeving, mei in krêft fan Mw 5,2.

Turkije en Syrje, Ierdbeving yn Kategory:Ramp yn Turkije Kategory:Ramp yn Syrje Kategory:Skiednis fan Turkije Kategory:Skiednis fan Syrje Kategory:Barren yn 2023