Beekdaelen is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Limburch. De gemeente is op 1 jannewaris 2019 ûntstien troch in fúzje tusken de gemeenten Onderbanken, Nuth en Schinnen. De gemeente hat ynwenners.
Skiednis Weryndelings proses Desimber 2015: De gemeenterieden fan Onderbanken en Schinnen nimme in yntinsjebeslút oer harren foarnimmen om in foarkar foar weryndieling út te sprekken; yn maaie 2016 hat de gemeente Nuth dat beslút ûnderskreaun. 1 novimber 2016: De gemeenterieden fan Onderbanken, Nuth en Schinnen (fan doe ôf ONS) bepale it weryndielingsûntwerp en de datum fan it begjin fan de gemeente. Febrewaris 2017: Nei in perioade wêryn't ynwenners en oare belangstellenden beswier meitsje koene fia in advys, nimme de gemeenterieden fan ONS it weryndielingsûntwerp fêst en stjoere it nei de Deputearre Steaten fan Limburch. Maart 2017: De nije namme wurdt bepaald nei in referindum. 28 maart 2017: De gemeenterieden fan ONS binne it iens mei it weryndielingsadvys. April 2017: Deputearre Steaten stelt in advys op dat tegearre mei it weryndielingsadvys trochstjoerd wurdt nei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Hy nimt in definityf beslút oer de weryndieling en leit it foar oan de Earste Keamer en de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal. 21 novimber 2018: Gemeenteferkiezings foar de nije gemeente. 1 jannewaris 2019: Start gemeente Beekdaelen.
Namme De nammekommisje makke in kar út 79 jildige nammesuggestjes foar de fúzjegemeente. Ynwenners fan 12 ier en âlder mochten kieze út de nammen Beekdaelen, Beemdenrade en Bekenrade. De namme Beekdaelen krige sa’n 75% fan de stimmen. Beekdaelen is foar de trije gemeenten in ferbinende namme troch de streamdalen en rivieren dy't yn it gebiet streame.
Plakken De gemeente bestiet út de folgjende plakken.
Nederlânske nammeLimburchske nammeYnwennersNuthNut 6.515 SchinveldSjilvend 4.640 HulsbergHölsberg 3.960 OirsbeekOe(ë)sjbik 3.735Schimmert Sjömmert 3.195SchinnenSjènne 2.685AmstenradeAustroa 2.675 PuthPöt 2.245 Wijnandsrade Wienesroa 1.640 MerkelbeekMerkelbek 1.615 DoenradeDoonder 1.100 BingelradeBèngelder 810 Jabeek Jaobik 705 Sweikhuizen Zjweikese 585
Polityk
Gemeenteried +Side persintaazje Stuollen 2018 2022 2018 2022Vernieuwingsgroep 21,0% 25,6% 6 7Beekdaelen Lokaal 19,0% 21,8% 5 6 CDA 28,0% 20,3% 7 5 GrienLinks 9,8% 11,6% 2 3 VVD 10,8% 10,9% 3 2 D66 4,9% 5,6% 1 1 PVDA 5,0% 4,3% 1 1 Opkomst 52,5% 52,5% 25 25
Boargemaster Eric Geurts is sûnt 22 augustus 2019 boargemaster fan de gemeente Beekdaelen.
Kultuer en religy Yn de nije gemeente is in grut oantal kulturele ferieningen aktyf. Elke kearn hat ien of meardere harmonyen of fanfares. Ek hawwe 15 plakken in skutterij.
parochytsjerken Elk tsjerkedoarp hat in parochy mei in eigen parochytsjerke. De parochytsjerken binne:
Onze-Lieve-Vrouw Onbevlekt Ontvangetsjerke yn Amstenrade Sint-Lambertustsjerke yn Bingelrade Sint-Jozeftsjerke yn Doenrade Sint-Clemenstsjerke yn Hulsberg Sint-Gertrudistsjerke yn Jabeek Sint-Clemenstsjerke yn Merkelbeek Sint-Bavotsjerke yn Nuth Sint-Lambertustsjerke yn Oirsbeek Sint-Petrus Canisiustsjerke yn Puth Sint-Remigiustsjerke yn Schimmert Sint-Dionysiustsjerke yn Schinnen Sint-Eligiustsjerke yn Schinveld Pius X-tsjerke yn Schinveld Sint-Dionysius en Odiliatsjerke yn Sweikhuizen Sint-Servatiustsjerke yn Vaesrade Sint-Stefanustsjerke yn Wijnandsrade
Fierder binne der yn de gemeente in grut oantal dykkrussen en kapellen. Ek binne der ferskate kleasters. Foarbylden bin it Landgoed Aalbeek en it Klooster Ravensbosch.
Sjoch ek List fan gemeentlike monuminten yn Beekdaelen List fan kriichsmonuminten yn Beekdaelen List fan ryksmonuminten yn Beekdaelen
Kategory:Gemeente yn Limburch (Nederlân) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019