Star Wars: Tales of the Jedi, ek wol koartwei Tales of the Jedi neamd, is in Amerikaanske tekenfilmsearje fan 6 ôfleverings, dy't yn oktober 2022 fia Disney+ útbrocht waard. De searje makket diel út fan 'e Star Wars-franchise en heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Ferhalen fan 'e Jedi". Star Wars: Tales of the Jedi kin yn 'e ynterne gronology fan Star Wars pleats wurde foarôfgeande, ûnder en nei de films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Der wurde twa ferhaallinen folge: ien oer Ahsoka Tano, dy't har ta Jedi-ridder ûntjout, en in oarenien oer de fal fan greve Dooku nei de dûnkere kant fan de Krêft. De slotôflevering is loskes basearre op 'e roman Star Wars: Ahsoka, fan E.K. Johnston út 2016.

Untstean Wylst er reizen makke nei de opnamelokaasjes fan 'e live action-Star Wars-tillefyzjesearje The Mandalorian, begûn Dave Filoni, it haad fan 'e tekenfilmstudio Lucasfilm Animation, koarte ferhalen te skriuwen oer ferskate Jedi-personaazjes út it tiidrek fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Carrie Beck, de ûnderdirektrise foar ûntwikkeling en produksje by Lucasfilm, frege him oft er dy ferhalen net omsette woe yn in tekenfilmsearje. Der wie nammentlik jild beskikber foar in nije produksje, foar Disney+, fan Filoni syn eardere searje Star Wars: The Clone Wars, dy't oer itselde tiidrek yn it Star Wars-hielal giet. Yn april 2022 waard sadwaande de produksje fan Star Wars: Tales of the Jedi oankundige.

Produksje Star Wars: Tales of the Jedi waard ûntwikkele troch Dave Filoni. Alex Spotswood en Josh Rimes wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm en dochterûndernimming Lucasfilm Animation. Yn 'e mande mei Athena Yvette Portillo en Carrie Beck hie Filoni as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. De titelmuzyk en de soundtrack wiene it wurk fan Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan tema's út 'e filmmuzyk dy't John Williams komponearre hie foar de films fan 'e Skywalker Saga. De distribúsje fan Star Wars: Tales of the Jedi waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. Alle 6 ôfleverings fan it earste seizoen fan 'e searje waarden op 26 oktober 2022 yn ien kear útbrocht fia de streamingtsjinst Disney+.

Utgongspunt fan 'e plot Dave Filoni omskreau Star Wars: Tales of the Jedi as in searje dy't "twa paden en twa [ferskillende] karren" ferkent. De seis ôfleverings omfetsje sadwaande twa ferhaallinen, mei trije ôfleverings oer Ahsoka Tano en de oare trije oer greve Dooku. Dêrby wurde de beide personaazjes op ûnderskate punten fan harren libbens toand. Ahsoka Tano en greve Dooku beskikke allebeide oer Krêftgefoelige fermogens en ûntjouwe har allebeide ta Jedi-ridders. Ek reitsje se allebeide op in stuit desyllúzjonearre mei de Jedi Oarder en keare se dy organisaasje de rêch ta. Mar wylst greve Dooku him oerjout oan 'e dûnkere kant fan 'e Krêft en de learling en hantlanger fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious wurdt, hâldt Ahsoka oan mei it neistribjen fan it goede, al siket se dêrfoar har eigen paad bûten de Oarder.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Jedi-ridder Ahsoka Tano Ashley Eckstein Sith-ridder greve Dooku Corey Burton

byrollen personaazje                             akteur/aktrise Pav-ti Tano, Ahsoka har mem Janina Gavankar Jedi-master Mace Windu T.C. Carson Jedi-master Qui-Gon Jinn Liam Neeson de jonge Qui-Gon Jinn Micheál Richardson Jedi-master Yaddle Bryce Dallas Howard Sith-master Darth Sidious Ian McDiarmid Jedi-master Anakin Skywalker Matt Lanter Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor senator Bail Organa Phil LaMarr kaptein Rex Dee Bradley Baker in ynkwisiteur Clancy Brown senator Dagonet Mark Rolston Dagonet jr. Josh Keaton Nak-il Sunil Malhotra Gantika Toks Olagundoye Jedi-master Ki-Adi-Mundi Brian George argiviste Jocasta Nu Flo Di Re Semage Terrell Tilford senator Larik Theo Rossi Hanel Andrew Kishino doarpsâldste Vanessa Marshall alle kloansoldaten Dee Bradley Baker N.B.: Jedi-masters Yoda, Plo Koon, Saesee Tiin en Depa Billaba, Billaba har padawan Caleb Dume en senator Mon Mothma komme wol yn 'e searje foar, mar hawwe gjin dialooch.

Seizoenen seizoen tal ôfl. útbrocht op netwurk1626 oktober 2022 Disney+

Untfangst en resultaat Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Wars: Tales of the Jedi oer it algemien tige positive resinsjes. Sa neamde Kevin Fox jr. yn it tydskrift Paste de searje "ferrassend en krêftich", en joech er der in 8,2 op in skaal fan 1 oant 10 foar. Jamie Lovett fan 'e webside ComicBook.com parte Star Wars: Tales of the Jedi in 4 ta op in skaal fan 1 oant 5. Hy neamde de seis ôfleverings "moai, oangripend en mei in ferrifeljende djipgong yn ferhâlding ta de koarte spyldoer".

Keppelings om utens Star Wars: Tales of the Jedi op Disneyplus.com De titelmuzyk fan Star Wars: Tales of the Jedi op YouTube Ynformaasje oer Star Wars: Tales of the Jedi yn 'e Internet Movie Database

Tales of the Jedi Kategory:Amerikaanske tekenfilmsearje Kategory:Amerikaanske science fiction-searje Kategory:Amerikaanske aventoeresearje Kategory:Amerikaanske aksjesearje Kategory:Amerikaanske fantasysearje Kategory:Science fiction-aventoeresearje Kategory:Science fiction-aksjesearje Kategory:Science fiction-fantasysearje Kategory:Science fiction-tekenfilmsearje Kategory:Aventoeretekenfilmsearje Kategory:Aksjetekenfilmsearje Kategory:Fantasytekenfilmsearje Kategory:Ingelsktalige telefyzjesearje Kategory:Fiktyftalige telefyzjesearje Kategory:Telefyzjesearje út 2022 Kategory:Telefyzjesearje fan Lucasfilm Kategory:Telefyzjesearje oer romtefeart Kategory:Telefyzjesearje oer bûtenierdske wêzens Kategory:Telefyzjesearje oer robots Kategory:Telefyzjesearje oer tsjoenderij Kategory:Telefyzjesearje oer in oarloch Kategory:Telefyzjesearje oer in opstân