Aksel Lund Svindal (Lørenskog, 26 desimber 1982) is in earder Noarsk skyer.
Svindal, dy’t yn 2001 debutearre, die fjouwer kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010, 2014 en 2018). Hy waard yn 2010 Olympysk kampioen op de super-G en yn 2018 op de ôfdaling. Hy waard ek fiif kear wrâldkampioen, twa kear op de ôfdaling, (2007 en 2013), twa kear op de kombinaasje (2009 en 2011) en 2007 waard er ek noch kampioen op de reuzeslalom. Yn 2014 rekke Svindal blesearre oan syn skonk, en moast alle wrâldbekerwedstriden fan it seizoen 2014-2015 oan him foarby gean litte, mar rekke dêrnei nochris twa kear slim blessearre. Nei it wrâldkampioenskip fan 2019 hold Svindal op mei skyen op heech nivo.
Kategory:Noarsk skyer Kategory:Noarsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1982