Lara Gut-Behrami (Sorengo, 27 april 1991) is in Switsersk skyster. Gut-Behrami docht as allrounder mei oan alle ûnderdielen útsein fan de slalom, mei har sterke punten yn de ôfdalingen en super-G. Gut hat acht kear in WK-medalje wûn (twa gouden, trije sulveren en trije brûnzen). By de Olympyske Winterspullen yn Peking waard se Olympysk kampioene op de super-G. Sy behelle yn 2022 ek noch in brûnzen medalje op de reuzeslalom, nei't se yn 2014 ek al ris in brûnzen medalje wûn hie op ôfdaling yn Sotsji. Gut boaske yn juny 2018 mei de Switserske fuotballer Valon Behrami.

Kategory:Switsersk skyer Kategory:Switsersk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1991