Charles Henry Jewtraw (Clinton County, New York 5 maaie 1900 - Palm Beach, 26 jannewaris 1996) wie in Amerikaansk reedrider. Charles Jewtraw wûn op de Winterspullen fan 1924, dy't yn Chamonix holden waarden, de gouden medalje op de 500 meter. Om't dit de earste wedstriid op dizze earste Winterspullen wie, waard er dermei ek de earste olympysk kampioen by de Olympyske Winterspullen. De Olympyske Spullen fan Chamonix wie it iennige ynternasjonale toernoai dêr't Jewtraw oan meidie. Nei de spullen hold Jewtraw op mei it reedriden op heech nivo, en waard fertsjintwurdiger foar in bedriuw yn sportartikels. Charles Jewtraw ferstoar op 26 jannewaris 1996, yn 'e aldens fan 95 jier.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 44,026 jannewaris 1924 Stade Olympique de Chamonix, Chamonix1500 meter2.31,627 jannewaris 1924 Stade Olympique de Chamonix, Chamonix5 km9.27,026 jannewaris 1924 Stade Olympique de Chamonix, Chamonix
Kategory:Amerikaansk reedrider Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1996