De Eerste Prijs (Earste Priis) wie in Nederlânske priis foar opfallend jong talint yn 'e sektor ferdivedaasjekeunst en amusemint dy't alle jierren útrikt waard. De priis bestie sûnt 1978 en waard mooglik makke troch SNS REAAL Fonds. Fanwegen de tabakswet waard de namme fan 'e priis wizige. De âlde namme wie de Pall Mall Exportprijs, dit waard earst de British American Tobacco Prijs. De lettere namme waard fan 2006 ôf brûkt oant 2010, it lêste jier dat de priis útrikt waard.

It doel fan de priis wie om de ûntwikkeling fan jonge artysten te befoarderjen. De winner krige 15.000 euro en in replika fan in byld fan Yvonne Kracht.

Sjueryleden De earste sjuery bestie út Wim Bary (foarsitter), Jasperina de Jong, Jip Golsteijn, Dick Kooiman, Hans van Willigenburg en Simone de Waard. Letter bestie de sjuery út: Hans van Willigenburg Martine Bijl Merijn Henfling Koen van Dijk Simone de Waard

Winners thumb|Jasperina de Jong rikt de priis út oan Annemarie Henselmans (1982) 1979: Heddy Lester en Frank Affolter 1980: Margriet Eshuijs 1981: Annemarie Henselmans 1982: Purper en Lori Spee 1983: Jan Mesdag 1984: Karin Bloemen 1985: Hans Liberg 1986: Marjolein Sligte 1987: Sytha Bolt en Tetske van Ossewaarde 1988: Montezuma's Revenge 1989: Alexandra van Marken 1990: Marjolijn Touw 1991: Vera Mann 1992: Job Schuring 1993: Stef Bos 1994: Lenette van Dongen 1995: Comedytrain 1996: Remko Vrijdag 1997: Trijntje Oosterhuis 1998: Thomas Acda 1999: Lottie Hellingman 2000: Marc-Marie Huijbregts 2001: Alex Klaasen & Martine Sandifort 2002: Maike Boerdam 2003: Ashton Brothers 2004: Wende Snijders 2006: Daniël Samkalden 2007: Wouter Hamel 2009: Roosbeef 2010: Caro Emerald

Kategory:Nederlânske keunstpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1978 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2010